Rennerdastate lei by Brantgum, yn de gemeente Dongeradiel. It ûntstean is ûnbekend en oer de krekte lizzing bestiet betizing. Op it plak dêr't Wopke Eekhoff en Obe Postma de state situearje, steane no wenten, it fermoedlike plak fan floreennûmer 1 is tsjintwurdich greide.

Yn de Nije Tiid hie Brantgum gjin stins of aadlike state. Yn de Midsiuwen hie it doarp wol in doarpshaadling, dy't yn 1504 ek as ealman beskôge waard. Yn it begjin fan de 16e iuw hearden de eigeners fan beide staten yn dit doarp ta it houlikssirkwy fan de Fryske adel: de Rennerda's en de Mennerda's. Rennerda en Mennerda wienen yn 1511 de twa ienige staten yn Brantgum dy't troch de eigeners sels bewenne waarden; alle oare pleatsen wienen pachtgoed. Yn 1640 wienen beide pleatsen pachtgoed wurden.

Meardere kearen trede de lêste desennia fan de 15e iuw de haadling Pybo toe Brantgum tegearre mei de Brantgumer gemeente op. Yn 1504 waard hy tagelyk mei syn broer Lieuwe rekkene ûnder de eallju fan West-Dongeradiel. Pybo wenne nei alle gedachten op Rennerdastate. Ta ferdúdliking: de grutste grûnbesitter yn Brantgum yn 1511 wie Tiaerd Burmania te Ljouwert mei besit yn trije saten, oanslein foar 60 floreen; dêrnei folget de family Rennerda. Ayle Rennerden en Menne Rennerden hiene doe twa saten, wêrûnder Rennerda. Yn totaal waarden se oanslein foar 40 floreen, wylst se boppedat noch wat lân fan oaren brûkten. De Rennerda's hienen connubium mei oare aadlike familys: Rinia, Hania fan Holwert, Jaersma, Herema en Camstra. De genealogysk hânskriften jouwe ek in wapen Rennaerda ta Brantgum: "een halve adelaar met links een lelie tussen drie rozen".

Neffens de administraasje fan stimnûmers (1640, 1698) en floreennûmers (1700, 1850) wie Rennerda sate FC1, yn 1700 oanslein foar 7 floreen. Eigeners fan “Rinnerda” wienen neffens de stim- en floreenkohieren yn 1640 Wytske fan Gravinga, yn 1698/1700 kapitein jonker Sicco fan Aylva en yn 1728 de widdo fan Ernst fan Aylva. Yn 1832 fermeldt it kadaster as eigener en brûker Wytse Broers Terpstra.

Eekhoff situearre om 1850 Rinnerda op FC10; Postma folge him yn 1934 yn syn 'De Friesche Kleihoeve dêryn. Undúdlik is wêr't it hûs fan dizze sate krekt stien hat. Yn 1511 wienen beide Rennerda-saten foar elk 20 floreen oanslein.

  • 1511 Ayle Rennerden en Menne Rennerden

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: