Brieven fan Paulus

(Trochferwiisd fan Paulinyske Brieven)

De Brieven fan Paulus of de Paulinyske Brieven (yn ingere sin) beslane 9 fan 'e 21 brieven yn it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. Dat binne brieven dy't skreaun binne troch de apostel Paulus oan ier kristlike gemeenten yn Rome, Lyts-Aazje en Grikelân. Yn bredere sin hearre ek de 5 Pastorale Brieven ta de Brieven fan Paulus, mei't Paulus ek dêrfan de auteur wie. Under de Brieven fan Paulus binne guon fan 'e ierste kristlike dokuminten, dy't in seldsum ynsjoch jouwe yn 'e leauwenswrâld fan en de strideraasjes mank de iere kristenen. As ûnderdiel fan 'e kanon fan it Nije Testamint foarmje se boppedat in wichtich part fan 'e grûnslach fan it kristlik leauwe. Se besteane út kristlike leare, rie, ûnderrjocht en it oplossen fan in soad foarkommende swierrichheden yn ier kristlike mienskippen.

De folsleine opsomming (neffens de folchoarder sa't dy oanholden wurdt yn it Nije Testamint fan 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) is sa:

Hjirby moat oantekene wurde dat yn lutherske bibels it Brief oan de Hebreeërs, yn 'e mande mei twa fan 'e Algemiene Seinbrieven en de Iepenbiering fan Jehannes, yn in taheakke hielendal efteroan yn it Nije Testamint pleatst wurdt, mei't Marten Luther dy teksten as apokryf beskôge.

Oare brieven fan Paulus

bewurkje seksje

Guon brieven fan 'e apostel Paulus wurdt yn oerlevere teksten wol nei ferwiisd (dus we witte dat se bestien hawwe moatte), mar binne sels net bewarre bleaun. Dat binne:

  • it Eardere Brief oan de Korintiërs (foarôfgeande oan 1 Korintiërs), dêr't nei ferwiisd wurdt yn 1 Kor. 5:9;
  • in Tredde Brief oan de Korintiërs, it saneamde Strange Brief of it Brief fan de Triennen, oanhelle yn 2 Kor. 2:4 en 7:8-9; dit brief moat net betize wurde mei it apokrife Tredde Brief oan de Korintiërs, dat in tekst is dy't sabeare troch Paulus skreaun is, mar dat yn wurklikheid net is (in pseudepigraaf);
  • it Eardere Brief oan de Efeziërs (foarôfgeande oan Efeziërs), dêr't nei ferwiisd wurdt yn Ef. 3:3-4;
  • it Brief oan de Laodikers, dêr't nei ferwiisd wurdt yn Kolossers 4:16 (men giet derfan út dat dit brief ferlern gien is; de tekst dy't oerlevere is yn 'e Codex Fuldensis wurdt beskôge as apokryf).

Oare brieven mei in bân mei de apostel Paulus binne:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliographic resources, op dizze side.