Nebûkadnêzer II

(Trochferwiisd fan Nebûkadnessar II)

Nebûkadnêzer II (Akkadysk: Nabû-kudurri-uṣur; Arameesk: ܢܵܒܘܼ ܟܘܼܕܘܼܪܝܼ ܐܘܼܨܘܼܪ, Nebu Kuduri ’Usur; Hebriuwsk: נְבוּכַדְנֶצַּר, Něḇūḵaḏneṣṣar; Aldgryksk: Ναβουχοδονόσωρ, Nabouchodonosōr; Arabysk: نِبُوخَذنِصَّر, Nibūḫaḏniṣṣar; ±634562 f.Kr.) wie in kening fan it Nijbabyloanyske Ryk, dy't regearre fan likernôch 605 f.Kr. oant syn dea yn 562 f.Kr. Neffens de Bibel wie hy it dy't it keninkryk Juda ferovere, Jeruzalim mei de grûn lyk makke en de Joaden yn ballingskip fuortfierde. Oan him wurdt sawol de oanlis fan 'e ferneamde Hingjende Tunen fan Babylon as de ferwuostging fan 'e Earste Timpel fan Jeruzalim taskreaun. Syn namme (ek wol stavere as Nebûkadnêzar, Nebûkadnessar of Nebûkadnesser) betsjut yn it Akkadysk, de taal fan 'e Babyloaniërs: "O Nabû, hoedzje myn earstberne soan" (Nabû wie de Babyloanyske god fan 'e wiisheid).

Nebûkadnêzer II
aadlik persoan en/of hearsker
In gravuere yn stien mei in ynskripsje fan Nebûkadnêzer II.
In gravuere yn stien mei in ynskripsje fan Nebûkadnêzer II.
nasjonaliteit Babyloanysk
bertedatum ±634 f.Kr.
berteplak ?
stjerdatum 562 f.Kr.
stjerplak Babylon
Kening fan Babylon
regear 605562 f.Kr.
foargonger Nabopolassar
opfolger Amel-Mardûk

Nebûkadnêzer wie de âldste soan en erfgenamt fan Nabopolassar, dy't de Babyloaniërs befrijde fan trije iuwen fan Assyryske oerhearsking, troch yn gearwurking mei de Meden, Perzen, Skyten en Kimmeariërs it Assyryske Ryk ûnder fuotten heljen fan en de Assyryske haadstêd Ninevé te ferwuostgjen. Nabopolassar woe nei syn oerwinning gjin tiid ferlieze om ek de westlike Assyryske provinsjes by syn ryk te foegjen, mar hy koe sels min mist wurde yn Mesopotaamje, dat sadwaande stjoerde er syn soan Nebûkadnêzer mei in leger westoan. Yn 'e Slach by Karkemisj, yn 605 f.Kr., fersloech dy de restanten fan 'e Assyryske legers en harren bûnsgenoaten, de Egyptners, en brocht dêrmei Aram (Syrje), Fenysje (Libanon) en it âlde keninkryk Israel ûnder Babyloanysk bewâld. Nabopolassar kaam yn augustus fan datseldichste jier te ferstjerren, en Nebûkadnêzer kearde werom nei Babylon om ta kening kroane te wurden.

Nei't er earst de Skyten en de Kimmeariërs, eardere Babyloanyske bûnsgenoaten, ferslein hie, rjochte Nebûkadnêzer syn blik op it westen. Dat waard mooglik makke troch syn houlik mei Amytis, de dochter fan 'e Medyske kening Kyaksares, dêr't er syn ferbûn mei it Medyske Ryk, oan syn noardgrins, mei befêstige. Nebûkadnêzer syn grutte fijân wie farao Necho II fan Egypte, in eardere Assyryske fazal. In Babyloanyske ynfaazje fan Egypte mislearre yn 601 f.Kr., wat late ta in hiele rige opstannen yn 'e Fenisyske en Kanaänityske buffersteatsjes fan 'e Levant, mei dêrûnder ek it keninkryk Juda. Nebûkadnêzer ûnderdrukte de rebûlje lykwols mei hurde hân en ferovere Jeruzalim, de haadstêd fan Juda, yn 598 f.Kr. Neffens de Bibel liet er alle skatten út stêd en Timpel meinimme nei Mesopotaamje en ek kening Jojakin, syn hof en grut part fan it folk waard meifierd. As kening fan Juda stelde Nebûkadnêzer no Jojakin syn omke Sedekía oan. Mar dyselde kaam in tsien jier letter ek tsjin him yn opstân. Nei't Nebûkadnêzer yn 586 f.Kr. foar de twadde kear Jeruzalim ferovere hie, liet er de stêd mei Timpel en al sljochtsje. It grutste part fan it oerbliuwende Joadske folk waard doe fuortfierd nei Mesopotaamje, wylst de lêste efterbliuwers yn 581 f.Kr. ek yn ballingskip moasten. Dat wie de Babyloanyske Ballingskip, dy't oant 538 f.Kr. duorje soe en wêrfan't de ynfloed op 'e joadske godstsjinst oant hjoed de dei ta te merkbiten is.

Nei de ferwuostging fan Jeruzalim sloech Nebûkadnêzer belis foar de Fenisyske stêdsteat Tyrus, in belegering dy't trettjin jier duorre, fan 585 oant 572 f.Kr. Uteinlik woene beide siden wol omlyk, dat der waard in kompromis berikt wêrby't de Tyriërs harren deljoegen ûnder in nominaal Babyloanysk gesach. Doe't er de Levant ienris pasifisearre hie, sette Nebûkadnêzer op Egypte ta en fersloech er farao Amasis II. Neitiid kearde er werom nei Babylon, dêr't er him oerjoech oan de oanlis fan kanalen, akwadukten, timpels en wetterreservoirs. Ek de legindaryske Hingjende Tunen fan Babylon, ien fan 'e Sân Wrâldwûnders fan 'e Aldheid, waarden ûnder syn regear en tafersjoch oanlein. Neffens de Babyloanyske tradysje profetearre Nebûkadnêzer, doe't er syn ein neieroan kommen fielde, oer de ein fan syn eigen dynasty. Hy stoar yn Babylon yn it foarjier fan 562 f.Kr., en waard opfolge troch syn soan Amel-Mardûk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.