Pride Ljouwert (útspr. "praaid"; Nederlânsk en offisjeel: Pride Leeuwarden) is in optocht fan boaten troch de greften fan 'e Ljouwerter binnenstêd yn it ramt fan it Frysk StrjitFestival.[1][2]

Pride Ljouwert
Pride Leeuwarden
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert (gemeente)
plak Ljouwert (stêd)
holden yn greften fan 'e Ljouwerter binnenstêd
tiid fan it jier ein maaie / begjin juny
bysûnderheden
oare namme GayStraightParade
oanlieding tolerânsje foar homoseksualiteit
soarte evenemint optocht fan boaten
bestean 2015 – no
org. troch Leeuwarden Studiestad
offisjele webside
www.leeuwardenstudiestad.nl/evenementen/pride-leeuwarden-2018

Opset en opbou

bewurkje seksje

De bedoeling fan dit evenemint is om it belang fan 'e tolerânsje foar homoseksuëlen, lesbiënnes, biseksuëlen en transseksuëlen út te dragen.[2][3] De optocht bestiet út preamen, om't de boaten ûnder fêste brêgen troch kinne moatte.[2] De optocht giet mank mei in protte rôze ballonnen, reinbôgeflaggen, ABBA-muzyk en manlju yn frouljusklean.[1][2] It evenemint bestiet út twa ûnderdielen: de Pride Parade, de eigentlike optocht, dy't sa'n twa oeren duorret en midden op 'e dei plakfynt, en de Pride Party, in feest dat dêrnei begjint en trochgiet oant midsnacht.[3] Yn 2018 waard dat feest holden op it Mata Hariplein, oan it Ruterskertier, dêr't û.m. it duo Loïs Lane in optreden fersoarge.[2]

Pride Ljouwert begûn yn 2015 ûnder de namme GayStraightParade,[1][2][3] as ûnderdiel fan it Simmerfestival fan dat jier, mei in optocht fan trije boaten.[1][2] Yn 'e jierren dernei bestie de grutste optocht út sân boaten,[2] mar yn 2018 diene der ynienen 27 preamen mei.[1][2] Dat jiers wie ek de earste kear dat de organisaasje efter de optocht, Leeuwarden Studiestad, gearwurke mei oare organisaasjes, lykas it COC, Neushoorn en Dizz Events.[2]

Tagelyk mei dy groei krige it evenemint ek syn hjoeddeistige namme.[3] Neffens Leeuwarden Studiestad wie dat om't men in wat algemienere namme hawwe woe, dy't foar de rest fan 'e wrâld maklik te pleatsen wêze soe.[2][3] Boppedat, sa sei wurdfierster Talitha Boersma yn it fraachpetear mei de Ljouwerter Krante, binne de dielnimmers hartstikkene grutsk (pride is it Ingelske wurd foar "grutskens") op wa't se binne en op Ljouwert.[2]

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 Walthaus, Asing, Laten zien wie je bent op Pride Leeuwarden, yn: de Ljouwerter Krante, 28 maaie 2018, s. 1.
  2. 2,00 2,01 2,02 2,03 2,04 2,05 2,06 2,07 2,08 2,09 2,10 2,11 Walthaus, Asing, Pride Leeuwarden biedt meer spektakel dan de GayStraightParade, yn: de Ljouwerter Krante, 26 maaie 2018.
  3. 3,0 3,1 3,2 3,3 3,4 ――, Hola, hold your horses! PRIDE Leeuwarden is coming your way!, oankundiging op 'e webside fan Leeuwarden Studiestad.