Protestantske tsjerke fan Bovensmilde
De Herfoarme tsjerke yn Bovensmilde is in wettersteatstsjerke út 1896. Sawol de tsjerke as de njonkenlizzende pastorij binne yn 1995 op de list fan de ryksmonuminten set. Yn 2010 hat de Protestantske gemeente Bovensmilde de tsjerke oerdroegen oan de Stifting Het Drentse Landschap. Sûnt 2015 is de stifting ek eigner fan de pastorij. Nei in restauraasje makket de protestantske gemeente wer gebrûk fan de tsjerke. De pastorij wurdt troch de stifting brûkt as kantoargebou.
Protestantske tsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
gemeente | Midden-Drinte | |
plak | Bovensmilde | |
adres | Hoofdweg 186 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerke | |
boujier | 1896 | |
boustyl | neoklassisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 482941 | |
offisjele webside | ||
Protestantske gemeente Bovensmilde |
Skiednis en beskriuwing
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn de jierren 1868-1869 boud foar de herfoarme gemeente fan Bovensmilde en ferfong doe in gebou út 1836. It boujier is yn in gevelstien ferivige. Yn 1902 folge oan de achterkant fan de tsjerke de oanbou fan in kosistoarje. Oan de foarkant hat de tsjerke in útboud portaal mei in houten dakruter as bekroaning. Yn de finsters binne kleurde glês-yn-lead-ramen oanbrocht. Foar de preekstoel oer is in brânskildere raam ynbrocht mei in ôfbyld fan Kristus en rûnom de wurden "komt herwaarts tot mij allen die vermoeid en belast zijt en ik zal u rust geven".
Yn 2004 waard de herfoarme tsjerke yn it ramt fan de fúzje mei de grifformearde gemeente ôfstjitten. Op 21 novimber fûn de lêste tsjinst plak. Om't de frijmakke-grifformearde gemeente fan Assen groeide en dy yn de nije wyk Kleasterfean in nije tsjerke bouwe liet, koe it gebou fan 2005 oant 2009 ferhierd wurde oan dy gemeente. De herfoarme tsjerke waard nei it opsizzen fan de hier yn 2010 oerdien oan Het Drentse Landschap. Dy liet de tsjerke restaurearje. By de restauraasje waard ûnder de flier de orizjinele tegelflier ûntdutsen, dy't wer yn oarder makke is. Ek in bygebou achter de tsjerke waard hielendal nij opboud. It ynterieur fan de tsjerke is geskikt makke foar mear aktiviteiten en foar dat doel binne doe banken ferwidere en ferfongen troch stuollen. Nei de restauraasje waard de wettersteatstsjerke wer in echte tsjerke, dy't alle sneinen brûkt wurdt troch de protestantske gemeente.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard oarspronklik yn 1684 foar de Waalske tsjerke yn Kampen boud. Wa't it oargel boud hat is net te sizzen, wol bekend is dat bekende oargelbouwers Albertus Antoni Hinsz en Luitjen Jacob van Dam oan it ynstrumint wurke hawwe. Om't de tsjerkeried fan de yntusken troch de mennisten oernommen Waalske tsjerke yn Kampen in nij oargel bouwe litte woe, waard it ynstrumint tsjin it ein fan de 19e iuw ôfbrutsen. De bouwer fan it nije oargel, Jan Proper, boude yn 1897 it ôfbrutsen oargel út Kampen yn Bovensmilde wer op. Yn de jierren 1980 waard it ynstrumint restaurearre en werom brocht yn de sitewaasje fan 1809.[1]
Ofbylden
bewurkje seksje-
Ynterieur (foar de lêste restauraasje)
-
Glês-yn-lead-raam
-
Brânskildere raam fan Kristus
-
Pastorij
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|