Mole Lake (Wiskonsin)

Mole Lake is in gemeentefrij doarp (unincorporated community) en teffens in census-designated place yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin. It heart ta de gemeente (town) Nashville en de county Forest County. Mole Lake leit oan 'e snelwei Wisconsin Highway 55 en makket foar it grutste part diel út fan it Mole Lake Yndianereservaat fan 'e federaal erkende Sokaogon Tsjippewa Mienskip.

Mole Lake
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Wiskonsin
County Forest County
Sifers
Ynwennertal 435 (2010)
Oerflak 10,8 km² (ynkl. wetter)
9,6 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 40,3 / km²
Hichte 471 m[1]
Oar
Stifting 2e helte 19e iuw
Tiidsône UTC –6
Simmertiid UTC –5
Koördinaten 45°28′47″N 88°58′59″W
Offisjele webside
www.molelake.com
Kaart
Mole Lake (Wiskonsin)
Mole Lake
De lizzing fan Mole Lake yn 'e steat Wiskonsin.

De Sokaogon Tsjippewa Mienskip stie foarhinne bekend as de Mole Lake Troep fan Boppemarder Tsjippewa, en dêr is it doarp Mole Lake nei ferneamd. De moderne stamme-organisaasje sels komt fuort út 'e Mole Lake-troep fan 'e Boppemarder Tsjippewa, dy't de oarspronklike bewenners fan 'e krite foarmje. Dy wiene wer ferneamd nei de deunby leine Mole-mar of Mole Lake, dat letterlik "mollemar" betsjut.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 hie Mole Lake doe in befolking fan 435 minsken. Mei in oerflak fan 10,8 km² bedroech de befolkingstichtens 40,3 minsken de km². Fierders bestie yn 2010 81% fan 'e befolking út Yndianen en 19% út blanken.[2] De Yndianen binne frijwol allegear etnyske Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd, in Algonkwynsk folk dat yn it gebiet fan 'e Grutte Marren sawol yn 'e Feriene Steaten as yn Kanada libbet.

 
It histoaryske Dinesen Log House.

Foarsjennings en attraksjes

bewurkje seksje

It haadkertier fan 'e federaal erkende Sokaogon Tsjippewa Mienskip is yn Mole Lake fêstige, en datselde jildt foar it kasino fan 'e stamme, it Mole Lake Casino and Bingo. Teffens stiet der in tinkteken foar de Slach by Mole Lake, dy't yn 1806 útfochten waard tusken de Odjibwe en de Dakota. Fierders is der in tankstasjon mei in lytse supermerk. Ta einbeslút stiet yn Mole Lake ek it Dinesen Log House, ien fan 'e âldste blokhutten fan Wiskonsin. Dy is yn 2005 opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken en waard nei in yngeande renovaasje yn 2010 wer foar it publyk te besichtigjen. De blokhutte waard yn 'e 1870-er jierren boud troch de Deenske aventoersman Wilhelm Dinesen, de heit fan 'e ferneamde skriuwster Karen Blixen.

Mole Lake hat in lânklimaat, mei waarme simmers en kâlde, snieïge winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 25,6 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –6,3 °C (nachts –18 °C). Mole Lake kriget jiers trochinoar 802 mm delslach.[3]

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Klimatologyske gegevens oer Mole Lake (Wiskonsin)
  2. Demografy fan Mole Lake (Wiskonsin)
  3. Klimatologyske gegevens oer Mole Lake (Wiskonsin)

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.