Kameroen

(Trochferwiisd fan Republyk Kameroen)
Republic of Cameroon
République du Cameroun
Flagge fan Kameroen Wapen fan Kameroen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Kameroen
Offisjele taal Ingelsk, Frânsk
Haadstêd Yaoundé
Steatsfoarm Republyk
Ynwenners
Munt CFA-frank (XAF)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 28 maaie
Lânkoade CAM
Ynternet .cm
Tillefoan 237

Kameroen is in lân yn it westen fan Afrika. De haadstêd is Yaoundé.

It lân wurdt begrinzge troch:

Kameroen is wat de oerflakte oangiet krekt wat lytser as Frankryk, mar om-ende-by 15 kear grutter as Belgje.

De politike haadstêd is Yaoundee, mar de ekonomyske haadstêd is lykwols de havenstêd Douala dy't oan de Atlantyske Oseaan leit (Baai fan Biafra). Oare grutte stêden binne Bafoussam, Garoua, Maroua en Ngaoundéré.

De wichtige rivieren yn it lân binne, de Sanaga, de Bénoué, de Woury, de Dibamba en de Nyong. Grutte berchtme, it Adamawaberchtme, it Mandaraberchtme en de Mount Cameroon.

De earste bewenners yn Kameroen wienen pigmeeën stammen. Letter ferskine ek de Bantû folken dy't benammen yn de heechlannen libben.

Yn de 16e iuw ûntstiene troch Portegeeske ûntdekkingsreizgers en hannelslju de earste kontakten mei Jeropa. Lykwols bleaunen de Portegezen net foarfêst en wienen it de Dútskers dy't dêr in koloanje stiften. Mei de Dútske nederlaach yn de Earste Wrâldkriich wurdt Kameroen troch it Folkebûn opdield yn in Frânsk en Britsk Mandaatgebiet, te witten Frânsk Kameroen en Britsk Kameroen.

Yn 1960 waard Frânsk Kameroen in selsstannige republyk wêr't it súdlike part fan Britsk Kameroan har it jier dêrop ek by oan sleat.


Om-ende-by de helte fan de befolking fan Kameroen wennet op it plattelân, de oare helte yn stêden. Yn totaal libje der 230 etnyske groepen yn it lân, dy't alle har eigen dialekt sprekke.

De wichtichste befolkingsgroepen binne:

Yn Kameroen is in ferskaat oan leauwen. Yn it noarden is it meastepart moslim en yn it suden oerhearsket it kristendom. Guon etnyske etnyske groepen hawwe in animytysk leauwen.