Pier Tania
Meinte Piet (Pier) Tania (Amsterdam, 29 jannewaris 1925 - Amersfoart, 22 april 1995) wie in Nederlânsk presintator.
Libben
bewurkje seksjeTania wurke foar it ANP en de VARA. Mei syn aparte swiere stim wie er en bekende ferskining op de Nederlânske telefyzje yn de jierren '60. Mei Elles Berger, Koos Postema en Hans Jacobs presintearre hy alle wiken it VARA-magazine "Zo maar een zomeravond."
Dêrnei wie Tania in stikmannich jierren haad fan it Buro Kulturele Saken fan de gemeente Grins. Hy en NCRV-meiwurker Gerard van den Berg hienen tagelyk sollisitearre nei de funksje fan foarljochter en beide waarden oannaam. Mei kulturele manifestaasjes sa as Beeld en Route soarge er foar in protte (ek lanlike) publisiteit, mar yn 1969 hie er it wol besjoen yn it noarden.
Tania kaam werom by de VARA en waard einredakteur by de aktualiteitenrubryk Achter het Nieuws. Tania syn lêste grutte put wie de presintaasje yn 1989 fan de fernijde rige De Bezetting, dy't skreaun en regisearre wie troch de histoarikus Loe de Jong.