Under de term ôfwennen wurdt yn 'e biology ferstien it ferfangen fan 'e tatemolke troch oar (yn 'e regel fêst) iten as fiedingsboarne foar in poppe of bistejong. Mei't fieding mei tatemolke inkeld by sûchdieren foarkomt, is ek it ferskynsel ôfwennen ta dy groep beheind. It bern of jong is folslein ôfwûn as er hielendal gjin tatemolke (of in ferfangingsmiddel yn in flesse) mear kriget, mar oergien is op 'e konsumpsje fan fêst iten. Ofwennen liedt faak ta in saneamd ôfwenningskonflikt, wêrby't de mem besiket en twing har bern om op oar iten oer te gean, wylst it bern de mem safier besiket te krijen dat se trochgiet mei him it boarst te jaan. It ôfwennen is altyd in tige smoarch proses, mei't poppen de koördinaasje misse om effisjint út harsels te iten, sadat yn 'e regel likefolle iten fergriemd wurdt as dat de poppe wier binnenkriget. Boppedat hawwe poppen de oanstriid om iten dat har net befalt prompt wer út te spuien.

In mem yn Guinee-Bissau jout har bern it boarst.

Tiid om ôf te wennen

bewurkje seksje

Bisten witte ynstinktyf wannear't it tiid is om 'e jongen ôf te wennen (in tiidstip dat per soarte ferskilt), mar de krekte tiid om minsklike bern ôf te wennen is noch altyd in saak fan oansjenlike kontroverse. De Amerikaanske biologe en boarstfiedingssaakkundige Kathy Dettwyler hat skreaun dat yn ferhâlding ta de ferlykbere ûntwikkeling by oare primaten (sjimpansees, bonobo's, gorilla's, ensfh.) 2½ oant 7 jier de 'natuerlike' âldens foar minsklike bern is om ôf te wennen. Oare wittenskiplike stúdzjes riede in leeftyd fan 13 oant 18 moanne oan.

 
In poppe kriget poppe-iten foarset.

Yn 'e islaam wurde bern yn 'e regel mei twa jier ôfwûn, wylst yn it bibelboek 2 Makkabeeërs (7:27) fermeldt stiet dat it (doe) yn it joadendom normaal wie dat in mem har bern oant trijejierrige âldens it boarst joech. De Amerikaanske Akademy fan Pediatry riedt oan om poppen inkeld it earste healjier it boarst te jaan en dan oer te gean op fêst iten. In soad moderne memmen, dy't faak ek foltiids banen hawwe en dêrtroch swierrichheden ûnderfine mei boarstfieding, soene dêr faak leaver earder mei ophâlde. De produsinten fan spesjaal poppe-iten riede oan om harren produkten fanôf fjouwer oant seis moannen ta te tsjinjen, mar sette dêr yn 'e regel by dat dat op dy âldens "allinnich mar om te oefenjen" is en dat it bedoeld is as "oanfolling op tatemolke".

Ferfanging foar tatemolke

bewurkje seksje

It poppe-iten dat poppen yn 'e Westerske wrâld foarset krije as ferfanging fan tatemolke is faak noch weak en heal floeiber, lykas puree fan fruchten of grienten. De Britske National Health Service riedt oan om sokke jonge bern gjin iten te jaan dêr't weet, gluten, siedden, nuten, produkten op basis fan pinda's, lever, aaien, fisk, skaaldieren, kowemolke of sêfte tsiis yn sit. Sok iten soe by poppen itensallergyen opwekje kinne. Der binne lykwols fraachtekens by dizze en soartgelikense advizen pleatst troch wittenskippers dy't úthâlde dat ûndersyk oantoant dat iere bleatstelling oan sokke potinsjele allergenen de wierskynlikens fan itensallergyen net opwekket, mar earder ôfnimme lit.

Yn in protte net-Westerske kultueren krije poppen dy't ôfwûn wurde daliks itselde iten foarset dat harren âlden ek ite, mar dat foar harren foarkôge is troch (meastal) de mem. Wittenskiplik ûndersyk hat oan it ljocht brocht dat sok foarkôgjen fan 'grutte-minske-iten' in wichtige ûntwikkeling wie yn 'e minsklike skiednis, om't it bern al op in iere leeftyd foarseach fan in folle bettere boarne fan proteïnen as dat se oars te iten krije soene, wat by har in izertekoart foarkaam. Boppedat hat foarkôgjen ek ymmunologyske foardielen troch stoffen dy't fia de flibe fan 'e mem oan 'e poppe oerdroegen waarden. Dat giet der dan wol fan út dat de mem sûn, is, want it is likegoed mooglik om sykten op dy wize fan âlder op bern troch te jaan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.