Simmearjers

(Trochferwiisd fan Kimmeariërs)

De Simmearjers of Kimmearjers (ek stavere as Simmeariërs of Kimmeariërs), fan it Grykske Κιμμέριοι, Kimmérioi, wiene in nomadysk Yndo-Jeropeesk folk, dat om 1000 f.Kr. hinne foar it earst yn 'e Aldheid opdoek. Se wurde neamd yn sawol Assyryske as Aldgrykske teksten, mar lieten sels gjin skriftlike boarnen nei. De Simmearjers wiene nei gedachten ôfkomstich fan 'e Pontysk-Kaspyske Steppe, dêr't se ferdreaun waarden troch de oankomst fan 'e Skyten. Se stieken dêrop de Kaukasus oer, wylst in diel fan harren mooglik nei it westen ta flechte en yn East-Jeropa bedarre. Dêroer is fierders neat mei wissichheid bekend, mar dejingen dy't de Kaukasus oerstieken, foelen yn Transkaukaazje it keninkryk Oerartû oan, en letter ek ferskate riken yn Anatoalje, wêrûnder Frygje en Lydje. Nei likernôch 620 f.Kr. ferdwine de Simmearjers út alle histoaryske boarnen. Skiedkundigen achtsje it wierskynlik dat se harren yn Kappadoasje nei wenjen setten hawwe en dêr meitiid troch in proses fan assimilaasje opgien binne yn oare etnyske groepen.

Simmearjers

De Simmearyske ynfallen yn Kolchis, Oerartû en Assyrje
tusken 715 en 713 f.Kr.
algemiene ynformaasje
oare namme(n) Kimmearjers
taal Simmearysk
godstsjinst heidendom
historiografy
tiidrek ±1000 f.Kr. – ±600 f.Kr.
gebiet Pontysk-Kaspyske Steppe;
letter Transkaukaazje en Anatoalje

De oarsprong fan 'e Simmearjers is ûndúdlik. Yn 'e Odyssee fan Homearus, dy't datearret út 'e lette achtste iuw f.Kr., wurdt (yn 11:14) gewach makke fan 'e Kimmerioi, dy't oarekant de oseaan yn in lân fan dize en tsjuster wenje soene, oan 'e râne fan 'e wrâld, deunby de yngong fan 'e ûnderwrâld Hades.

Los fan sokke mytologisearring stiet fêst dat de Simmearjers in Yndo-Jeropeesk folk wiene. Ornaris wurdt oannommen dat se òf ta de Iraanske folken hearden, òf ta de Trasyske folken. Harren ierst bekende wengebiet wie neffens de skiedskriuwer Herodoatus de Pontysk-Kaspyske Steppe yn wat no súdlik Jeropeesk-Ruslân en de Oekraïne is, noardlik fan 'e Kaukasus, de Swarte See en de Kaspyske See. Dat gebiet rint fan 'e mûning fan 'e Donau yn it westen oant de rivier de Oeral yn it easten. De Simmearjers hawwe oant no ta lykwols net identifisearre wurde kinnen mei in spesifike argeologyske beskaving yn dat gebiet. It is ek net dúdlik oft se dêr oarspronklik weikamen of dat se har dêr op in earder stuit út it easten wei nei wenjen set hiene.

Ferdriuwing troch de Skyten

bewurkje seksje

Yn 'e njoggende en achtste iuw f.Kr. waarden de Simmearjers fan 'e Pontysk-Kaspyske Steppe ferdreaun troch de ekspânsje fan 'e Skyten, dy't in Iraansk folk wiene. De ferdriuwing en de dêropfolgjende Simmearyske ynvaazje fan Transkaukaazje en Anatoalje wurde sjoen as in ûnderdielen fan 'e ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid. Hoewol't de Simmearjers troch harren tiidgenoaten gauris omskreaun waarden as kultureel 'Skytysk', moatte se oerdúdlik dochs etnysk ûnderskaat west hawwe fan 'e eigentlike Skyten. Oer harren ferdriuwing is net folle mei wissichheid te sizzen.

Neffens Herodoatus lei it heitelân fan 'e Simmearjers tusken de rivier de Tyras (Dnjestr) en de Tanais (Don) yn. Hy skreau ek dat se harren fûleindich oankanten tsjin 'e ferdriuwing, mar belies jaan moasten foar de nûmerike mearderheid fan 'e Skyten oer. De manlike leden fan it Simmearyske keningshûs woene lykwols bewissigje dat se yn 'e grûn fan harren heitelân begroeven waarden. Dêrom ferdielden se harsels yn twa groepen en befochten inoar oant de dea. It miene folk begroef harren neitiid oan 'e Tyras en ûntflechte doe fia twa rûtes it Simmearyske heitelân: oer de Tyras nei it westen ta, East-Jeropa yn, en oer de Tanais nei it súdeasten ta, troch de Koeban en oer de Kaukasus nei Transkaukaazje en Anatoalje.

It is ûndúdlik hoefolle fan it ferhaal fan Herodoatus op wierheid berêst, mei't mytologisearring fan 'e skiedskriuwing yn syn tiid as folslein akseptabel sjoen waard. Boppedat skreau er trije iuwen letter, omtrint 440 f.Kr. Hy neamde ek in stikmannich Simmearyske keningen, ûnder wa Tûkdammê (hellenisearre ta Lygdamis), dy't regearre yn 'e midden fan 'e sânde iuw f.Kr., en Sandachsjatra, dy't hearske yn 'e lette sânde iuw f.Kr.

Argeologyske fynsten

bewurkje seksje

De ûnderstelde oarsprong fan 'e Simmearjers, noardlik fan 'e Kaukasus oan 'e ein fan 'e Brûnstiid, komt loskes oerien mei de argeologyske fynsten fan in iere beskaving dy't bekend stiet as de Kobankultuer (tolfde oant fjirde iuw f.Kr.), mar der is gjin oertsjûgjende reden om dy beskaving spesifyk mei de Simmearjers te assosjearjen.

Der bestiet yn 'e argeology wol in tradysje om 'e term 'Simmearysk' te brûken foar argeologyske fynsten fan 'e ierste kultuer fan 'e Izertiid yn it streamgebiet fan 'e Donau en op ferskate lokaasjes yn Midden-Jeropa en noardlik Itaalje. Dy fynsten wurde ek yn ferbân brocht mei de fynsten út it gebiet tusken de Donau en de Wolga fan 'e Tsjernogorovka-kultuer út 'e njoggende en achtste iuw f.Kr. en de Novotsjerkask-kultuer út 'e achtste en sânde iuw f.Kr.

 
Fersprieding fan 'Trako-Simmearyske' argeologyske fynsten (op basis fan gegevens út 1986).

It betiteljen fan dy fynsten as 'Simmearysk' is kontroversjeel, of op syn bêst in ynsliten gewoante dy't net beskôge wurde moat as in letterlike bewearing dat de spesifike artefakten wat te krijen hawwe mei de Simmearjers dy't neamd wurde yn 'e Grykske en Assyryske boarnen. It gebrûk fan 'e namme 'Simmearysk' yn dizze kontekst giet werom op it wurk fan Paul Reinecke, dy't yn 1925 in "Noardtrasysk-Simmearyske kulturele sfear" foarstelde, dy't oerlaapje soe mei de jongere Hallstatt-kultuer yn 'e eastlike Alpen.

De besibbe term 'Trako-Simmearysk' waard yn 'e 1930-er jierren yntrodusearre troch de Roemeenske argeolooch Ion Nestor. Dy woe dêrmei suggerearje dat der oan it begjin fan 'e Izertiid in histoaryske migraasje west hie fan Simmearjers út it gebiet fan 'e eardere Srûbnaja-kultuer nei East-Jeropa, mooglik feroarsake troch de Skytyske ekspânsje. Yn 'e 1980-er en 1990-er jierren waarden stelselmjittiger stúdzjes fan 'e opdobbe artefakten útfierd, dy't wiisden op in stadiger ûntwikkeling oer in perioade dy't de njoggende oant en mei de sânde iuw f.Kr. besloech. De term 'Trako-Simmearysk' wurdt tsjintwurdich sadwaande inkeld noch út gewoante brûkt en ymplisearret gjin direkte bân mear mei itsij de Traasjers, itsij de Simmearjers.

Ynvaazje fan Transkaukaazje

bewurkje seksje

Hoewol't fan 'e Simmearjers dy't nei de ferdriuwing út harren heitelân nei it westen flechte wêze soene, dus fierders neat bekend is, leit dat oars foar dejingen dy't fia de Koeban de Kaukasus oerstieken en op dy manear Transkaukaazje en Anatoalje berikten. Under de ûntdekkings dy't de Ingelske argeolooch Austen Henry Layard yn 'e keninklike argiven fan it Assyryske Ryk yn Ninevee en Kalah die, wiene beskriuwings fan in Simmearyske ynvaazje. Dêryn wurdt it Simmearyske thúslân, Gamir of Oeisjdisj, lykwols súdlik fan 'e Kaukasus pleatst, binnen de grinzen fan 'e buffersteat Mannai, oan 'e súdwestkust fan 'e Kaspyske See, yn wat no Azerbeidzjan is. Histoarisy binne ornaris fan tinken dat soks op in misbegryp fan 'e Assyrjers berêste moat. Itselde jildt foar de lettere geograaf Ptoleméus, dy't de Simmearyske stêd 'Gomara' yn dy krite hawwe woe.

De ierste fermelding fan 'e Simmearjers yn 'e Assyryske annalen datearret fan 714 f.Kr., doe't guon krigers fan in folk dat de Gimirri neamd waard, it leger fan 'e Assyryske kening Sargon II holpen om it keninkryk Oerartû te ferslaan. Nei dy nederlaach sloech de Oerarteeske kening Rûsas I de hân oan himsels. Neitiid waard Oerartû in fazalsteat fan it Nijassyryske Ryk. Doe't de Simmearjers neitiid fannijs Oerartû binnenfoelen, fûnen se sadwaande it Assyryske leger op harren paad. Yn 705 f.Kr. waarden se ferslein en út Transkaukaazje ferdreaun troch Sargon II, hoewol't dyselde by dy fjildtocht kaam te sneuveljen.

Ynvaazje fan Anatoalje

bewurkje seksje

Neitiid krongen de Simmearjers Anatoalje binnen, dêr't se yn 696 en 695 f.Kr. it keninkryk Frygje feroveren. By dy gelegenheid naam de Frygyske kening Midas fergif yn om foar te kommen dat er kriichsfinzen nommen wurde soe. Yn 679 f.Kr. foelen de Simmearjers út 'Hûbûsjna' (Kappadoasje?) wei de Assyryske koloanjes yn Silysje en Tabal oan, wêrby't se ûnder lieding stiene fan in kening Teûsjpa. Se waarden lykwols beslissend ferslein troch de Assyryske kening Esarhaddon. Fan 676 oant 674 f.Kr. foelen de Simmearjers Frygje wer binnen, dat se alhiel ferwoastgen. Se krongen doe nei it westen troch oant Paflagoanje.

Tsjin 'e midden fan 'e sânde iuw f.Kr. wiene de Simmearjers op it hichtepunt fan harren macht. Yn 654 f.Kr. of 652 f.Kr. (de krekte datearring is ûnwis) fierden se in ynvaazje fan it keninkryk Lydje út, wêrby't de Lydyske kening Gyges sneuvele en de Lydyske haadstêd Sardis plondere en fierhinne ferwoastge waard. De fal fan Sardis wie in grutte skok foar de omlizzende lannen. De Aldgrykske dichters Kallinus en Archilochus leine yn harren wurk de eangst fêst dy't him nei it hearren fan it nijs master makke fan 'e bewenners fan 'e Grykske koloanjes yn Ioanje. Guon dêrfan waarden neitiid ek wurklik oanfallen troch de Simmearjers en in mei harren ferbûne Trasyske stamme, de Trearen.

Om dyselde tiid hinne, yn 653 f.Kr., setten de Simmearjers ûnder lieding fan Tûkdammê útein mei in ynvaazje fan it Assyryske Ryk. Tûkdammê waard yn 641 f.Kr. of 640 f.Kr. ferslein en deade, hoewol't net dúdlik is troch wa. Ornaris wurdt oannommen dat de Assyryske kening Asjoerbanipal dêr ferantwurdlik foar wie, mar de skiedskriuwer Strabo suggerearret dat it ynstee de Skytyske kening Madys wie.

Yn 644 f.Kr., foelen de Simmearjers Lydje fannijs binnen, ûnder it regear fan Ardys fan Lydje, de soan fan Gyges. Se namen jitris Sardis yn, mar diskear útsein de keninklike sitadel. De Simmearyske besetting wie fan koarte doer, mooglik fanwegen it útbrekken fan in besmetlike sykte. Tusken 637 f.Kr. en 626 f.Kr. waarden de Simmearjers weromkrongen en definityf ferslein troch Aljattes fan Lydje, de opfolger fan Ardys. Dy nederlaach markearre de effektive ein fan 'e Simmearyske hegemony yn Anatoalje. Nei 619 f.Kr. binne der gjin berjochten mear oer de Simmearjers. Histoarisy achtsje it wierskynlik dat se harren nei wenjen setten yn Kappadoasje, dat yn it Armeensk bekend stiet as Գամիրք, Gamir-k’, sa't neffens Assyryske boarnen ek it Simmearyske thúslân hiet. Yn Kappadoasje soene se meitiid troch assimilaasje opgien wêze yn oare etnyske groepen.

Yn 'e Babyloanyske Behistûn-ynskripsje, dy't datearret fan omtrint 515 f.Kr., waard de term Gimirri noch ien kear neamd, mar dy waard dêr by fersin lykslein mei de Iraanske Saka, in Skytyske stamme.

Neilittenskip

bewurkje seksje

Yn 'e popkultuer

bewurkje seksje

Conan de Barbaar is in fiktyf personaazje, dat yn 1932 skepen waard troch de Amerikaanske skriuwer Robert E. Howard. Yn 'e ferneamde ferhalen oer him wurdt er kear op kear omskreaun as in Simmearjer. De Simmearjers fan Howard binne lykwols in fiktyf folk dat yn in optochte wrâld libbet yn 'e mytologyske Hyborian Age ("Hyboriaansk Tiidrek"), en dat neat mei de histoaryske Simmearjers út te stean hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.