Anna Paulowna
Anna Paulowna is in doarp en in eardere gemeente yn 'e kop fan 'e provinsje Noard-Hollân. Sûnt in fúzje fan 1 jannewaris 2012 is Anna Paulowna it haadplak fan 'e gemeente Hollâns Kroan.
Anna Paulowna | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Hollâns Kroan | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 8.655 (1 jannewaris 2023) | |
Oar | ||
Koördinaten | 52° 51'N 4° 49'E | |
Kaart | ||
Anna Paulowna telt 8.655 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Skiednis
bewurkje seksjeYn 'e midsiuwen hearde it gebiet by it Fryske goa Teksla. It wetter soarge foar in soad oerlêst oant it hielendal troch it wetter ferneatige waard.
De Anna Paulownapolder wie yn 'e 19e iuw de lêste mei partikulier jild drûchmakke polder yn Nederlân. De nije polder foel doe ûnder de gemeente Zijpe. Op 1 augustus waard de nije polder in selstannige gemeente. Yn 1990 waarden de Wieringerwaard en de Waardpolder by de gemeente Anna Paulowna foege. Anna Paulowna foarmet ûnderdiel fan 'e gearwurkingsregio Noardkop, dy't ek wol de Kop fan Noard-Hollân neamd wurdt.
De polder is ferneamd nei keninginne Anna Paulowna, de frou fan Willem II en de mem fan kening Willem III. De dûbelkoppige swarte earn fan 'e Romanov's ferwiist nei de komôf fan 'e ferneamde keninginne.
Op 'e sângrûn fan 'e Westpolder koe foar de komst fan keunstdong en foar de ferbettere wetterhûshâldig mar ien ko op 'e fiif hektare holden wurde. Yn 1912 die bliken dat de grûn tige geskikt wie foar de tylt fan blombollen en de gemeente Anna Paulowna groeide út ta it grutste oanienriigjed bollegebiet fan Nederlân.
Nei 1920 kaam in twadde kolonisaasje fan pioniers op gong, dy't Breesân ta it tichtstbefolke diel fan 'e polder makke.
Gemeente
bewurkje seksjeSûnt 1990 bestie de 77,56 km² grutte gemeente Anna Paulowna út de polders Anna Paulownapolder, Wieringerwaard en de Waardpolder. Foar de Waadseekust leit de grutte waadplaat Balchsân. It plak Anna Paulowna leit sintraal yn 'e Anna Paulownapolder en foarmet in gehiel mei Lytse Slûs. Yn 2011 hie de gemeente 14.242 inwoners.
|
|
Berne
bewurkje seksje- Lou de Palingboer (1898–1968), lieder religieuze beweging
- Ard Schenk (1944), reedrider.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Anna Paulowna fan Wikimedia Commons. |
Gemeente Hollâns Kroan | ||
---|---|---|
Doarpen: Anna Paulowna • Barsingerhorn • Breesân • Den Oever • Haringhuizen • Hippolytushoef • Kolhorn • Kreil • Kreileroord • Lutjewinkel • Middenmeer • Nieuwe Niedorp • Nieuwesluis • Oosterland • Oude Niedorp • Slootdorp • Stroe • Van Ewijcksluis • 't Veld • Westerland • Wieringerwaard • Wieringerwerf • Winkel • Zijdewind | ||
Utbuorrens: De Haukes • Kleine Sluis • Moerbeek • Vatrop • Verlaat (foar in part) • Westerklief | ||
· · |