Noardwest-Dútslân

Mei Noardwest-Dútslân wurdt it westlike part fan Noard-Dútslân ornearre en bestiet út rûchwei de dielsteaten Bremen, Hamburch, Nedersaksen en Sleeswyk-Holstein. Foar de ôfgrinzging fan it gebiet besteane ferskate kriteariums en definysjes.

Posysjekaart fan Noardwest-Dútslân mei de dielsteaten Bremen, Hamburch, Nedersaksen en Sleeswyk -Holstein

Ferskate definysjes en harren kriteariums

bewurkje seksje

Kritearium grinzen bestjoerlike ienheden

bewurkje seksje
 
De eardere Nedersaksyske regio Weser-Iems

Yn de meast nau brûkte betsjutting ferwiist it begryp nei de eardere Nedersaksyske regio (Regierungsbezirk) Weser-Iems, dy't westlik fan de rivier de Weser lei, en Bremen. Yn in breder kontekst wurde de omkriten fan Bremen eastlik fan de Weser en de gebieten fan de eardere regio Hannover westlik fan de Weser ek beskôge as parten fan Noardwest-Dútslân.

Yn it Dútslân fan nei de Twadde Wrâldkriich tsjinne it begryp Noadwest-Dútslân om in wier besteande bestjoerlike ienheid oan te tsjutten: de Britske besettingssône. De namme fan de Noardwestdútske Omrop, oprjochte troch de Britske besettingsmacht, tinkt noch werom oan dy tiid. Op deselde manier waard yn Súdwest-Dútslân de Südwestfunk oprjochte dy't foar de Frânske besettingssône ornearre wie. Bremen waard ek ta Noardwest-Dútslân rekkene, alhoewol't dy steat nei 1945 yn de Amerikaanske besettingssône lei.

It noardlike Rynlân wurdt bytiden op kultureel mêd ek wol ta Noardwest-Dútslân rekkene.

Kritearium geografy

bewurkje seksje
 
De Noarddútske Leechflakte yn grien

Yn nauwere sin wurdt Noardwest-Dútslân oantsjut as de foar it grut part leech lizzend gebiet fan de Noarddútske Leechflakte westlik fan de Weser en noardlik fan it Wiehenberchtme mei it noardlik part fan de Eastfaalske lânkring Minden-Lübbecke ynbegrepen.

Yn bredere sin heart it gebiet benoarden de rivier de Lippe en de tinkbyldige útwreiding nei it easten ta ek ta Noardwest-Dútslân, mei't it Westfaalsk Leechlân ek part fan de Noarddútske Leechflakte is.

Kritearium tradisjoneel wengebiet fan Friezen en Saksen

bewurkje seksje
 
Histoarysk wengebiet fan de Friezen
 
Stamgebiet fan de Saksen om 1000 hinne

It begryp Noardwest-Dútslân ferwiist ek nei de stamgebieten fan de Germaanske folksstammen fan de Friezen en de Saksen yn de iere midsiuwen. It omfiemet lykwols net it westlik part fan dat gebiet om't dat yn Nederlân leit. As it kritearium "wengebiet fan de Friezen en Saksen" as basis nommen wurdt, dan omfiemet Noardwest-Dútslân krapoan gâns Nedersaksen, mei útsûndering fan it Wendland, it Westfaalske part fan Noardryn-Westfalen , it Eastfaalske part fan Saksen-Anhalt, Hamburch, Bremen, en it part fan Sleeswyk-Holstein dat westlik fan de Limes Saxoniae leit. Sa soe Noard-Dútslân ferparte wurde kinne yn in noardwestlik part dat bewenne waard troch de twa Germaanske folken en in noardeastlik part dat troch Slaven bewenne waard.

It ferpartsjen fan Sleeswyk-Holstein yn Noardwest- of Noardeast-Dútslân is lykwols net yn gebrûk. Yn de folksmûle wurde Sleeswyk-Holstein en hamburch ornaris as "Noard-Dútslân" ornearre.

Kritearium taalgebiet

bewurkje seksje
 
Fersprieding fan it Nederskasyske taalgebiet

Noardwest-Dútslân is it oarsprongsgebiet fan it Noardfrysk, Sealterfrysk en it Nedersaksysk. Om't lju yn Noardeast-Dútslân benammen ôfstamje fan Dútsers en Slaven, hat harren fariant fan it Nederdútsk, it Eastnederdútsk skaaimerken dy't fan it gebrûk fan de taal yn Noardwest-Dútslân ferskille (yn de sin fan it eardere stamgebiet fan de Saksen).

Kritearium fan it hearren ta it histoaryske Westfalen

bewurkje seksje
 
Gebiet fan de Nederrynsk-Westfaalske Rykskrite (yn ljochtbrún) om 1500 hinne

De meast westlike stamme fan de Saksen wiene de Westfalen. Skaaimerkend foar it gebrûk fan it begryp Noardwest-Dútslân is de oriïntaasje op de betsjutting fan it begryp Westfalen yn de sin fan de Nederrynsk-Westfaalske Rykskrite fan it Hillige Roomske Ryk yn de tiid fan de Renêssânse. Dat gebiet rûn oant de Noardsee, dochs stie los fan de Nedersaksyske Rykskrite. Neffens dat kritearium heart it part fan Nedersaksen eastlik fan de Weser foar it grustete part net ta Noardwest-Dútslân. In oare definysje fan it begryp folget de kaart fan Lecoq fan Noardwest-Dútslân út de Frânske tiid. Yn dy sin is it begryp Noardwest-Dútslân gauris it ôfbeakenjen fan de oangrinzgjende gebieten yn it easten dêr't de Welfen iuwenlang de hearskippij oer hiene.

Yn de geast fan it konsept fan in histoarysk Westfalen dy't oer de hjoeddeistige steatsgrinzen rint en nei gâns Noardwest-Dútslân ferwiist, mei útsûndering fan de Welfegebieten, waard yn 1993 en 1994 yn Múnster en Bad Iburg in útstalling holden mei de nuversoartige titel "Westfalen yn Nedersaksen".

Oare ôfbeakenings

bewurkje seksje

Wylst de ferwizing nei Westfalen yn de snuorje fan de Reformaasje it nauwere begryp fan Noardwest-Dútslân suver ferfangt, makket it karakterisearjen as it "iere hert fan de Reformaasje" it gebiet noch lytser troch sels it foar it grutste part katolike gebiet fan it âlde Múnsterlân fan it begryp Noardwest-Dútslân út te sluten en wurdt dêrtroch allinnich beheind ta it gebiet fan Eastfryslân, it eardere grûngebiet fan it hartochdom Aldenburch en Bremen en it omlizzend gebiet.

De "Noardwestdútske Boskbouferiening" omfiemet wâld yn de dielsteaten Nedersaksen, Bremen, Hamburch en Sleeswyk-Holstein.

  • Westfalen in Niedersachsen. Kulturelle Verflechtungen: Münster – Osnabrück – Emsland – Oldenburger Münsterland. Liedend boek by de útstallings yn it stedsmuseum fan Münster (6 july – 26 septimber 1993) en yn Schloss Iburg (30 july – 21 augustus 1994). Cloppenburg 1993, ISBN 3-922469-84-1.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel as foar in part in oersetting fan de Dútsktalige wikipedyside, sjoch foar boarnen en de bewurkingskiednis op dizze side.