Rânestêdprovinsje
De Rânestêdprovinsje is in mooglike superprovinsje yn Nederlân, besteande út de hiele Rânestêd. De provinsje soe bestean moatte út (dielen fan) Flevolân, Noard-Hollân, Súd-Hollân en Utert. Yn dizze provinsje soene dan fjouwer of fiif grutte regiogemeenten lizze moatte.
De provinsje Súd-Hollân hat al oanjûn foar it foarmjen fan in Rânestêdprovinsje te wêzen. Ek Noard-Hollân is foar, mar is bang dat de provinsje, mei mear as de helte fan it Nederlânske BNP (Bruto Nasjonaal Produkt), in monopoaljeposysje yn nimme sil wêrtroch de provinsje in soarte fan 28e lân fan Jeropa wurdt.
De provinsje soe har ek as kandidaat op jaan moatte foar de Olympyske Spullen yn 2028.
Gebiet
bewurkje seksjeDe Rânestêdprovinsje moat bestean út de provinsjes Noard-Hollân, Súd-Hollân, Utert en Flevolân, ek it Griene Hert soe by de provinsje belutsen wurde moatte.
Ek oare yndielings binne neamd. Bygelyks allinnich it súdlik part fan de provinsje Flevolân ynstee fan de hiele provinsje. Ek de yndieling wêrby't allinnich de Rânestêd yn dizze nije provinsje komme sil en net de gebieten fan de provinsjes dy’t dêr bûten lizze (bygelyks de kop fan Noard-Hollân) wurdt neamd. De gebieten dy’t dan oerbliuwe sille dan op ‘e nij yndield wurde. Yn dit lêste gefal sil bygelyks de kop fan Noard-Hollân tegearre mei in grut part fan Flevolân de nije provinsje Wetterlân wurde.
Rapport
bewurkje seksjeYn septimber 2006 waard in rapport publisearre troch in kommisje ûnder lieding fan âld Unilever topman A. Burgmans. De Rânestêdprovinsje is neffens de kommisje nedich om de posysje fan de Rânestêd ynternasjonaal wichtiger te meitsjen.
De Rânestêd hat neffens de kommisje tefolle te krijen mei saneamde bestjoerlike filefoarming. In oanhaal út it rapport seit: “De beslútfoarming ferrint traach, it berikken fan oerienstimming is tefolle in doel op himsels oan it wurden. Gebrek oan in slachfeardich bestjoer is mei oarsaak oan de ekonomyske efterútgong fan de Rânestêd. Foar it werom kearen by de Jeropeeske top is in herfoarming fan it bestjoer nedich.”
Letter waard ek troch in oare kommisje, ûnder lieding fan âld minister-presidint Wim Kok, oandrong op it foarmjen fan in Rânestêdprovinsje.
Sifers
bewurkje seksjeMocht de Rânestêdprovinsje der oait komme dan sil it in oerflak krije fan likernôch 8293 kante kilometer en in wetteroerflak fan sa’n 3702 kante kilometer. It tal ynwenners soe, op sifers basearre fan 1 jannewaris 2005, útkomme op likernôch 7,6 miljoen ynwenners, wat in befolkingstichtens fan 915 de kante kilometer ynhâldt.