Oanfallen op Israelyske fuotbalfans yn Amsterdam (2024)
Op 7 novimber 2024 waarden Israelyske supporters fan Maccabi Tel Aviv FC oanfallen yn Amsterdam nei't se in Europa League-wedstriid tsjin Ajax besocht hiene. It geweld mei oanfallen op ferskate plakken yn 'e stêd wie wiidferspraat en liket koördinearre west te hawwen.[1] De oanfallen hiene it karakter fan in hooliganisme en soargen de oare deis foar in soad beroering yn 'e nasjonale en ynternasjonale polityk en media.
De ynformaasje kin fluch feroarje. |
Eftergrûn
bewurkje seksjeAl sûnt 2014 wurde joadske skoallen, organisaasjes en synagoges yn gemeenten as Amsterdam mei sichtbere en ûnsichtbere maatregels befeilige.[2] De histoarikus Marc Knobel sei yn 2019 tsjin de Britske krante The Guardian dat it der op like dat it konflikt tusken Israel en de Palestinen yn Europa importearre wurdt. Ut in ûndersyk fan 2021 yn opdracht fan 'e gemeente Amsterdam die bliken dat de Amsterdamske joadske mienskip him langer net mear feilich fielde.[3]
De stêd is al in skoft it toaniel fan oanhâldende pro-Palestynske en anty-Israelyske protesten nei it útbrekken fan it konflikt tusken Israel en Hamas yn de Gazastripe yn oktober 2023.
Oanfallen
bewurkje seksjeYn Amsterdam ûntstie neidat Ajax tsjin 'e Israelyske klub Maccabi Tel Aviv spile hie yn 'e nacht fan freed op sneon op ferskate plakken ûnrêst. Nei de wedstriid waarden oer Snapchat en Telegram berjochten ferspraat om Israelyske fuotbalfans oan te fallen. Yn it berjocht waarden spesifike plakken neamd dêr't de Israelyske fuotbalsupporters te finen wiene. It berjocht waard troch tsientûzenen minsken sjoen en ferspraat. De breklike tekst fan it berjocht wie:[4]
“ | MENSEN ZIJN READY VANDAAG Tussen 4 en 6 bij centraal moeten ze de metro pakken Dan komen ze bij de arena Daar gaan 300 Israeliers zijn zio's Wees daar strijders kom met hele groepen we laten zien dat we niet bang zijn |
” |
(mei 'zio's' wurde 'zionisten', dus de Israelyske fuotbalfans bedoeld.)
Neffens boargemaster Femke Halsema waard der op Telegram ek oproppen ta joadejacht. Jonges op scooters sochten troch de stêd nei supporters fan Maccabi Tel Aviv. Neffens de boargemaster holpen ek taksysjauffeurs de jongerein om joaden op te spoaren.[5]
Op sosjale media waarden filmkes dield, wêrop groepen jongeren fan allochtoane komôf joaden opjoegen en Free Palestine rôpen. As de Israelyske fuotbalfans net op 'e tiid fuort komme koene waarden se skopt, slein, mei fjoerwurk bekûgele [6] en op 'e knibbels twongen teksten te roppen lykas "Free Palestine".
Om't Maccabi Tel Aviv trochstrings rêstige supporters hat, waard de wedstriid net as in heechrisikowedstriid ynskaald. Dochs hie de Amsterdamske plysje 800 man op strjitte op ferskate lokaasjes yn 'e stêd.[7] Neffens de plysje waarden der by pogrom teminsten 5 minsken ferwûne, 62 minsken binne oppakt.[8]
Om 04:30 oere lokale tiid stjoerde it Israelyske regear twa fleantugen nei Amsterdam om troffen boargers te helpen en nei hûs te heljen. Israelyske en Nederlânske autoriteiten koördinearje tegearre de medyske soarch en logistike stipe oan 'e slachtoffers.
Boargemaster Halsema, justysje en plysje ferklearren dat de gemeente Amsterdam de befeiliging fan joadske objekten fierder omheech skroeft. De trijehoeke ûnderhâldt kontakt mei û.o. it regear, de Israelyske ambassade en de joadske mienskip fan 'e stêd. Yn harren ferklearring wurdt ek skreaun dat der gjin inkel ekskús bestiet foar it antysemitysk gedrach fan 'e dieders, dy't aktyf nei Israelyske supporters sochten om se oan te fallen en te mishanneljen.[9]
Reaksjes
bewurkje seksjePolitike reaksjes
bewurkje seksje- Kening Willem Aleksander tsjin president Yitzhak Herzog: "Wy ha de Nederlânske joadske mienskip yn 'e Twadde Wrâldkriich yn 'e steek litten en ha dat fannacht nochris dien."[10]
- Premier Dick Schoof neamde de oanfallen op Israelyske fuotbalfans antysemitysk. Hy sei him te skamjen dat soks yn Nederlân barde, útrekkene op 'e dei foar de betinking fan 'e Kristallnacht yn 1938. De dieders sille fûn en ferfolge wurde.[11][12]
- Minister Van Weel fan Justysje spriek oer tige slimme antysemtityske oanfallen op Israelyske supporters: "Der rieden minsken troch de stêd op 'e strún nei joaden. Se fregen wat de nasjonaliteit wie en wêr't se wei kamen. As op dat stuit ien Israelysk wie, waard dy yninoar slein. Slimmer antysemitisme kin it hast net".[13]
- Benjamin Netanyahu neamde de oanfallen op 'e Israelyske fuotbalfans it wiere gesicht fan it radikale terrorisme dêr't se tsjin fjochtsje. Hy rôp de Westerske wrâld op om no wekker te wurden.
- Danny Dannon, permaninte fertsjintwurdiger fan Israel by de Feriene Naasjes: "Wy krije hiel ferûntrêstigjende berjochten oer ekstreem geweld tsjin Israelyske en joadske minsken yn 'e strjitten fan Nederlân. Der is yn 2024 sprake fan in pogrom yn Europa.”[14]
- Ursula von der Leyen op X: "Ik bin poer oer de efterbakse oanfallen fan justerjûn op Israelyske boargers yn Amsterdam. Ik feroardielje se en antysemitisme hat gjin plak yn Europa. Wy binne fêst yn ús striid tsjin alle foarmen fan haat."
- Olaf Scholz op X: "De berjochten oer geweld tsjin Israelyske fans yn Amsterdam binne net te fernearen. Soks kinne wy net oer ús kant gean litte. Wa't joaden oanfalt, falt ús oan. Joaden moatte harren yn Europa feilich fiele."
- Emmanuel Macron op X: "It geweld tsjin Israelyske boargers yn Amsterdam docht ús tinken oan 'e meast tsjustere tiid fan 'e skiednis. Ik feroardielje dat en libje mei de ferwûnen mei. Frankryk sil sûnder omhaal striidzje tjin it grouwelige antysemitisme. "
- Joe Biden neamde de antysemityske oanfallen op Israeliërs walglik en in echo fan 'e tsjustere tiden yn 'e skiednis fan 'e joadeferfolging.[15]
- Justin Trudeau op X: "It berjocht út Amsterdam fannacht is ferskriklik. Dit is in tsjuster momint foar ús wrâld - ien dy't wy earder seagen. Myn hert giet út nei de slachtoffers en de hiele Joadske mienskip. Kanada feroardielet dit walglike antysemitisme."
Reaksjes út de sport
bewurkje seksje- KNVB: Wy binne skrokken fan 'e bylden út de Amsterdamske binnenstêd ... It geweld stiet fier ôf fan 'e moaie fuotbaljûn yn 'e Johan Cruijff ArenA. Wy ferwachtsje dat de dieders pakt en straft wurde.[16]
- Ajax: Nei in sportjûn mei in moaie sfear yn it stadionn ... binne wy ferslein oer wat der yn it Amsterdamske sintrum fannacht barde. Wy feroardielje dit geweld.[17]
- De Marokkaansk-Nederlânske fuotballer Hakim Ziyech sette in filmke op Instagram fan in groep dy't op in pear Israelyske boargers jeije. By it filmke skreau er sels de tekst "As it gjin froulju en bern binne rinne se fuort".[18]