Oude Niedorp
Oude Niedorp (Frysk: Alde Nijdoarp);[1] West-Frysk: Ouwe Nierup) is in doarp yn 'e Noard-Hollânske gemeente Hollâns Kroan. Alde Nijdoarp wie oant 1970 in selsstannige gemeente, dêr't ek de doarpen 't Veld en Zijdewind (Frysk: It Fjild en Sydweind)[2] ûnder foelen.
Oude Niedorp | ||
Ruïnetsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Hollâns Kroan | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 405 (1 jannewaris 2023) | |
Oar | ||
Koördinaten | 52° 43 'NB, 4° 52 'EL | |
Kaart | ||
It doarp krige yn 1415 tegearre mei it oare doarp, Nieuwe Niedorp (Nije Nijdoarp), stedsrjochten ûnder de namme 'Stede Niedorp'.
Alde Nijdoarp hat 405 ynwenners.
Namme
bewurkje seksjeYn it jier 1206 waard der praat oer Nyedorp, dat tsjutte op in nije wenkearn. It plak waard yn 1298 Oudeniedorp neamd, itjinge der op wiist dat der noch in kearn ûntstean wie dy't Nije Nijdoarp neamd waard. De namme Niedorp soe ek in gearlûking wêze kinne fan Ten-iedorp, dat wetterdoarp bestjut.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeYn Alde Nijdoarp is de ruïnetsjerke it besjen wurdich. De tsjerke baarnde op 3 april 1977 nei it ynslaan fan 'e bliksem ferlern.
De midsiuwske tsjerke baarnde yn 1977 nei bliksemynslach ôf en waard net wer opboud. Dêrnjonken stiet yn it doarp de nôtmûne 'De Hoop'. De mûne is yn 1641 boud en mealree.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeente Hollâns Kroan | ||
---|---|---|
Doarpen: Anna Paulowna • Barsingerhorn • Breesân • Den Oever • Haringhuizen • Hippolytushoef • Kolhorn • Kreil • Kreileroord • Lutjewinkel • Middenmeer • Nieuwe Niedorp • Nieuwesluis • Oosterland • Oude Niedorp • Slootdorp • Stroe • Van Ewijcksluis • 't Veld • Westerland • Wieringerwaard • Wieringerwerf • Winkel • Zijdewind | ||
Utbuorrens: De Haukes • Kleine Sluis • Moerbeek • Vatrop • Verlaat (foar in part) • Westerklief | ||
· · |