Philip Vegelin fan Claerbergen
Philip Frederik Vegelin fan Claerbergen (ek Vegilin fan Claerbergen) (9 maaie 1685 - 28 july 1738) wie grytman fan Haskerlân en deputearre fan Fryslân.
Libben en wurk
bewurkje seksjeVegelin wie in soan fan de grytman fan Haskerlân Hessel Vegelin fan Claerbergen (1655-1715) en Anna Maria fan Viersen (1653-1696). Hy folge yn 1707 syn heit op as grytman fan Haskerlân. Fan 1713 - 1716 en fan 1728 - 1731 wie hy lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân foar Sânwâlden. Foar Fryslân wie hy lid fan de Ried fan Steat (1707-1713) en sûnt 1716 makke hy foar Fryslân diel út fan de Steaten-Generaal.
It jier neidat hy beneamd wie as grytman fan Haskerlân waard hy útstjoerd troch de Steaten-Generaal as deputearre te fjilde nei de Súdlike Nederlannen yn de Spaanske suksesjeoarloch. Syn heit nom syn funksje as grytman waar yn Haskerlân. Hy wist belangrike ynformaasje te garjen oer it ferrin fan de oarloch. Nei syn weromkomst yn Fryslân fêstige er him op de Heremastate[1] op De Jouwer. Hy joech opdracht ta it oanlizzen fan in baroktún by dy state. Ek wie hy ien fan de inisjatyfnimmers foar de nije wei fan De Jouwer nei Akkrum.
Vegelin wie in foaroansteand adviseur fan Maria Louise fan Hessen-Kassel dêr't hy goed mei befreone wie. De relaasje mei har soan prins Willem Karel Hendrik Friso, de lettere steedhâlder Willem IV, wie ôfstanliker. Hy fûn dat de prins net altiten like ferstannich operearde en faak nei ferkearde advizen harke.[2]
Yn 1723 besleaten Deputearre Steaten fan Fryslân dat it Dokkumer Grutdjip fanwege it oerstromingsgefaar ôfsluten wurde moast. Fanwege syn bekwaamheden op it mêd fan wiskunde en wurktúchboukunde waard er, tegearre mei syn kollega Michael Onuphrius thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, as kommissaris belêste mei de bediking fan it Dokkumerdjip en mei de oanlis fan de Dokkumer Nije Silen. Neidat it wurk yn 1729 foltôge wie waard in tinkteken oprjochte ter eeuwige nagedachtenis, sa't op it tinkteken te lêzen stiet, van de overdijking van het Dokkumerdiep. Ek wurdt fermelde, dat seistûzen roeden dyk Eastergoa behoede sille foar wetteroerlêst. De werklike ôfsluting fan it djip barde yn oanwêzichheid fan beide kommissarissen. Harren wapens krigen in plak op it tinkteken.
Vegelin troude op 6 april 1717 mei de widdo Susanne Elisabeth fan Essen (1707-1766) fan Middelburch, dochter fan de advokaat-fiskaal fan de admiraliteit fan Seelân Pieter fan Essen en Barbara Steengragt. Harren houlik bleau sûnder bern. Vegelin ferstoar yn july 1738 yn de âldens fan 53 jier. Hy waard as grytman fan Haskerlân opfolge troch syn jongere broer Assuerus.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|