Poldermûne D
Poldermolen D is in poldermûne oan 'e Noarderfeart tusken Stompetoren en Schermerhorn yn 'e Noard-Hollânske gemeente Alkmar.
Poldermûne D | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Alkmar | |
plak | Stompetoren | |
adres | Noordervaart 49 | |
koördinaten | 52° 36'N 4° 51'E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
flecht | 25 m | |
boujier | 1635 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Skermer Mûnen St. | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 33095 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe mûne waard yn 1635 boud as ûndermûne fan in tydlike mûnegong by Oudorp. Mei't de Skermer drûch foel, ferhûze de mûne nei de hjoeddeiske lokaasje, dêr't er de 315 hektare grutte polder D fan 'e Skermer op 'e Noarderfeart bemealle. De Noarderfeart makket diel út fan 'e binnenboezem fan 'e Skermer.
It skeprêd fan 'e mûne waard yn 1875 ferfongen troch in skroef. As gefolch fan 'e bou fan elektryske gemalen yn 'e Skermer rekke de mûne yn 1929 syn funksje kwyt. De tocht waard doe tichtsmiten en feroare yn greide.
Yn it ramt fan it wer mealree meitsjen fan alle Skermermûnen sûnt 2002 krige de mûne in nije skroef en waard de 300 m lange tocht op 'e nij útgroeven. De skroef waard yn 2019 wer fernijd.
Beskriuwing
bewurkje seksjePoldermûne D is in reiddutsen achtkante muonts mei in Ald-Hollânsk wjukkekrús. Lykas in soad Noard-Hollânske poldermûnen is Poldermûne D in binnenkruier en it kruiwurk hat 57 houten rollen. De mûne hat in fêste skoarfang.
De mûne is op ôfspraak te besichtigjen en is yn eigendom fan 'e Stifting De Skermer Mûnen.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|