Negroïde ras

(Trochferwiisd fan Negride ras)

It negroïde ras of it swarte ras is ien fan 'e trije haadrassen fan 'e minsklike soarte, neffens in no fierhinne efterhelle klassifikaasjesysteem op grûn fan lichaamlike skaaimerken dat fral yn 'e njoggentjinde en de iere tweintichste iuw frij algemien yn gebrûk wie. It wurd "negroïde" kombinearret de stam "neger", dat no in bytsje in beladen term is mar eins gewoan "swart(e)" betsjut, mei de útgong "-oïde", dy't "lykjend op" betsjut. Hoewol't it ûnderwilens folslein dúdlik wurden is dat der binnen de minske as biologyske soarte gjin wiere taksonomyske ûnderskieden besteane, en dat alle libbene minsken ta deselde soarte en itselde ras hearre, wurdt de term "ras" as ûnderskie fan hûdskleur bûten wittenskiplike fermiddens noch gauris brûkt, al wurde termen as "ras" en "negroïde" dêrby oer it algemien ferfongen troch eufemismen as "rasiale eftergrûn" of "etnyske groep". Ien wittenskiplik mêd dat noch wol gebrûk makket fan 'e âlde oantsjuttings fan ras, is dat fan gerjochtlike lykskôgings, om't it no ienris sa is dat de minsklike "rassen" justjes faninoar ferskillende fysike trekken hawwe, dy't fral ta utering komme yn it gesicht. Sa hawwe leden fan it negroïde ras oer it algemien in rûner antlit, mei in bredere, plattere noas en tsjûkere lippen.

Tradisjonele yndieling

bewurkje seksje

Ta it negroïde ras waard fansels de befolking fan Afrika besuden de Sahara rekkene (mar net dy fan 'e Hoarn fan Afrika, dy't ta it jeropide of blanke ras hearde). Swierrichheden waarden feroarsake troch de swarte befolkingsgroepen bûten Afrika: de Dravidiërs fan Súd-Yndia en Sry Lanka; de Wedda's fan Sry Lanka; de lânseigen befolking fan 'e Andamanen, yn 'e Golf fan Bengalen; de Negrito-folken fan Súdeast-Aazje, de Papoea's fan Nij-Guineä en omlizzende eilannen; de Melaneziërs fan 'e westlike Stille Oseaan; en de Aboriginals fan Austraalje. Dy groepen hiene dan wol in swarte hûdskleur, mar guon oare fysiologyske skaaimerken wieken totaal ôf fan 'e swarte Afrikanen. Likegoed waarden se allegearre mei-inoar op ien bulte smiten. De yndieling fan it negroïde ras wie sadwaande rûchwei sa:

Galery fan it negroïde ras neffens de âlde klassifikaasje

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.