May Thai, echte namme ûnbekend (Triëst, 24 desimber 1997), is in Italjaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Taisk komôf. Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e skûlnamme Ayshana, wylst har gongbere artystenamme wol misstavere wurdt as Mai Thai. Hja sette yn 2016 útein mei in wurkpaad yn 'e Jeropeeske pornoyndustry en spile yn frijwat films.

May Thai
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Mai Thai, Ayshana
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Italjaansk
berne 24 desimber 1997
berteplak Triëst (Itaalje)
etnisiteit Taisk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2016 – no
offisjele webside
n.f.t.

Libben en karriêre bewurkje seksje

May Thai waard yn 1997 berne yn 'e Noarditaljaanske stêd Triëst,[1] út etnysk Taiske âlden. Yn 2016, doe't se 19 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se tsjin begjin 2019 yn 44 films spile, hoewol't dêrby oantekene wurde moat dat de IAFD in Amerikaanske database is, dy't inkeld bûtenlânske films opnimt ynsafier't dy't yn 'e Feriene Steaten útbrocht binne.

Thai is benammen aktyf yn 'e Jeropeeske pornoyndustry, en hat benammen wurke foar LegalPorno.com, in pornowebside op it ynternet. Dêrnjonken hat se sporadysk ek warber west foar sokke foaroansteande Amerikaanske labels as Wicked Pictures en Evil Angel, foar it Kanadeeske Mile High Media en foar de Amerikaanske pornowebside Reality Kings. Under har karriêre hat Thai gearwurke mei kollega-aktrises as Jureka del Mar en mei manlike tsjinspilers as Brandon Iron en Rocco Siffredi.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

May Thai is mongolide, mei brune eagen en swart hier, dat lykwols troch fervjen of miskien ferkleuring troch de sinne gauris brún liket. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei in gewicht fan 52 kg, en in natuerlike kupmaat 34B. Thai hat gjin tatoeaazjes. Behalven de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se inkeld in piercing troch de hûd fuort boppe de skamstreek.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Biografyske gegevens fan May Thai op FreeOnes