Michiel Sjouke Elings Visser
Michiel Sjouke Elings Visser (Hilaard, 8 oktober 1887 – Ljouwert, 23 maaie 1971) wie in Frysk hierboer (feehâlder), skriuwer en oersetter. Yn 1927 kaam ûnder de titel De Skimmelrider syn fertaling út fan Der Schimmelreiter, in novelle fan 'e Dútske skriuwer Theodor Storm, út 1888.
Michiel Sjouke Elings Visser | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Michiel Sjouke Elings Visser | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 8 oktober 1887 | |
berteplak | Hilaard | |
stoarn | 23 maaie 1971 | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | non-fiksje, oersettings, skiednis | |
tema's | Fryske skiednis | |
bekendste wurk(en) |
De Skimmelrider (fert.) Jancko Douwama | |
jierren aktyf | 1927 - 1971 |
Libben en wurk
bewurkje seksjeVisser kaam út in befynlik grifformearde rûnte en gie nei in bekend grifformeard ynternaat yn Zetten, Gelderlân. Hy folge dêr it gymnasium en krige dêr kunde oan Pieter Sjoerds Gerbrandy. Netsjinsteande dy oplieding waard er boer yn Britsum en letter wie er achtjin jier boer yn De Pomp. Hy waard lid fan it Kristlik Frysk Selskip en wie foar de Twadde Wrâldoarloch in wichtige figuer yn de Fryske kristlike beweging. Hy sluet him oan by de Jongfryske Mienskip fan Douwe Kalma, mar dat duorre net lang om't foar him it Frysk nasjonalisme wichtiger wie as de literatuer. Syn betsjutting foar de Fryske literatuer bleau ek beheind en op dat mêd bleau er it bekendst fan syn oersetting fan Der Schimmelreiter fan Theodor Storm. Hy bewûndere Harmen Sytstra om't dy frommens mei Frysksinnigens kombinearre.
Fan grutter belang hat Visser syn krewearjen foar ferbettering fan de tastân fan hierboeren en arbeiders west, ynspirearre troch syn leauwe. Yn 1933, yn de krisisjierren mei syn hege hieren en lege leanen, waard er bestjoerslid fan it Christelijke Bond van Landpachters. Yn dy tiid seach er wol wat yn it net-demokratyske korporatisme dat yn nazy-Dútslân opgong makke. Under Fryske skriuwers wiene ek bygelyks Rintsje Piters Sybesma en Douwe Kiestra oanhingers fan dat systeem, mar by Visser hat dat net laat ta kollaboraasje mei de Dútsers. Visser hat dat idee lykwols nea hielendal opjûn sa't bliken die út in artikel yn de Stim fan Fryslân út 1965.
Wurk
bewurkje seksje- 1927 - De Skimmelrider (oersetting nei Theodor Storm)
- 1948 - De Fryske boer troch de ieuwen hinne. Utj. Fryske Kristlike Boeren- en Túnkers Boun[1]
- 1960 - Minne Simens en de Minnisten
- 1967 - Jancko Douwama
- 19?? - Fan lang forlyn
- 19?? - Histoaryske Sketsen (samling oanbean troch it Frysk Ynstitút yn Grins)
- 2015 - De Lauwerssé, bondeling artikelen oer de Lauwerssee yn de Stim fan Fryslân[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|