Oerlis:Eagmaryp

Lêste reäksje: 2 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk

"de trije doarpen"

Hokfoar? Aliter 7 des 2008, 23.23 (CET)Beäntwurdzje

@Drewes, Ieneach fan 'e Esk, Kneppelfreed, Frou Watzema, Wutsje, Anoniem-NOF, en FreyaSport: Ik wie der al benaud foar dat foar Eagmaryp itselde jildt as Terkaple. Ik ha my noch net hiel goed ynlêzen, mar sa op it earste gesicht hjir ek in soad oerstallige tekst, bygelyks in hiele beskriuwing oer jubilea fan it molkfabryk en beskriuwings lykas "op it plak dêr’t famylje Grondsma no wennet". Graach jimme goedkarring foar in foarse yngreep yn it lemma. --RomkeHoekstra (oerlis) 4 des 2022, 13.46 (CET)Beäntwurdzje

In treflik idee. Wat net yn boarnen stiet kin der om my yn alle gefallen dochs al wol út. Wutsje 4 des 2022, 13.50 (CET)Beäntwurdzje
Jo ha goed wurk dien op Terkaple, dat fiel jo frij dat fuort te heljen wat neffens jo fuort moat. En bla bla lykas Dizze kaam foar yn it hiem fan Leffertstra telâne; doe destiids de pleats fan T. Kaastra. Dêr bleau er al dy jierren lizzen. mei der sekers út want wa wie Kaastra en wêr wenne Kaastra?. Mar mochten jo der efter komme wêr't dy blyngonger bedarre, kinne jo der altyd noch, Der kaam in blyngonger dêl yn 'e buert fan (strjitnamme) (húsnûmer). fan meitsje. FreyaSport (oerlis) 4 des 2022, 14.16 (CET)Beäntwurdzje
Freget ek om in flinke yngreep. Drewes (oerlis) 4 des 2022, 16.04 (CET)Beäntwurdzje
Gean jo gong. Tige tank dat jo dat dwaan wolle. Kneppelfreed (oerlis) 4 des 2022, 21.54 (CET)Beäntwurdzje
Fiel jo frij. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 des 2022, 23.35 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Eagmaryp".