Protestantske tsjerke fan Gasselternijveen

De protestantske tsjerke yn Gasselternijfean is in yn 1858 boude wettersteatstsjerke yn neoklassisistyske styl.

Protestantske tsjerke
Protestantske tsjerke fan Gasselternijfean.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Drenthe.svg Drinte
plak Gasselternijfean
adres Vaart 5
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1858
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 508691 [1]
webside PKN Gasselternijfean

SkiednisBewurkje

Nei't Gasselternijfean tsjerklik sûnt de stifting yn 1663 ûnder Gasselte foel, krige it doarp yn 1707 foar it earst in eigen tsjerkegebou. Healwei de 19e iuw waard de tsjerke te lyts foar it tanimmende ynwennertal fan it doarp. It wie yn de tiid dat dûmny Johannes Elias Feisser, dy't foar in gruttere tsjerke krewearre, spul krige mei de tsjerkfâden om't er langer wegere bern te dopen. De dûmny wie nammentlik oanhinger woarn fan de Doopte Kristenen, dy't letter baptisten neamd waarden. It lied lang om let ta de ôfsetting fan de predikant en yn 1845 liet er him tegearre mei sân oare herfoarme leden troch dûmny Köbler út Hamburch dope. Dêrmei ûnstie de earste baptistegemeente fan Nederlân.

 
Oargel

Nettsjinsteande dat kaam der dochs in nije herfoarme tsjerke. De tastimming foar de bou folge yn 1856 en yn 1859 waard de nijbou foltôge. Al in jiermannich letter ûnstiene der swierrichheden mei de dakruter dy't midden op it dak stie om't'er te swier wie foar it gebou. Op in eigen fundearring waard doe de tsjintwurdige toer foar de tsjerke boud. Yn de toer hinget in yn 1859 troch de firma Elzinga út Grins getten klok.

Sûnt 1997 is de tsjerke in ryksmonumint.

OargelBewurkje

Yn maaie 1900 kocht de herfoarme gemeente in brûkt oargel oan by de bruorren Van Oeckelen. Dat oargel wie al yn 1850 troch Hans Eberhard Freytag en syn soan boud as rêchposityf fan it doedestiidske Schnitger-oargel fan de Lutherske tsjerke yn Grins. It oargel waard yn 1897 ôfbrutsen, mar wylsts it grutte Schnitgeroargel ferlern gyng troch't it yn ûnderdielen brûkt waard by renovaasjes fan oare oargels, bleau it Freytag-oargel bewarre. Van Oeckelen boude dêr yn 1897 in folslein nij oargel fan yn de herfoarme tsjerke fan Gasselternijfean, dat noch jimmeroan yn gebrûk is.

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: