Frysk StrjitFestival
It Frysk StrjitFestival (Nederlânsk en offisjeel: Fries StraatFestival), soms ôfkoarte ta FSF, is in kultureel evenemint dat elts jier yn it lêste wykein fan maaie yn 'e Ljouwerter binnenstêd holden wurdt. Dit barren is wijd oan strjitteäter en muzyk, en hat as bedoeling om in breder publyk yn 'e kunde te bringen mei de poadiumkeunsten. De organisaasje fan it Frysk StrjitFestival is yn 'e hannen fan Stedsskouboarch De Harmony.
Frysk StrjitFestival Fries StraatFestival | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert (gemeente) | |
plak | Ljouwert (stêd) | |
holden yn | binnenstêd | |
tiid fan it jier | lêste wykein fan maaie | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | FSF | |
soarte evenemint | kultureel (strjitteäter) | |
bestean | 1980 – no | |
org. troch | Stedsskouboarch De Harmony | |
offisjele webside | ||
fries-straatfestival.nl |
It Frysk StrjitFestival bestiet sûnt 1980. Om't it fergees tagonklik is, moat it bekoste wurde út subsydzjes dy't it kriget fan sawol de Provinsje Fryslân as de Gemeente Ljouwert. Jierrenlang wie it in trijedeisk evenemint, dat begûn op freedtejûns en einige op sneintemiddeis. Yn 2017 einige it festival foar it earst op sneontejûns, mei't der troch de subsidiëarjende ynstânsjes sa op 'e bydrage besunige wie dat der eins noch mar jild genôch wie om ien dei mei te bekostjen. It slagge de organisaasje lykwols mei help fan sponsors út 'e private sektor om 'e freedtejûn te behâlden.
Yn 2018 makke it Frysk StrjitFestival diel út fan it bredere projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018. Ien fan 'e meast opfallende ûnderdielen wie Pride Ljouwert, in optocht fan boaten troch de Ljouwerter greften, dy't dat jiers foar it earst yn it ramt fan it Frysk StrjitFestival holden waard. Oare ûnderdielen fûnen plak op 'e Iewâl; it Guverneursplein; it Hofplein; it Klokplein by de Grutte Heechstrjitte; yn 'e Sint-Jabiksstrjitte; op 'e Nijstêd en it Waachplein; op it Mata Hariplein oan it Ruterskertier; op it Haniahôf yn 'e Haniasteech; op it Aldehoustertsjerkhôf; yn 'e Prinsetún; en op 'e Twibaksmerk.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |