Reggae

(Trochferwiisd fan Reggea)

Reggae (útspr.: [ˈɹɛɡeːʲ], likernôch: "rek-gee" mei de g fan "goed"; alternative stavering: reggee) is in sjenre fan muzyk dat ôfkomstich is fan Jamaika, yn it Karibysk Gebiet. It is foar eltsenien fuortendaliks werom te kennen om't it as ien fan 'e iennichste muzyksjenres de klam op 'e twadde en fjirde tel hat (ynstee fan op 'e earste en trêde). It ûntstie yn 'e 1960-er jierren út 'e eardere muzyksjenres ska (dêr't it him fan ûnderskiedt troch in stadiger styl) en rocksteady. It omfettet ek sterke ynfloeden fan mento, in tradisjonele Jamaikaanske soarte fan folksmuzyk, en teffens an Amerikaanske jazz en rhythm and blues. Reggae ûntlient syn namme oan 'e single Do the Reggay fan Toots and the Maytals út 1968, dat it earste popliet wie dat de term 'reggae' brûkte (wêrfan't de stavering doe noch net fêstlei).

Bob Marley by in optreden yn Zürich op 30 maaie 1980. Marley wie nei alle gedachten de meast ferneamde reggae-artyst, dy't syn muzyksjenre wrâldwiid op 'e kaart sette.

Hoewol't reggae tsjintwurdich ek troch in protte net-Jamaikanen spile en beharke wurdt, is it sjenre noch altyd sterk ferbûn mei de Jamaikaanske kultuer en mei eleminten dêrfan, lykas dreadlocks (in hierstyl) en it smoken fan marihûana. Op Jamaika en mank de Jamaikaanske diaspora is de muzyk rûnombywêzich. Reggae is ek sterk ferbûn mei it rastafarianisme, in afrosintristyske religy dy't him yn 'e 1930-er jierren yn Jamaika ûntjoech mank de sosjale ûnderklasse fan negroïde ôfstammelingen fan plantaazjeslaven. It spyljen fan reggae is in wichtige manear om 'e boadskip fan it rastafarianisme te fersprieden.

Op it mêd fan muzykynstruminten spilet it basgitaar faak de boppetoan yn reggaemuzyk, wylst it drumstel ek wichtich is. Tegearre mei it basgitaar soarget dat foar de basis fan 'e muzyk, de riddim ("ritme"). Foar de rest kinne oare ynstruminten tafoege wurde, mar dy binne net nedich. Lietteksten wurde by reggae faak songen yn Jamaikaansk-Kreoalsk of Jamaikaansk-Ingelsk (dat in troch Jamaikaansk-Kreoalsk beynfloede foarm fan it Ingelsk is). De muzyksoarte hat in tradysje fan maatskippijkrityk en religieuze boadskippen yn syn lieten. Ut reggae is reggae en Español fuortkommen, in Spaansktalige foarm fan reggae mei eigen tradysjes, dy't oarspronklik ûntstien is yn Panama en him letter ferspraat hat nei benammen Fenezuëla en Guyana.

As grutste reggaemuzikant ea wurdt troch hast eltsenien Bob Marley oanwiisd, dy't mei syn muzyk grut ynternasjonaal súkses hie yn 'e 1970-er en iere 1980-er jierren, foar't er yn 1981 mei 36 jier ûntidich kaam te ferstjerren oan kanker. Ien fan syn bekendste nûmers wie One Love (1978). Oare tige bekende reggaelieten binne Dreadlock Holiday fan 10cc (1978), I Got You Babe fan UB40 (1985) en Don't Worry, Be Happy fan Bobby McFerrin (1988). Yn 'e Nederlânske kontekst stie de band Doe Maar yn 'e 1980-er jierren bekend om syn reggaenûmers.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.