Oberdiebach
Oberdiebach is in Ortsgemeinde yn 'e lânkring Mainz-Bingen yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Oberdiebach heart by de ferbânsgemeente Rhein-Nahe, dy't fanút de stêd Bingen-am-Rhein bestjoerd wurdt.
Oberdiebach | ||
Ruïne Fürstenberg. | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Mainz-Bingen | |
ferbânsgemeente | Rhein-Nahe | |
Stedsyndieling | 3 Ortsteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 849 (2022) | |
Oerflak | 8,36 km² | |
Befolkingsticht. | 102 ynw./km² | |
Hichte | 90 m | |
Oar | ||
Postkoade | 55413 | |
Koördinaten | 50° 2' N 7° 46' E | |
Offisjele webside | ||
www.oberdiebach.de | ||
Kaart | ||
Sûnt 2002 makket Oberdiebach diel út fan it UNESCO-wrâlderfskip Boppe Middenryndelte.
Geografy
bewurkje seksjeOberdiebach leit oan 'e Ryn tusken Koblenz en Bingen am Rhein.
It plak bestiet út trije Ortsteile: Oberdiebach, Rheindiebach en Winzberg.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- Yn it Ortsteil Oberdiebach stiet de Sint-Mauritiustsjerke (1414) mei in smei-izeren preekstoel en fresko's yn it koer.
- Boppe Rheindiebach leit de ruïne Fürstenberg (stifte tusken 1217 en 1219, yn 1689 ferwoastge). Fan 'e goatyske fersterkingen fan Rheindiebach bleaunen allinnich in heale toer stean. De oare helte fan 'e toer gyng tegearre mei grutte dielen fan 'e âlde fersterkingen mei de feroaringen oan 'e Bundesstraße 9 yn 'e twadde helte fan 'e 20e iuw ferlern.
Ofbylden
bewurkje seksje-
De protestantske Mauritiustsjerke fan Oberdiebach.
-
De heale toer fan Rheindiebach (14e iuw).
-
De protestantske Joriskapel fan it Ortsteil Winzberg.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oberdiebach
|