Raven (mytology)
Raven (Ingelsk: Raven) is yn 'e mytology fan in grut tal Yndiaanske natoerreligyen fan Noard-Amearika in godheid en religieus-kultureel archetype. Hy spilet benammen in tige promininte rol yn 'e myten fan 'e folken fan it Noardwesten fan 'e Feriene Steaten, Britsk-Kolumbia en de Alaska Panhandle, lykas de Tlingit, Haida en Taaltan. Raven wurdt yn 'e mytology fan 'e folken dy't dat gebiet bewenje, beskôge as de skepper fan 'e wrâld, mar ek as in trickster. Hoewol't de ferhalen oer him fan folk ta folk ferskille, bliuwt it personaazje fan Raven gelyk: hy is in magyske godheid, dy't fan stal ferwikselje kin en meast as minske en as raven foarkomt, mar ek oare foarmen oannimme kin. Hy bewarret geheimen en leit him as trickster faak ta op 'e befrediging fan syn eigen honger of nijsgjirrigens, wêrby't de baten dy't syn dieden foar de minskheid hawwe mar bysaak, fersin of tafal binne.
Raven (Raven) | ||
Tlingit-hoed yn 'e foarm fan Raven (te sjen yn it Seattle Art Museum). | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
religy | Yndiaanske natoerreligyen | |
domein | trickster | |
famyljerelaasjes en oare besibskip | ||
ekwifalint | Coyote | |
attributen | ||
bist | raven |
Fersprieding
bewurkje seksjeMyten oer Raven komme foar by û.m. de folgjende folken:
- yn Alaska en it binnenlân fan Britsk-Kolumbia:
- yn it gebiet fan 'e Grutte Marren:
- yn Kalifornje:
- oan 'e Noardwestkust (ynkl. de kust fan Britsk-Kolumbia en de Alaska Panhandle)
- de Bella Bella
- de Bella Kûla
- de Haida
- de Kust-Salisj
- de Kwakiûtl
- de Kwiliût
- de Niska
- de Nûtka
- de Sesjelt
- de Skwammisj
- de Tlingit
- de Tsimsjian
- op it Plato:
- de Keur d'Alêne
- yn it Súdwesten:
Ek yn 'e myten fan 'e net-Yndiaanske Inûyt fan noardlik Kanada en Grienlân en de mei har besibbe Jûpik en Aleoeten fan súdwestlik Alaska komt it personaazje fan Raven foar. Ferlykbere ferhalen binne ek bekend fan 'e Tsjûktsjen, it folk dat it Tsjûkotka-skiereilân yn it uterste easten fan Sibearje bewennet. Mooglik komt dat fuort út kulturele beynfloeding troch de Inûyt en Jûpik dy't behalven dielen fan Noard-Amearika en parten fan eastlik Sibearje bewenje.
Myten
bewurkje seksjeYn 'e mytology fan 'e Tlingit kinne twa ferskillende Ravens identifisearre wurde, hoewol't it ûnderskie net altyd like dúdlik is. De iene is de skepper-god, dy't ferantwurdlik is foar it ûntstean fan 'e wrâld en it bringen fan ljocht yn it tsjuster. De oare is de eigenikkige, slûchslimme, manipulative trickster. Neffens ien Tlingit-myte bewarre de Grutte Geast, nei't er alles skepen hie, alle dingen apart faninoar yn houten doaskes. Neitiid bejeftige er alle mindere godheden mei ien sa'n doaske, en doe't se dy iependiene, waard alle ynhâld kombinearre en kaam de wrâld ta stân. Seefûgel, lykwols, dy't it doaske krigen hie dêr't it ljocht yn siet, woe syn geskink foar himsels hâlde. Alle oare godheden fregen Raven om Seefûgel oer te heljen en jou it ljocht op, mar wat Raven ek die, freegjen, smeekjen, easkjen, flaaikjen of bedragen, Seefûgel hold syn doaske fêst ûnder in wjuk en wegere it ôf te stean. Uteinlik ferlear Raven syn geduld en dreau in toarne yn Seefûgel syn poat oant dy troch de pine it doaske falle liet. Dat briek iepen en sa kamen de sinne, de moanne en de stjerren te foarskyn, sadat de earste dei oanbrekke koe.
By de Haida komt Raven ek as skepper-god en as trickster foar, mar is er dúdlik ien en itselde personaazje. Neffens de skeppingsmyte fan 'e Haida wie Raven ris goed útrêste en hied er him bêst folfretten, en wist er net goed wat er mei himsels útfine moast. Doe fûn er in mokselskelp dêr't in stikmannich manlju yn finzen sieten. Raven iepene de skelp en liet de manlju derút, mar rekke al rillegau ferfeeld. Doe fûn er in oare skelp, dêr't froulju yn finzen sieten, en dy iepene er ek. Neitiid brocht er de manlju en froulju byinoar út nijsgjirrigens wat der dan barre soe, en mei de ynteraksje fan dy earste minsken koed er him in hiel skoft fermeitsje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |