Noard-Rynlân
Noard-Rynlân is it westlike part fan de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. It gebiet bestiet út de parten Nederryn (Niederrhein) en Midryn (Mittelrhein). Fan 1945 oant 1946 wie it gebiet de provinsje Noard-Rynlân yn de Britske besettingssône fan Dútslân.
Noard-Rynlân Nordrhein | |
---|---|
1945-1946 | |
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
Lokaasje fan Noard-Rynlân yn de Britske besettingssône | |
polityk | |
lân | Britske besettingssône fan Dútslân |
haadstêd | Düsseldorf |
talen | Dútsk |
foarm | provinsje |
ûntstien út | Rynprovinsje |
opgien yn | Noardryn-Westfalen |
no diel fan | Noardryn-Westfalen |
sifers | |
ynwennertal | |
befolkingstichtens | |
oerflak |
Skiednis
bewurkje seksjeIt gebiet fan Noard-Rynlân wie in griemmank fan steatsjes en foarstedommen yn it Hillige Roomske Ryk. Nei de Frânske tiid, yn 1815 kaam it gebiet yn hannen fan Prusen en yn 1822 waard de Rynprovinsje foarme.
Op 5 juny 1945 waard de Rynprovinsje opheft en waard de provinsje Noard-Rynlân foarme yn 'e noardlike helte fan de Rynprovinsje yn it ramt fan de Ferklearring fan Berlyn en it stiftsjen fan de Alliearde besettingssônes fan Dútslân nei de ein fan de Twadde Wrâldkriich. De provinsje waard foarme út de bestjoerlike regio's (Regierungsbezirke) fan Aken, Düsseldorf en Keulen, dy't part fan de Prusyske Rynprovinsje wiene. It súdlike part fan de Rynprovinsje, dy't út de regio's fan Koblenz en Trier bestiene, waard op 5 juny 1945 part fan de Frânske besettingssône. It Rynlân, dat sûnt 1815 neffens it Kongres fan Wenen ûnder de Prusyske kroan feriene waard, waard yn 1945 spjalte tusken twa bestjoerlike ienheden en yn 1946 tsuken twa dielsteaten: Noardryn-Westfalen en Rynlân-Palts.
De provinsje Noard-Rynlân waard op 20 oktober 1946 offisjeel opheft, doe't dy deis it bestjoer fan Noardryn-Westfalen de bestjoersrieden fan de provinsjes Noard-Rynlân en Westfalen ophefte neffens ynstruksjes fan de Britske besettingsmacht. Yn 1947 waard de Frijsteat Lippe mei Noardryn-Westfalen gearfoege.
It bestjoerssit fan Noard-Rynlân wie ynearsten yn Bonn, mar in oktober 1945 ferhuze nei Düsseldorf.
It gebiet falt hjoed-de-dei gear mei it wurkgebiet fan it Landschaftsverband Rheinland.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|