Yndyske dwerchein

(Trochferwiisd fan Nettapus coromandelianus)

De Yndyske dwerchein of de Koromandelein (Nettapus coromandelianus) is in lyts eintsje dat yn it suden en súdeasten fan Aazje oan yn it noardeasten fan Austraalje (Queensland) libbet. Se hearre ta de lytste wetterfûgels fan 'e wrâld en wurde oantroffen op bygelyks marren mei in soad begroeiing. Meastentiids wurde se sjoen yn pearkes en ek yn gruttere groepen bliuwe se by inoar. Se hawwe harren nêst yn beammen yn 'e buert fan wetter. De briedttiid falt yn it reinseizoen.

Yndyske dwerchein

Jerkje en wyfke.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai dwercheinen (Nettapus)
soarte
Nettapus coromandelianus
Gmelin, 1789
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     Nettapus coromandelianus
     N. c. albipennis
 
Jerkje (Bueng Boraphet, Tailân).
 
Wyfke (Bueng Boraphet, Tailân).

Folwoeksen fûgels hawwe in lingte fan 30 oant 37 sm en wege tusken de 250 en 403 gram. Fan 'e Yndyske dwerchein is in ûndersoarte dy 't troch de bank nommen 125 gram swierder is.

It mantsje is yn 'e briedtiid grien fan boppe mei in smelle, donkere bân oer it boarst, in wyt gesicht mei in donkere krún . De poaten binne griisgrien en de goeseftige snaffel is gielich. De fûgel hat reade eachjes.

In folwoeksen wyfke hat in donkere eachstreek, in wat gruttere flek op 'e krún en in gieleftige snaffel. Winterdeis binne de ferskillen tusken jerkjes en wyfkes lytser, mar it jerkje hâldt dan mear wyt op it kopke.

De piken hawwe wite wynbroustreken dy't op 'e efterkant fan it kopke gearkommen, dat fierder swart is. Op it wyteftige gesicht is in donkere eachstreek. De boppekant fan 'e hals is griis en de mantel is griisbrún mei grutte wite flekken op 'e skouders.

Fersprieding

bewurkje seksje

De Yndyske dwerchein is in briedfûgel fan it Yndyske subkontinint en komt ek yn Sri Lanka en it suden fan Sina foar. Se binne somtiden, mar yn folle lytsere oantallen, te finen op de Andamanen, yn it noarden fan 'e Filipinen, Borneo, Sumatra, Java, Sulawesi en it noarden fan Nij-Guineä. De Australyske ûndersoarte komt yn it (sub)tropyske noardeasten fan Austraalje foar. It belangrykste gebiet dêr is de kuststreek fan Queensland. De Yndyske dwerchein is in stânfûgel, mar yn guon gebieten wol se yn 'e droege tiid wol trekke en sa komme se as dwaalgasten wol westliker as Yndia foar, lykas yn Bahrein, Oman, Pakistan en Iran.

De Yndyske dwerchein is in wetterfûgel dy't bûn is oan marren en dobben mei genôch fegetaasje. Yn Yndia binne de fûgels lykwols ek op beammen en dakken fan timpels te sjen, mar yn Austraalje komme se net fan it wetter. Oerdeis rêste se op it wetter tusken de planten.

Der binne allinne rûzings oer de oantallen fan 'e Yndyske dwerchein. Rûge rûzings geane der fan út dat der fan 'e nominaatfoarm 1 miljoen eksimplaren binne, wylst de Australyske ûndersoarte op sa 7.500 yndividuën rûsd wurdt. De fûgel wurdt net as bedrige beskôge. Fan 'e Australyske ûndersoarte wiene der yn 'e jierren 1960 noch mar 1.500 yndividuën; de populaasje is sûnt dy tiid wer wat groeid.

 
Biotoop fan 'e Yndyske dwerchein.

De Yndyske dwerchein yt fral driuwplanten, somtiden wat oanfolle mei ynsekten. Se binne by it lemieren en it skimerjen it meast aktyf. It ynfieren fan 'e wetterhyasint is foar de ein in bedriging, om dy plant de ferstikking fan 'e ynhiemske fegetaasje feroarsaket en dêrmei ek it iten fan 'e Australyske ûndersoarte.

Undersoarten

bewurkje seksje

Der binne twa ûndersoarten. De nominaatfoarm libbet fan Yndia nei it easten ta yn Nij-Guineä. In populaasje yn it easten fan Austraalje is yndield yn 'e ûndersoarte albipennis, dy't foar it earste troch John Gould yn 1842 beskreaun waard. De Australyske ûndersoarte is krekt wat grutter as de nominaatfoarm.

Fuortplantsjen

bewurkje seksje
 
Fleanend jerkje yn 'e pronkfearren.

Oer it fuortplantsjen fan 'e Yndyske dwerchein is niet in soad bekend. De nêsten wurde yn 'e regel yn beamholtes boud, mar somtiden ek by of yn gebouwen. Yn Yndia is de briedtiid july oant augustus, yn it noardeasten fan Austraalje novimber oant febrewaris. It wyfke briedt de 6 oant 9 (mooglik oant 12) krêm oant wite aaikes út en beide âlders fuorje de piken. It jerkje en wyfke bliuwe lang trou oan inoar, ek as se groepen mei oare dwercheinen foarmje.

De Yndyske dwerchein wurdt net faak yn dieretunen holden. Yn 'e jierren 1930 waarden fan 'e nominaatfoarm fûgels nei Europa helle, mar it slagge net om se te fokken. Sûnt de jierren 1950 binne der wer guon nei Europa helle en sûnt de jierren 1980 yn gruttere oantallen. De Australyske ûndersoarte is nea yn dieretunen te sjen.

De Yndyske dwercheinen binne yn finzenskip tige gefoelich en yn it begjin stoaren de eintsjes al hiel gau. It fûgelpark Walsrode hold de eintsjes yn in tropyske hal en slagge der yn om se in langer skoft te hâlden. De earste Europeeske fok slagge yn 1989 troch in Britske partikulier.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Coromandel-Zwergente