Oerlis:Appingedam

Lêste reäksje: 5 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk

Oant no ta hawwe wy 'dam' yn plaknammen 'dam' litten, dat net Amsterdaam, Rotterdaam en Edaam. Om my hoecht Appingedaam ek net. Wat tinke de meidoggers? Drewes (oerlis) 6 mai 2019, 21.45 (CEST)Beäntwurdzje

Mei iens. By myn witten is der ek net ien dy't it efterheaksel yn plaknammen as '-daam' útsprekt. (Mar goed, ik ken net elkenien yn Fryslân, dat dêr kin ik mis mei wêze.) Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 mai 2019, 22.32 (CEST)Beäntwurdzje
It makket my net út. Ik wol der al even oan taheakje, as wy Appingedam net ferfryskje, wêrom wy oare plakken bûten Fryslân al ferfryskje. Ik tink dat der hast ek net ien is dy't dy foarmen brûkt. Kneppelfreed (oerlis) 6 mai 2019, 23.45 (CEST)Beäntwurdzje
Datlêste bin ik net mei jo iens, Kneppelfreed. Plaknammen as Grins, Inkhuzen, Haarlim, om mar wat te neamen, wurde neffens my rûnom brûkt. Foar Swol, Ynskedee, Utert is dat miskien net sa, mar dat binne histoaryske ferfryskings, dy't ik graach yn eare hâld. Wat oare plakken yn Nederlân oangiet, dy't gjin histoaryske Fryske plaknammen hawwe en ek gjin nammen dy't normaalwei yn it spraakgebrûk ferfryske wurde (lykas Lelystêd), bin ik oer it algemien gjin foarstanner fan ferfrysking. Dan krije jo ferfrjemdzjende nammen as Seewâld (Zeewolde) en Swietermar (Zoetermeer). Neffens my sjitte we dêrmei ús doel foarby. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 mai 2019, 00.38 (CEST)Beäntwurdzje
Ik bin it alhiel mei jo iens, mar der sitte hjir en dêr noch wol wat nuvere nammen by sa as bygelyks "Hilversum", dêr't wy Hilfertsom fan makke hawwe. Wêr komt dat einlings wei? Kneppelfreed (oerlis) 7 mai 2019, 05.32 (CEST)Beäntwurdzje
Hilfertsom skynt in histoaryske ferfrysking te wêzen. Ik sis "skynt" omdat ik der noch nea fan heard hie foar't ik by de Wikipedy kaam, mar dat seit fansels mear oer my as oer sa'n plaknamme. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 mai 2019, 20.59 (CEST)Beäntwurdzje
Tige foar om de plakken harren eigen namme werom te jaan. No docht it my faak tinken oan in konferânse fan Fons Jansen dy't it hie oer in plak yn Noard-Hollân dat 'Trousers in Watercountry' hiet. At der gjin boarnen binnne om in namme oars te skriuwen as de offfisjele namme brûke tinkt my. It liket der op dat it fiel-jo-frij útgongspunt hjir trochsjitten is. Wikipedy hat ek gjin taalbefoarderingsdoelstelling. It doel is om mei besteande boarnen feiten te beskriuwen. (Dan is it fansels prachtich as soks yn it Frysk kin.) Foarôf wol efkes ôfprate wat al of net oanpast wurde moat, al sille der altyd oerlisgefallen bliuwe. Hilfertsom heart bygelyks ek yn it rychje Dimter/Grins. It lestige is allinnich dat Google net folle oars fine as in earder hotel. Sjoch hjir. It sil wol in soad wurk wêze om in soad nammen oan te passen, mar ik doch wol mei by it oanpassen.Frou Watzema (oerlis) 7 mai 2019, 10.57 (CEST)Beäntwurdzje
Mei iens, en moai dat jo meihelpe wolle. Al even in korreksje: ik leau net dat it oan it "fiel-jo-frij"-prinsipe leit. Neffens my hiene de ierdere meidoggers fan 'e Wikipedy gewoan in hiele oar ynstek as wy, nammentlik: in konsensus dat der safolle mooglik ferfryske wurde moast. No goed, dêr kinne je it mei iens wêze of net, mar it wie net dat elkenien mar wat die. Ik moat bekenne dat ik yn 'e earste jierren dat ik hjir aktyf wie, dêr ek oan meidien haw, mei Amerikaanske plaknammen as Sint-Louis (St. Louis) en Memfis (Memphis). Letter bin ik ta de konklúzje kommen dat dat gjin goed idee is, en haw ik dy artikels omneamd. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 mai 2019, 20.59 (CEST)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk en Frou Watzema: Tankewol foar it útlizzen wat Hilfertsom oanbelanget. Ik fyn it wichtich dat wy de Fryske nammen oanhâlde dêr't in (âlde) Fryske namme foar bestiet. As dy der net is, dan soene wy de offisjele namme oanhâlde moatte en net sels wat betinke want guon nammen yn Seelân dêr't Drewes nei ferwiisde binne dochs wier om te gnizen Kneppelfreed (oerlis) 7 mai 2019, 22.19 (CEST)Beäntwurdzje

Ik haw op foarstel fan Frou Watzema de boppesteande diskusje ferpleatst nei Wikipedy_oerlis:Mienskip#Ferfryskjen of net ferfrysken fan plaknammen bûten Fryslân. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 mai 2019, 20.56 (CEST)Beäntwurdzje

Werom nei de side "Appingedam".