De mile high club is in sprektaalterm út it Ingelsk, dy't letterlik "de klub fan ien myl heech" betsjut, en wêrmei't ferwiisd wurdt nei persoanen dy't geslachtsferkear bedreaun hawwe yn in fleanend fleantúch. Yn 'e regel giet it dêrby om minsken mei in beskate ekshibysjonistyske ynslach, dy't it spannend fine om in taboe te trochbrekken en seks te hawwen op plakken dêr't dat net tastien is en/of dêr't se maklik ûntdutsen wurde kinne. Oaren hawwe seksuële fantasijen oer manlju yn piloate-unifoarmen of froulju yn stewardesse-unifoarmen, of in fetisjisme dat om it fleantúch sels draait. Wer oaren wolle hawwe dat de trilling fan in fleanend fleantúch harren by it hawwen fan geslachtferkear stimulearret, sadat se in yntinser orgasme belibje.

In fleantúch-wc.

De ierste ferwizing nei de mile high club is weromfûn yn in boek dêr't weddenskippen yn fêstlein waarden yn 'e histoaryske Londenske heareklub Brooks's. Yn 1785, twa jier nei de earste súksesfolle flecht mei in hjitteloftballon troch Étienne Montgolfier, waard dêryn skreaun: "Ld. Cholmondeley hat twa pûn oan Ld. Derby jûn, om 500 pûn werom te krijen wannear't syn hearskip in frou yn in ballon penetrearret op tûzen yards fan 'e grûn ôf." Der bestiet lykwols fierders gjin oanwizing dat dy weddenskip wier útfierd of útbetelle is.

Neffens guon boarnen is de 'stifter' fan 'e mile high club piloat en loftfeartyngenieur Lawrence Sperry, dy't yn novimber 1916 yn 'e neite fan New York geslachtsferkear hân hawwe soe mei societystjer 'Mrs. Waldo Peirce' (Dorothy Rice Sims) yn in mei in autopiloat tariste fleanboat fan it merk Curtiss. Seksuële aktiviteit yn in fleantúch dêr't de piloat by belutsen is, kin rare gefolgen hawwe. By de Amerikaanske Nasjonale Feilichheidsried foar Transport (NTSB) is teminsten ien gefal bekend wêrby't de seksuële aktiviteit fan 'e piloat alteast foar in diel ferantwurdlik wie foar it delstoarten fan in fleantúch.

Sûnt de yntroduksje fan it moderne ferkearsfleantúch fynt de measte aktiviteit op it mêd fan 'e mile high club plak tusken passazjiers ûnderling, yn 'e regel yn 'e fleantúch-wc. Sa beweart de Britske sakeman en miljardêr Richard Branson dat er omtrint 1969, doe't er njoggentjin jier wie, foar it earst seks hie yn in fleantúchhúske, en dat syn partner by dy gelegenheid in troude frou wie mei wa't er neitiid nea wer gedoente hân hat. Yn in oare opsjochjaande saak waard Lisa Robertson, in stewardess fan 'e Australyske loftfeartmaatskippij Qantas, op 11 febrewaris 2007 ûntslein om't se op 24 jannewaris fan dat jier trappearre wie by it hawwen fan geslachtsferkear mei akteur Ralph Fiennes yn in fleantúch-wc op in flecht fan Darwin nei Bombay. Robertson ûntstried earst dat der wat tusken har en Fiennes foarfallen wie, mar ferkocht neitiid har ferhaal oan 'e rabbersparse.

De fraach oft it legaal is om yn in passazjiersfleantúch geslachtsferkear te hawwen, hinget ôf fan 'e regels fan 'e oangeande loftfeartmaatskippij en de wetten fan it lân dêr't it loftrom ta heart. Teffens makket it in ferskil oft men it temûk docht, of yn it iepenbier. Yn oktober 1999 waarden twa passazjiers op in flecht fan American Airlines fan Dallas nei Manchester arrestearre nei't se yn it folle sicht fan oare passazjiers 'seksuële hannelings' mei-inoar ferrjochte hiene. Nei't dat breed útmetten waard yn 'e media, ferlearen beide belutsenen harren baan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.