Minke Sikma (Snits, 19 maaie 1962) is in keunstskilder út Skraard. Har wurk yn realistyske styl bestiet út stillibbens, gebouwen, lânskippen en bisten. De lânskippen fan de Súdwesthoeke binne gauris ûnderwerp op de wurken fan Minke Sikma.

Murnserklif
Swanneblom

Minke Sikma krige les oan de keunstakademy Vredeman de Vries yn Ljouwert en de Keunstakademy Constantijn Huygens yn Kampen. Se folge in kursus by Koos van Keulen en hie eksposysjes yn Wiuwert, Warkum en Aldemardum.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: