Minnistetsjerke (Terherne)
De Minnistetsjerke is in tsjerkegebou yn Terherne, gemeente De Fryske Marren, yn de provinsje Fryslân.
Minnistetsjerke (Terherne) | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
Gemeente | De Fryske Marren | |
plak | Terherne | |
adres | Buorren 35 | |
bysûnderheden | ||
arsjitekt | A. Breunissen Troost | |
boustyl | Eklektysk | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 514877 | |
oare ynformaasje | ||
kapasiteit | 200 sitplakken |
De fermanje waard boud nei ûntwerp fan arsjitekt Albert Breunissen Troost yn eklektyske boustyl, beynfloede troch de Ingelske neogotyk. De earste stien waard lein op 12 septimber 1864. De sydgevels hawwe lisenen mei profilearre natuerstiennen bekroaningen. De needgevel hat in pleistere boarstwarring mei in bakstiennen wetterslach. De rútiepeningen hawwe allegear finsters fan getten izer mei in tudorbôge. It tsjerketerrein wurdt omjûn troch in monumintaal stek dat levere waard troch de firma Sterckman yn 1865. De tsjerke is in ryksmonumint, de kosterswenning net.
De kânsel is oan 'e westkant. De tsjerke krige earst yn 1907 in oargel fan Maarschalkerweerd & Zoon. It waard yn 1940 ferfongen troch in oargel út 1917 fan de firma Standaart dat ôfkomstich wie út de tsjerke fan Hidaard. It gebou hat sûnt 2008 gjin tsjerkefunksje mear. It is yn gebrûk as winkel.
Der stiet in tinkteken út 1922 foar de tsjerke ta eare fan de minnistepredikant H.G. Dornseiffen († 1922).
-
Ynterieur mei oargel, yn gebrûkt as winkel (2019)
-
Tinkmonumint Dornseiffen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Doopsgezinde kerk, Terherne fan Wikimedia Commons. |