Sipke Hoekstra
Wolkom by Wikipedy, de Fryske ferzje fan Wikipedia. Ynformaasje op de Wikipedy is frij en fergees te brûken. Foar jo gemak stiet boppenoan de side - rjochtsboppe of lofts - in sykfunksje. Jo kinne ek Google brûke om op de Wikipedy te sykjen.
De Wikipedy jout gjin garânsjes foar de krektens fan de ynformaasje dy't jo fine, omdat elts frij is om ynformaasje ta te foegjen en te feroarjen. As jo sels kennis op hokfoar mêd dan ek diele wolle mei oare Friezen, dan kinne jo dy hjir spuie! Fragen en opmerkings kinne jo kwyt op de oerlisside. De Fryske Wikipedy hat op it stuit 54.785 siden. Help mei oan Wikipedy. Hoe? Klik hjir! |
Hinke Veenstra
bewurkje seksjeHinke Veenstra is in Fryske fotografe, dichter en tekstskriuwster. Hja waard berne op 10 oktober 1958 in Garyp, as dochter fan de Fryske skilder en dichter Sipke Veenstra (1924-2002) en Siebrigje Bos (1926-1991).
Hinke Veenstra’s wurk stiet yn it teken fan har sykjen nei de betsjutting ‘efter de dingen’. Har wurk is in úting fan it intuïtieve, naïeve en pure sjen nei en belibjen fán de wrâld.
Har fotografy nimt it deistiche sintraal, mar jout de taskôger dêryn faak een ûndeistiche ynvalshoeke.
As tekstskriuwster skreau hja Fryske songteksten en sette hja in soad songteksten oer. Guon brochten it ta radiohits, lykas Rare Fûgel, een hit fan de Fryske Bluesband De Healers. Hinke Veenstra skriuwt Fryske gedichten en koarte ferhalen, mar skriuwt en set ek berneferhalen oer, faak ynspirearre troch har beppesizzers en it deistiche. Hinke Veenstra wennet en skept yn Drachten.
In resint gedicht fan Hinke Veenstra:
- Op de weagen fan de see
- Op de weagen fan de see
- lit ik my widzje
- as in bern
- De see fan alle talen
- lústert wylst
- hy him hearre lit
- Wit wannear
- hy swije moat
- Gjin see te heech
- ek al stiet it wetter
- him oan de lippen
- Hy jout gjin krimp
- ....hy bliuwt himsels
©Hinke Veenstra,
Drachten, 15-08-2014
Boarnen
bewurkje seksjeAchte Hoekstra. Ik mis objektive boarnen by it artikel Hinke Veenstra. Sa't it no is hat it tefolle wei fan promoasje troch frou Veenstra sels of famylje fan har. Dat moat oars. It artikel Sipke Veenstra (dy't ik oars in tal kearen moete en sprutsen haw) haw in in bytsje oanfold, it kin sa wol. It soe moai wêze at jo in foto fan him ta foldwaan fan Wikipedy jaan woene. Groetnis. Drewes (talk) 9 okt 2014, 17.04 (CEST)
- Achte Drewes, tank foar jo berjocht. Hinke Veenstra is myn mem. Hja is moarn jierdiei. Foar Pake Sipke Veenstra woe ik al langer in side meitsje en sa kaam dit, foar mem, yn my en in freondinne op, as ferrassing. Ik sil sjen dat ik gau wat objective boarnen fyn. It soe moai wêze as ik dêr wat dagen de tiid foar krij, want ik gean in pear dagen fuort. Wat Pake oanbelanget: wat moai dat jo him sprutsen hawwe! Wannear wie dat? En ja, ik haw wol spul digitaal, ik sil dat der oare wike op sette. Groetnis,
Sipke.
- Moai Hoekstra, take your time. Ik bin benijd. Drewes (talk) 9 okt 2014, 23.20 (CEST)