Marijetsjerke (Winsum)
De Marijetsjerke (offisjele namme Frysk; Nederlânsk: Mariakerk) is in tsjerkegebou fan 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân dat stiet yn Winsum, yn 'e Fryske gemeente De Waadhoeke (foarh. Littenseradiel). De tsjerke sels is gjin ryksmonumint, mar it stek om it tsjerkhôf hinne wol. De Marijetsjerke is ien fan 'e trije tsjerkegebouwen fan 'e eardere Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke dy't yn gebrûk binne by de protestantske Streekgemeente Lank-Meamert (de oare beide binne de herfoarme tsjerke fan Baard en de Margaretatsjerke fan Easterlittens).
Marijetsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Winsum | |
adres | Tsjerkebuorren 1 | |
koördinaten | 53°09′10″ N 5°37′58″ E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerke | |
subtype | sealtsjerke | |
boujier | 16e iuw; toer 1880 | |
monumintale status | stek om tsjerkhôf is ryksmonumint | |
monumintnûmer | 8527 |
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe Marijetsjerke stiet op in terp oan 'e Tsjerkebuorren, ien fan 'e beide histoaryske buorrens fan Winsum (de oare is de Brêgebuorren). It is in sealtsjerke mei in trijesidige koarsluting, wêrfan't de (readstiennene) kearn út 'e sechstjinde iuw datearret en de (gielstiennene) noardgevel út 'e achttjinde iuw.
Omtrint 1880 waard de tsjerke ommitsele en doe waard ek de sealdaktoer ferfongen troch in flakopgeande toer mei in ynsnuorre toerspits. It stek om it tsjerkhôf hinne, dat út dyselde tiid datearret, hat sûnt 1983 de status fan ryksmonumint. It oargel út 1875 is makke troch Willem Hardorff. By in renovaasje yn 1977 binne ferskate âlde eleminten út 'e tsjerke ferfongen; mooglik dat dat de reden is dat de tsjerke sels gjin monumintale status hat.
Nei in restauraasje dy't twa jier duorre, is de Marijetsjerke op 28 septimber 2001 wer yn gebrûk nommen. By dy restauraasje, dy't €130.000 koste, waard û.m. de houten flier ferwidere dy't sûnt de santiger jierren de âlde stiennene grêfsarken bediek.
Gallery
bewurkje seksje-
Tsjerkhôf en tsjerke.
-
Tsjerkhôf en tsjerke.
-
De oarskleurige noardgevel.
-
De toer.
-
It oargel.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|