Porfyrius (Gryksk: Πορφύριος, Porphyrios; Tyrus, ±234Rome, ±305) wie in Gryksk neoplatoanysk filosoof út 'e Romeinske Tiid. Hy redigearre en bekommentariëarre ferskate âldere wurken, fan syn eigen learmaster Plotinus, mar ek fan Aristoteles, Euklides en Ptoleméus. Dêrnjonken skreau sels ek in protte wurken oer in ferskaat oan ûnderwerpen. Hy is it bekendst wurden troch syn Isagoge of "Ynlieding" (nammentlik ta de Categoriae fan Aristoteles), en mei syn traktaat Kata Christianou ("'Tsjin de Kristenen"), dat neitiid ferbean waard troch keizer Konstantyn de Grutte.

Porfyrius
persoanlike bysûnderheden
echte namme Πορφύριος ("Porphyrios")
nasjonaliteit Romeinsk
berne ±234
berteplak Tyrus (Romeinske Ryk)
stoarn ±305
stjerplak Rome (Romeinske Ryk)
etnisiteit Gryksk
wurkpaad
berop/amt filosoof
jierren aktyf 273 – ±305
bekendste
  wurk(en)
Ynlieding (ta de Categoriae)
Tsjin de Kristenen

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Porfyrius waard om 234 (n.Kr.) berne yn 'e havenstêd Tyrus, yn wat no Libanon is, yn in etnysk Grykske famylje. Nei't it skynt joegen syn âlden him de namme Malchus, dat "kening" betsjut, mar neitiid krige er fan Kassius Longinus, syn learmaster yn Atene, de bynamme Porphyrios, dat "klaaid yn poarper" betsjut. Mooglik sloech dat op syn berte yn Fenysje, dat fan âlds bekendstie om 'e produksje fan 'e kleurstof poarper. It is lykwols ek mooglik dat it in grap wie, dy't sloech op 'e betsjutting fan Malchus, mei't keningen klaaid geane yn poarper. Hoe dan ek, de bynamme bleau stykjen, en sa rekke er bekend as Porfyrius.

Nei't er ferskate jierren yn Atene ûnder Kassius Longinus grammatika en retoarika studearre hie, sette Porfyrius yn 262 nei Rome ta. Hy hie nammentlik heard fan 'e filosoof Plotinus, en woe by him yn 'e lear. Yn Rome lei Porfyrius him ûnder tafersjoch fan syn nije master seis jier lang ta op 'e stúdzje fan it neoplatonisme. Yn dy tiid paste er syn dieet drastysk oan, en letter soed er in traktaat skriuwe oer it jin ûntsizzen fan dierlik iten, wêrmei't er de grûnslach lei foar it Westerske fegetarisme. Op in stuit rekke er lykwols geastlik paadbjuster en krige er oanstriid ta selsdeading. Op advys fan Plotinus sette er him doe de folgjende fiif jier nei wenjen op Sisylje, dêr't er syn geastlik lykwicht weromwûn.

Wurkpaad as filosoof

bewurkje seksje

Doe't er yn 273 fannijs yn Rome arrivearre, begûn er sels as filosoof en learmaster te wurkjen. Teffens foltôge er in edysje fan it folsleine oeuvre fan Plotinus (de Enneäden), dy't yn 'e tuskentiid ferstoarn wie. Ek skreau er in biografy fan syn master, dy't er by wize fan foarwurd oan 'e Enneäden tafoege en dêr't it meastepart fan 'e hjoeddeistige kennis oer Plotinus oan ûntliend is. Yn âlde neoplatoanyske geskriften wurdt Iamblichus neamd as in learling fan Porfyrius, mar nei alle gedachten betsjutte dat inkeld dat dyselde it dominante lid fan 'e folgjende generaasje filosofen wie, en hoecht it net te sizzen dat er ek wier-wier by Porfyrius yn 'e lear gien wie. De beide mannen hiene in publyklik skeel oer de kwestje fan teürgy (de útfiering fan rituëlen om 'e goaden ta aksje oan te setten, lykas gebedens, offerjeften, ensfh.).

Porfyrius wie in tsjinstanner fan it kristendom en in ferdigener fan it heidendom. Tsjin 'e ein fan syn libben skreau er Kata Christianou ("Tsjin de Kristenen"), dat fyftjin boeken omfette. Dêryn erkende er Jezus Kristus as in treflik filosoof, mar net as profeet en alhielendal net as in god, hoewol't Augustinus fan Hippo en de fiifde-iuwske tsjerkehistoarikus Sokrates fan Konstantinopel letter útholden dat Porfyrius earder sels in skoft kristen west hie. Kata Christianou waard nei Porfyrius syn ferstjerren ferbean troch de kristlike keizer Konstantyn de Grutte, en yn 435 (en jitris yn 448) befoel Teodoasius II dat alle kopyen fan dat wurk ferbaarnd wurde moasten. Sadwaande is alles dat der tsjintwurdich noch fan bekend is (en dat is frijwat) iroanysk genôch oerlevere troch kristlike skriuwers as Eusebius fan Sesaréa, Apollinaris fan Ravenna en Hieronymus fan Stridon, dy't withoefolle sitaten fan Porfyrius oanhellen sadat se dy wjerlizze koene.

Priveelibben en ferstjerren

bewurkje seksje

Op jierren troude Porfyrius mei in Marsella, in Romeinske widdo mei sân bern, dy't in entûsjaste filosofylearlinge wie. Fierder is der net folle mei wissichheid oer Porfyrius syn libben te sizzen. Hy stoar yn Rome, nei alle gedachten om it jier 305 hinne.

  • Isagoge – "Ynlieding" (ta de Categoriae, fan Aristoteles)
  • Pythagorou Bios – "Biografy fan Pytagoras"
  • Peri Apoxis Empsychon – "Oangeande de Untsizzing fan Dierlik Iten"
  • Peri tou En Odysseia tou Nymphon Antrou – "Oangeande de Grot fan de Nymfen"
  • Isagoge is Tin Apotelesmatikin tou Ptolemaion – "Ynlieding ta de Tetrabilos fan Ptoleméus"
  • Is ta Harmonika Ptolemaiou Ypomnima – "Kommentaar op de Harmonyen fan Ptoleméus"
  • Peri tou Plotinou Biou kai Tis Taxeos tou Bibliou Autou – "Oangeande it Libben fan Plotinus en de Oardering fan Syn Wurk"
  • Aphormai pros ta Noita – "Begjinpunt dat Liedt nei Begryplikheden"
  • Peri tis Ek Logiou Philosophias – "Filosofy fan 'e Orakels" (fragmintarysk oerlevere)
  • Kata Christianou – "Tsjin de Kristenen" (net oerlevere)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.