Meidogger oerlis:Wutsje/Argyf

Lêste reäksje: 10 jier lyn troch Wutsje by it ûnderwerp False license statements?

Werom

Ulrik Huber

bewurkje seksje

Dei Wutsje. Jo wienen lêstendeis handich yn it sichtber meitsjen fan in âlde kaart dy't fan in oare Wikipedia kaam en hjir net te sjen wie. Soenen jo ris sjen wolle oft dat ek kin by it ôfbyld by it artikel oer Ulrik Huber? Of is hjir neat oan te dwaan? Groetnis, --Swarte Kees 20 feb 2009, 09.48 (CET)Beäntwurdzje

Sa't Jelle al sei: it wol net, want it plaatsje is allinnich op de Dútske wiki frijjûn. It is dus in lisinsjekwestje. Gr, Wutsje 20 feb 2009, 09.57 (CET)Beäntwurdzje
Dat seach ik wat te let. Ik no in fersyk dien oan it UH-ynstitút om byldmateriaal te stjoeren.--Swarte Kees 20 feb 2009, 10.22 (CET)Beäntwurdzje
At dat ôfbyld trije ieuwen âld is, dan is it wol frij-brûkber. At it allinnich foar in bepaalde wikipedy beskikber wie, dan wie der in oare betingst op, dat dan hie it foar de: ek gjin gaadlike lisinsje. Aliter 10 mrt 2009, 02.15 (CET)Beäntwurdzje
Fansels, mar dêr wurdt dus blykber net oeral itselde oer tocht, want it plaatsje op dizze wiki pleatse wol op dit stuit stomwei net. Wat we al dwaan kinne, is it plaatsje gewoan op fy:wiki delsette. Ik kin my yndied ek net yntinke dat der noch rjochten op sitte - en wy meie op dat mêd fansels bêst ús eigen belied meitsje. Wutsje 10 mrt 2009, 06.08 (CET)Beäntwurdzje
It docht bliken dat wy yndie wat ús eigen belied hawwe: Commons moat in help wêze; wêr't it dat net is sette wy ôfbylden lokaal. Aliter 10 apr 2009, 01.04 (CEST)Beäntwurdzje

Kabouter pimpelnoas

bewurkje seksje

Jûn Wutsje, mei soks soart gefallen dêr hâld ik mei einliks net sa dwaande. Ik ha myn eigen putsjes, lês mei en helje tikflaters fuort. En fierders besykje ik it fandalisme wat tsjin te holden. Mei dat soart fragen kinst neffens my better by Aliter of Theun terjochte, dat binne mannen fan it earste oer. Do soest it ek foarlizze kinne op de mienskiplike oerlis side. Gr. --Geoffrey 5 mrt 2009, 22.59 (CET)Beäntwurdzje

Tank, ik sil it ris op de oerlisside delsette. Gr, Wutsje 6 mrt 2009, 00.10 (CET)Beäntwurdzje

Donaasjes

bewurkje seksje

It is goed as Wikipedy:Donaasjes bywurke wurdt, sa is it net, mar witte wy dat donaasjes oan de FWN brûkt wurde "foar aktiviteiten dy't frije en frij tagonklike ynformaasje befoarderje, foar stipe oan Wikimedia-projekten yn it Nederlânske taalgebiet (ek foar de wat lytsere, sa as dizze Wikipedy)", as is dat allinnich harren reklame? Aliter 10 mrt 2009, 21.56 (CET)Beäntwurdzje

De WMF hat de VWN erkend as ien fan har local chapters ([1]) en stiet ek ta dat dêr jild oan skonken wurdt. Boppedat hâldt de WMF tafersjoch op wat der dan mei dat jild dien wurdt: der binne regels foar hoe't it útjoen wurde mei ([2]). Allinnich reklame is it dus net. (Ien fan de nije projekten dy't de donaasjes oars mei opsmiten hawwe is bygelyks dizze. Faaks kin fy:wiki dêr noch ris wat oan hawwe). Gr, Wutsje 11 mrt 2009, 03.27 (CET)Beäntwurdzje

Keunst

bewurkje seksje

Hoi Wutsje, ik probeer wat orde in de kunsthoek te brengen. Ik zie dat de indeling in categorieën (inclusief sortering op familienaam) niet overal even handig is verlopen. Kunstenaars worden gewoon in Kategory:Keunst geplaatst, terwijl er subcategorieën voor hen zijn. (Misschien zijn die later aangemaakt?) Er is een Kategory:Frysk keunstner en een Kategory:Fryske keunstner, de eerste wordt niet gebruikt. Daarnaast is er een Kategory:Strip en een Kategory:Strips. Is er ook een Friese variant van nuweg of samenvoegen of iets dergelijks? Het artikel Gerrit Brennerpriis bestaat naast Gerrit Benner Priis, lijkt me ook een beetje overbodig. Kun jij daar wat aan doen? Gr. Ronn 20 mrt 2009, 10.21 (CET) PS Antwoord gerust in het Frysk, daar leer ik weer van. ;-)Beäntwurdzje

Dei Ronn, wat dy keunstners oanbelanget, dat is yndied in grutte gribus. Ik haw dat hjir ek al ris opmurken, mar dêr kaam doe neat út. Om my soe it allegear "Frysk keunstner" wurde meie. Faaks is it wat en stel dizze kwestje dêr (noch)ris oan de oarder.
In Fryske ferzje fan Samenvoegen is my op dit stuit net bekend, mar der is al in Wiskwarskôging. It is de bedoeling dat de side wêr't it om giet nei it pleatsen fan dat berjocht ek efkes delsetten wurdt op Wikipedy:Siden wiskje. Hoe't it dan fierder giet, stiet op dy side: it wiist him fansels.
Groetenis, Wutsje 20 mrt 2009, 15.32 (CET)Beäntwurdzje

Default sort

bewurkje seksje

Wat wie krekt jo idee mei it weiheljen fan goede sortearings, lykas by Theun de Vries, en dan yn stee dêrfan defaultsort te brûken? En fierders moatte wy it ek ris hawwe oer Gysbert Japicxhûs, Rixt (dichteresse), Jan Lammers (sprinter)‎ en Lútsen Wagenaar ensfh. Aliter 3 apr 2009, 01.03 (CEST)Beäntwurdzje

Dei Aliter, yn it algemien is myn idee dêrby: nammen fan persoanen binne op fy:wiki de iene kear op foarnamme sortearre, mar de oare kear op efternamme. It lêste is ornaris doch wol gebrûklik, dat dêr woe ik wat ienheid yn bringe, sa't Ronn dat fan de wike ek mei hiel wat keunstners dien hat.
Wat Theun de Vries oanbelanget: ik haw de goede sortearing net weihelle, ik haw dy allinnich in oare foarm jûn, om sa foar te kommen dat as der noch in kategory oan it lemma tafoege wurdt (ik neam mar wat: Kategory:Feanwâlden, wêr't de man berne is), dat dan deselde sortearing der net ûnnedich meardere kearen by komt te stean (sa't bygelyks hjir it gefal wie). Yn in letter stadium woe ik ris besjen wat kategoryen hjir en dêr noch by setten wurde kinne, sa't ik no al Kategory:Grou by Rixt delsetten haw. Dat dêr oars no "dichteresse" by stiet, is (a) omdat it lemma sa hjit en (b) foar it ûnderskied mei Rixt (famkesnamme).
Oer it Gysbert Japicxhûs: dat fûn ik sels ek in twifelgefal, mar omdat Gysbert Japiks neffens my doch wier wol ûnder de J heart, like it my wol konsekwint om it hûs dêr dan ek by te setten, sadat dizze artikels (bygelyks yn de Kategory:Boalsert) moai by inoar stean.
As it al de bedoeling is dat it "systeem" fan it hjir op foarnamme en dêr op efternamme sortearre sa bliuwt, dan fernim ik dat graach. Ik hie wier net tocht dat it in probleem wêze soe en doch dêr wat oan. Groetenis, Wutsje 3 apr 2009, 02.25 (CEST)Beäntwurdzje

Ja, ik begryp wol dat jo it sortearren ferbetterje woenen; mar it gong my der om dat it op guon siden neat ferbettere.

Earst efkes: Jo binne dúdlik in meidogger mei ûnderfining, mar dy ûnderfining is wol foar in grut part op in oare wikipedy. Op nl: wurde dingen faak hiel oars dien; ek oars as wat jo graach hienen, haw ik it idee. Mar dit is sa'n foarbyld dêr't men op de Fryske Wikipedy wat minder regelich is: At de fouten der mar út binne ... . Siden hoege net beslist oanpast te wurden at dat de lêsbere tekst net feroaret; siden hoege net daalks fuort at dy net daalks in probleem binne - dat is wat hoe't dizze wikipedy rint.

No oer defaultsort: Sjoch, at men defaultsort brûkt foar ien kategory, dan wurdt ynformaasje dy't op ien rigel stean kin ferspraat oer twa rigels. Dat, troch it brûken fan defaultsort wurde de kategoryen krekt wat minder dúdlik. Dat jildt ek by mear kategoryen, fansels, mar dan is der it foardiel dat dúdlik oanjûn wurdt dat alle keppelings itselde sortearre wurde. Dat is wêrom ik defaultsort by ien kategory net sjoch as in ferbettering.

Dat wie Theun de Vries. Dan it Japicxhûs, Gysbert: It kin wêze dat it ris in doel hat en sortearje it hast gelyk oan Japiks, Gysbert, mar Gysbert Japicxhûs is net in persoansnamme, dat almeast sil men oannimme dat it hûs ûnder de G stiet. Ik wit wêrom Rixt (dichteresse) in tafoeging hat, mar wêrom stiet dy derby by de defaultsort? Mei dy tafoeging is de sortearring net oars as oars, dat dan is dy defaultsort oerstallich. Foar Lammers (sprinter), Jan, jildt dat ik oannim dat er foar Lammers, Abe sortearre wurde sil; faaks net hoe't it wêze moat. Wagenaar, Lútsen per slot, komt nei Wagenaar, Lutske.

It kin wêze dat net al dy problemen oplost wurde kinne, mar it liket my al dat der ris nei sjoen wurde moat. Dat mei ek gewoan op de Oerlisside; dat noeget wat mear minsken út der ris harren tinzen oer gean te litten. Aliter 10 apr 2009, 01.04 (CEST)Beäntwurdzje

Earst mar efkes oer dy defaultsort: dat wie ek in spultsje fan: ik bin der no om te sortearjen op efternamme, dus doch ik dit tagelyk ek mar efkes. Mar jo hawwe fansels gelyk dat in defaultsort tafoege oan in lemma dat noch mar yn ien kategory stiet net folle doel hat, ek al is dat "op de groei". Rixt, Lammers: net oer neitocht, ik bin stomwei wend om de titel fan it lemma yn de defaultsort te setten, mar dat hoecht yndied net altyd. Lutsen yn stee fan Lútsen: it sortearjen fan wurden mei diakrityske tekens kin problemen jaan, omdat yn Unicode bygelyks de u foar de z, mar de z foar de ú komt (sjoch hjir), dat om dy foar te kommen lit ik dy aksinten altyd fuort. Mar soks kin fansels ek - en better, tink ik no - pas dien wurde as blykt dat it mis giet. Mei oare wurden: ik sil tenei de kop wat better brûke en by twifel earst oerlizze.
Dat fy:wiki net sa regelich en hastich is as mei namme nl:wiki, dêr bin ik yndied allinnich mar bliid om - mar sa't jo sizze, ik haw dêr al mear ûnderfining. Dan is it dus earst wat ôftaaste en wenne oan dat it hjir (gelokkich) oars giet. Dat eat wat net yn it paad sit en ek net in echt probleem is in tiid stean bliuwt: neat mis mei. It iennige dat my noch altyd wol wat fernuvert is dat klearebare ûnsin ek lang te sjen is. Siden as Oerlis:Tsjirk (dúdlik fandalisme); MediaWiki_oerlis:Newpages-username (in fandalistyske bewurking fan in soart wêrt't we by it SWMT by riten de hannen fol oan hawwe: fan in bot, altyd mei in iepen proxy, altyd itselde patroan - sjoch de oare bewurkings fan dit ip-adres en dan bygelyks hjir, hjir en hjir); of Paul Boonstra (kin bêst ris cybernarje - is dat Frysk? - wêze, immen mei dizze namme stiet sa no al wikelang boppe-oan yn Google) - sok guod mei om my direkt fuort.

At de titel fan in side fuort moat, dan ornaris mar daalks. At de tekst in probleem is, dan skriuwe wy gauris de wiskwarkôging net bopee de tekst mar yn it stee fan de tekst; dan hoecht der fierders neat bysûnders dien te wurden. It foardiel fan dizze manear foar it ôfhanneljen is dat nei de heale moanne dy't der altiten tusken sitte sil, ornaris ek de fandaal fuort is. Aliter 11 apr 2009, 02.23 (CEST)Beäntwurdzje

Noch wat oars: ik soe wol ris in meidogger-gearkomste fan fy:wiki hâlde wolle, om inoar ris te moetsjen, mar foaral ek om it ris yn it algemien oer de wiki te hawwen. Tinzen genôch oer wat we der allegear noch mear mei dwaan kinne soenen. Hjirboppe neamde ik al dat de VWN tsjintwurdich wat jild útlutsen hat foar sabeare lytse projekten. We meie wat harren oanbelanget wol earne in sealtsje hiere, dan hoege we net yn it kabaal fan in kroech te sitten. Soe dat wat wêze? Groetenis, Wutsje 10 apr 2009, 20.41 (CEST)Beäntwurdzje

Ja, foar jild foar in sealtsje moat it mear wêze as allinnich in maaiesûpke. Oarsom wit ik net at it al te formeel moat. Mar fiel jo frij en skriuw der oer op de Wikipedy:Oerlisside. Aliter 11 apr 2009, 02.23 (CEST)Beäntwurdzje

Nee, al te formeel moat soks fansels net, in moai balkon mei útsjoch oer it wetter soe om my noch folle moaier wêze - it giet my mei namme om de rêst. Mar ik sil ris neitinke oer in foarstel. Wutsje 11 apr 2009, 14.56 (CEST)Beäntwurdzje

Fertrek

bewurkje seksje

Krekt: In fertrek is part fan in bouwurk. At Mulder syn fertrek "oankundige" hat, dan moat it bouwurk grif noch oplevere wurde. Aliter 4 apr 2009, 02.56 (CEST)Beäntwurdzje

:-)   Groetenis, Wutsje 4 apr 2009, 04.05 (CEST)Beäntwurdzje

Behearder

bewurkje seksje

No't ik dat allegear sein haw kom ik der einliks oan ta om jo behearder te meitsjen. Dat, no hoege jo net hieltyd mear ôf te wachtsjen oant oaren op de wiki komme, mar kinne jo it daalks sels dwaan. Sa't jo witte komme dêr al mear ferantwurdlikheden mei mei:

Underhâld
Behearders dogge it ûnderhâld dat oare meidoggers net dwaan kinne, en hâlde it each op Wikipedy:Siden_wiskje#Siden_dy't_fuortendalik_wiske_wurde_moatte en op Wikipedy:Titels feroarje.
Andert
Op de Oerlisside wurde no en dan fersiken skreaun, dy't de behearders dan ôfhandelje moatte.
Selsbehearsking
Besykje en hâldt de holle koel at de sitewaasje hyt wurdt.
Skriuwe
It behear hoecht net troch ien persoan dien te wurden; sykje in lykwicht dêr't jo der noch by oan ta komme om de ynhâld fan de Wikipedy ek te ferbetterjen.

Dat de wikipedy mar grutter en better waakse mei, mei jo as ien fan de behearders. Aliter 10 apr 2009, 01.04 (CEST)Beäntwurdzje

Lokwinske mei jo 'nije pet' fan behearder! In treflike kar, en dat de wikipedy der mar in soad wille fan hawwe mei! Groetnis,--Swarte Kees 10 apr 2009, 10.12 (CEST)Beäntwurdzje
Tige tank foar it betrouwen. Ik wit tink ik wol aardich wat der al en net fan in behearder ferwachte wurdt en ik sil myn bêst dwaan - better kin ik it net sizze. En wat it skriuwen oanbelanget: as it der op oan komt is dat doch it moaiste fan alles, dat dêr sil ik my net fan wjerhâlde litte. Groetenis, Wutsje 10 apr 2009, 20.41 (CEST)Beäntwurdzje

Tige tank

bewurkje seksje

Tige tank foar it wolkom Wutsje. Ik sil no even oan 'e slach. Ik ha mei de tiid ek Frysk skriuwen leard en ik hoopje dat de artikels dêr't ik wat yn omwrot flaterfrij bliuwe. De Fryske 'Wikipedy' groeit moai sa! Ik sil wat dwaan oan de ynhâld fan besteande siden. --Blautosk 15 apr 2009, 19.18 (CEST)Beäntwurdzje

Dan mar yn 't foar tank foar jo bydragen! Oer de flaterkes soe ik my mar net al te drok meitsje, we hâlde inoar hjir wat dat oanbelanget wol aardich skerp. Groetenis, Wutsje 15 apr 2009, 19.23 (CEST)Beäntwurdzje

Achte Wutsje,

bewurkje seksje

Tank foar de wize dêr't jo op reagearre hawwe op myn 'eigenwizens'. Bytiden haw ik ferlet en folje de teksten oer De Tynje fierder oan. Dat ik haw der hjoed ek yn sitten te griemen.

Der is my al frege oft ik wol it ûnderleine rjucht fan feroarjen ha. Dêr kin ik mar twa arguminten foaroer sette.

1. Foar myn besef haw ik 23 jier lang mei kop en earen yn it Tynster libben en barren stien. In gelok is dat -ek neffens de lju om mei hinne- myn ûnthâld noch net te lijen hân hat. Benammen as it de skiednis oant 1955 ta belanget, haw ik net te klijen.

2. Troch stúdzje, ambysje en ynteresse bin ik -ek as eartiidsk publisist- wend en skriuw net samar wat del. Boarnen dy't ik graach brûk, binne:

  S.J. van de Molen   - Opsterlân, 1977
  Kerst Huisman       - Opstand in de turf, 1981
  Grote Historische Provincie Atlas (Wolters-Noordhoff, 1992)
  .Topologisch bureau
   van 'Defensie'     - Etappe-kaart Friesland 1:20.000, 1848
  .idem               - Friesland 1:25.000, 1853-1856

Ik bin der net wis fan oft ik noch tiid en nocht haw en set my yn foar it beskriuwen fan de Tynster skiednis. Oan de oare kant fiel ik my de fingers wolris tûkerjen. Sa hjit de feart út 1850 fan De Gordyk, dwers troch Terwispel, om De Tynje hinne op De Ulesprong ta net Kompanjonsfeart mar Nije Feart (ea ek wol Nijdjip as ûnderskied fan it Alddjip, dat der by de lettere Rôlbrêge suver njonken lei). Dat haw ik dus mar oanpast. It kin wêze dat ik fan dat soarte saken nochris mear wurk meitje. H.G.deJong

Achte De Jong, ik kin allinnich mar sizze: ik haw der alle fertrouwen yn en ik hoopje wier dat we noch in soad fan jo fernimme meie. Groetenis, Wutsje 30 apr 2009, 22.49 (CEST)Beäntwurdzje

Soartebank liket my ynoarder. Ik skriuw al noch wat kommentaar by it berjocht. Aliter 14 maaie 2009, 02.46 (CEST)

Ja, spitigernôch binne de wurdboeken en de nammelisten fan it Biologysk Wurkferbân it allegear net iens dêr't it grutte letters oanbelanget. Yn de ferskate wurken wurdt keazen foar nammen mei twa haadletters, ien haadletter en hielendal gjin haadletter. In echte regel liket der net te wêzen, mar frij natuerlik binne wy útkaam by de kar fan it Biologysk Wurkferbân: Alle wurden yn in taksonnamme krije in haadletter, krekt as by Geografyske nammen. Mar de losse bisten skriuwe wy mei lytse letters; dat liket better. Aliter 15 maaie 2009, 18.59 (CEST)

Dus it moat doch Giele Plomp wêze (en dan ek Reade Surk, Wylde Hjerststyleas, Wylde Hyasint en Wylde Ierdbei), begryp ik?
No't ik hjiroer wat op it ynternet omstrún kom ik oars dit tsjin. Dat is faaks eat om wat yn de gaten te hâlden. Wutsje 15 maaie 2009, 22.53 (CEST)

Deine Nachricht auf meiner Diskussionseite

bewurkje seksje

Moin Wutsje! Dank Dir für Deine Nachricht. Platt (OWL) geit better (moier) dan frysk. Das meiste verstehe ich aber ebenso in NL. Habe mich bereits vor längerer Zeit mit dem frysischen Sprachraum befasst und finde die Berichte über einen isolierten Sprachkern der anderen Sprachgemeinden nicht zugeordnet werden kann besonders interessant. Lieben Gruß --Gruß Tom 20 maaie 2009, 19.18 (CEST)

Nacht fan Keunst en Wittenskip

bewurkje seksje

Moarn Wutsje, jo hienen lêstendeis plannen om nei dizze NFK&W te gean. Is dat noch trochgien? Dan is it grif let wurden fannemoarn, mar 'k bin wol benijd hoe 't jo it hân hawwe. Groetnis, --Swarte Kees 14 jun 2009, 09.03 (CEST)Beäntwurdzje

Dei Kees. Ik haw dêr yndied west. It wie in lange jûne, mar mei nijsgjirrige praatsjes, dêr't ek noch aardich wat folk op ôfkaam, dat it foel my neat tsjin. Teake Oppewal wie der ek, sa't de bedoeling wie. Mei him haw ik it noch wer fierder hân oer de mooglike gearwurking tusken Tresoar en fy:wiki - sjoch dêroer de Oerlisside. Gr, Wutsje 17 jun 2009, 17.38 (CEST)Beäntwurdzje

Betreft graf Ubbo Emmius

bewurkje seksje

Beste Wutsje, Mijn kennis van het Fries is absoluut ontoereikend om iets in een Frysk-talig artikel te kunnen wijzigen, en daarom doe ik een poging via jou. Het gaat om het lemma over Ubbo Emmius. Daarin staat een onjuistheid betreffende zijn graf. Zou jij het op je willen nemen om dit aan te passen? Ubbo Emmius is begraven in de voormalige Broer (=Minderbroeders)kerk te Groningen, die in de 19e eeuw is afgebroken. De grafstenen (dus niet de graven!) van de beroemdste hoogleraren van de vroege Rijksuniversiteit zijn toen overgebracht naar het toenmalige Academiegebouw aan de overkant, en hebben daar lang in de kelder gelegen (ook toen het oude Academiegebouw afbrandde en weer werd opgebouwd aan het begin van de 20e eeuw lagen die stenen er). Enkele jaren geleden zijn de stenen verwijderd, om plaats te maken voor een restaurant in de kelder van het gebouw. Daarbij bleek o.a. de steen van Ubbo Emmius zwaar beschadigd, en restautie volgde. Die restauratie is inmiddels afgerond, en deze steen is in augustus 2009 herplaatst, maar nu in de hal van het Academiegebouw. Voor vragen, mail svp naar han_borg[at]hotmail.com

Achte Han Borg, ik haw de tekst fan it lemma oanfold. Allinnich foar it werpleatsen fan de stien koe ik sa gau gjin boarne fine, mar dy sil ynkoarten noch wol ris yn Google opdûke. Fragen haw ik fierder net. Groetenis, Wutsje 3 sep 2009, 15.44 (CEST)Beäntwurdzje
Fantastisch, hartelijk dank! HB

Dank u

bewurkje seksje

Dank u and "ahehee'" for keeping an eye on navajo wiki Seb az86556 22 sep 2009, 18.07 (CEST)Beäntwurdzje

Hoi!

bewurkje seksje

Sorry dat ik geen Fries schrijf, me toch iets te ingewikkeld. Als je straks inlogt, check dit IP even: 195.169.33.2. Vr. groet, Woudloper 16 nov 2009, 09.58 (CET)Beäntwurdzje

It ip - fan in skoalle yn Tilburch - is útsletten foar in dei, sjoch ik. Moarn mar efkes yn it snotsje hâlde, want se hawwe dêr al mear klierd. Tank foar it berjocht. Wutsje 16 nov 2009, 18.37 (CET)Beäntwurdzje

Tresoar ..

bewurkje seksje

Dei Wutsje, fan'e middei hie ik mei Drewes oer rjochten op ôfbylden by Tresoar: http://fy.wikipedia.org/wiki/Meidogger_oerlis:Swarte_Kees#Tresoar. It bliuwt wat stil fan dy kant nei de plannen fan ferline jier. Witte jo wat mear oer dizze rjochten of is it wachtsjen earne op? Gr.--Swarte Kees 23 feb 2010, 19.43 (CET)Beäntwurdzje

Ja en nee. Echte plannen wienen der net, mar wol in soad tinzen dêroer. It liket my wol wat om it der dêr noch mar ris oer te hawwen. Ek fanút Commons hawwe se dêr wol earen nei, haw ik begrepen. Groetenis, Wutsje 26 feb 2010, 14.21 (CET)Beäntwurdzje
Sjoech Oerlisside hjir:[3]--Swarte Kees 26 feb 2010, 14.34 (CET)Beäntwurdzje

Hallo, good night!

bewurkje seksje

Sorry to bother you I left this message previously to Drewes but I think he was too busy to reply. I apologize sincerely I don't speak your language so I hope you'll forgive me for using English. My name is Claudi Balaguer (User Capsot from the Catalan and Occitan Wikipedias) and I'm currently working on a campaign to help our association "Amical de la Viquipèdia" in order to be accepted as a Chapter, demand which has been rejected because Catalan is not a state language. I'd like to begin a campaign here just like I did in the other Wikipedias but unfortunately I don't know your language, so if you had some spare time to translate it to your language and replace the Alemannic part of the template with Frisian according to the English text, I would be extremely grateful and also the sentence "Category:Wikipedians giving their support to Wikimedia CAT".

Many thanks, I wish you a pleasant and warm summertime Capsot 15 jun 2010, 16.37 (CEST)Beäntwurdzje

Hi Capsot, that would be something like:
  • Ik steun de feriening Wikimedia CAT. Jo ek? Lit jo stipe sjen.
  • Category:Wikipedianen dy't Wikimedia CAT stypje.
Regards and success with your chapter, Wutsje 24 jun 2010, 17.50 (CEST)Beäntwurdzje
Thanks a lot, have a good night Capsot 24 jun 2010, 22.54 (CEST)Beäntwurdzje

Petear Fyntyn-Drewes

bewurkje seksje

Nochris goejûn, Wutsje, Op myn oerlisside kinne jo in fersyk fan my oan jo fine. Wolle jo der in each oer gean litte? Fyntyn 2 jul 2010, 23.20 (CEST)Beäntwurdzje

botstattussen

bewurkje seksje

Hoi Wutsje, Ik sykje mar eefkes kontakt mei dy op hjir. Hasto in idee hoe dat sit mei de botstatussen op fy. Wat ik hjir mei bedoel te sizzen is dat ik hieltyd faker botferoarings te sjen krij op myn folchlist en dat jildt likegoed foar de navigaasje yn krekt feroare. Dat rint neffens my op fy net goed en as ik dizze meldings krij fan feroarings dan sil dat ek wel foar oare brûkers jilde, tinkt my. En al dy feroaringen dy't de bots meitsje binne net nijsgjirrich om te besjen om't it sawat allinnich ynterwikys oanbelanget en omdat it sa'n soad binne hast ek gjin goed oersjoch. Witsto hjir mear fan ôf? Ik ha dit berjocht ek op dien meidoggerside set op nl. Groetnis --Geoffrey 27 aug 2010, 20.10 (CEST)Beäntwurdzje

By riten krij ik yndied ek wol ris it hin en wer fan botbewurkings. Op fy:wiki binne net allinnich 30 local bots, mar komme ek noch allegear global bots foarby (sjoch de bot policy). My tinkt dat dêr net in soad oan te dwaan is (al kinne jin as wiki beslute dat globale bots net talitten wurde - guon wiki's hawwe dat dien, sjoch hjir). Foar it oersjoch krús ik sels wol ris it hokje Lit gjin bot wizigings sjen yn de folchlist oan by Ynstellings-Folchlist, dan sjoch ik se yn elts gefal efkes net mear. Groetenis, Wutsje 7 sep 2010, 23.59 (CEST)Beäntwurdzje
Soene sy it op nl dan better foarelkoar hawwe as wy, hat it te krijen mei ynstellings en programma's, want neffens my sjoch ik op myn folchlist op nl noait in bewurking fan in bot (local bot of global bot), allinnich fan meidoggers. Oant in jier tebek wie dat hjir ek noch it gefal. Ik hoopje dat wy der wat oan dwaan kinne, ik ha myn fraach ek deponearre by Aliter. Bedankt --Geoffrey 10 sep 2010, 16.52 (CEST)Beäntwurdzje

Hoi, Happy New Year and some information!

bewurkje seksje

I hope you are doing fine and many thanks again for the help you gave us before. First of all Happy New Year, I wish you and your family all the best for 2011 and that the minorized, stateless and endangered languages will be able to survive and grow as long as possible and also that your Wikipedia and Frisian will grow more and more. I apologize once more for not being able to say anything in Frysk and I don't know if this might interest you but I wanted to tell you that the Catalan Viquipèdia will be celebrating its 10th birthday soon (http://ca.wikipedia.org/wiki/Viquip%C3%A8dia:10_anys_de_la_Viquip%C3%A8dia) and that we are working on it and plan to have some sessions directed towards getting some small language wikipedias out of the incubator and if this project or the anniversary interests you, you can offer us some advice or let's hope so... even participate in it (I would personally really appreciate to be able to provide at least some basic information about Frisian, and even better if we had some people explaining the situation and the progression of your language): http://meta.wikimedia.org/wiki/Teamwork_of_projects_in_languages_with_singular_status. Right now, we are still working on the contents of the project so I'll tell you more if you are interested in it. Take care and again all the best to you, your family, your language, culture and country. Claudi/193.51.237.194 17 jan 2011, 09.18 (CET)Beäntwurdzje

Fernijde haadside en in fernijd haadtema

bewurkje seksje

Ik ha in de haadside en it haadtema fernijd. Sjoch ek de diskusje op de oerlisside. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 25 nov 2011, 14.11 (CET)Beäntwurdzje

Leave Wutsje

bewurkje seksje

Doch my 'n lol, it sil wol de druppel weze, Mar do meist net fuort weze fanwege Romaine. Nim 'n pauze en wolst do dan asjebleaft oer in moanne werom komme. Met dank aan [Fontes]. Con hesi baka, --MaanMeis 10 jan 2012, 00.28 (CET)Beäntwurdzje

Beste Wutsje,
Neem me niet kwalijk om twee redenen: Ten eerste gebruik van het Nederlands hier en ten tweede met het ertegenaan bemoeien. Een rust- annex adempauze inlassen is een goed idee na de botsing met Romaine. Je bent /het was vast niet de eerste en zal ook niet de laatste (keer) zijn, ben ik bang. Persoonlijk ga ik Romaine steeds beter begrijpen en kan erin komen dat hij gefrustreerd is en/of jaloers. Daar op deze manier mee omgaan en jou meesleuren, zodat het persoonlijk werkplezier en erger, de sfeer voor velen die jou en andere van zijn tegenstanders vergald wordt, moet de kiem in worden gesmoord. Ik heb moeten manoeuvreren om de vrede te bewaren en dat is niet gelukt. Zijn schuld, jouw schuld, beiden? Vermoedelijk het laatste, maar het is gewoon de hele situatie dat zelfs vrijwilligerswerk zo serieus wordt genomen en niet van privé gescheiden wordt, wat je met betaald werk al moet doen en tot schermutselingen kan leiden is heel jammer. Bemiddeling is een optie, maar eerst bezinning en bezinking lijkt me. Het is aan jullie beiden om een oplossing voor deze impasse te vinden.

MaanMeis kent jullie zo lijkt, veel beter. Luister vooral naar haar. Zijdelings zal ik uitsluitend op verzoek wat meedenken als me tijd en ruimte gegund is. Sterkte en ik verwacht dat je doorgaat met het goede werk en de 'uitglijder' tussen R en jou zij jullie vergeven azzumijvraog (dat was Utregs), ZeaForUs 12 jan 2012, 02.52 (CET)Beäntwurdzje

bots

bewurkje seksje

Jûn Wutsje, hasto ek ferstân fan bots. Ik bin yn petear mei in meidogger oer it brûken fan bots om taalflaters dy't faak makke wurde op in maklike wize oanpasse litte te kinnen. Spitigernôch haw ik der gjin ûnderfining mei. Hoe liket it my dyn ûnderfining op dat mêd? Gr. --Geoffrey 25 jan 2012, 22.12 (CET)Beäntwurdzje

Bestannen oanbiede, Wizard uploade?

bewurkje seksje
 

Hello! Sorry for writing in English. As you're an administrator here, please check the message I left on MediaWiki talk:Licenses and the village pump. Thanks, Nemo 18 sep 2014, 21.22 (CEST)Beäntwurdzje

Hi Nemo, see the local village pump for my response. Regards, Wutsje 19 sep 2014, 02.01 (CEST)Beäntwurdzje
Thanks. I can't understand the message but it's the community's turn to discuss anyway, let me know what you decide. While passing here, however, I noticed some weird files which you may want to check. --Nemo bis (talk) 19 sep 2014, 10.11 (CEST)Beäntwurdzje

False license statements?

bewurkje seksje

Can you please help with templates? [4] [5] Thanks, Nemo bis (talk) 2 okt 2014, 08.58 (CEST)Beäntwurdzje

What do you mean, help with templates? What kind of help do you need? By the way, could you please any image you tag to Wikipedy:Siden wiskje? Wutsje 4 okt 2014, 20.33 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de meidoggerside fan "Wutsje/Argyf".