Rindert van Zinderen Bakker
Rindert van Zinderen Bakker (Koartsweagen, 8 maart 1845 - It Hearrenfean, 21 jannewaris 1927) wie in timmerman, sosjalistysk politikus en Frysk skriuwer. Fan 1906-1924 wenne Bakker yn it Goai.
Biografy
bewurkje seksjeBakker wie in soan fan keapman Klaas Tjeerds Bakker en Fokjen Rinderts van Zinderen. Nei de legere skoalle gie er yn de âldens fan alve jier earst oan it wurk by de pleatslike winkelman en dêrnei by in stuollemakkerij. Nei 't er it timmerfak ûnder de knibbel hie begûn er syn eigen bedriuw. Hy rekke belutsen by it Algemeen Nederlandsch Werklieden-Verbond en rjochte in ôfdieling op De Gordyk op, wêrfan't er de foarsitter waard. Yn de jierren dêrnei rekke er geandewei radikaler en omearme de stânpunten fan Domela Nieuwenhuis. Hy rekke yn dizze tiid yn 'e swierrichheden, syn saak gong fallyt, hy dronk mear as goed foar him wie en syn frou waard sawat blyn. It slagge him lykwols om syn libben wer op 'e rit te krijen. Hy waard drankbestrider, foarsitter fan de pleatslike ôfdieling fan de Sociaal-Democratische Bond (SDB) en fan it Bûn fan Algemien Kies - en Stimrjocht.
Hy wie ek in strider foar de idealen fan de Friesche Volkspartij. Yn 1891 waard hy lid fan de gemeenteried fan Opsterlân as earste sosjalist fan Nederlân. Wifkjend waard hy lid fan de SDAP. Nei 1895 wurke er gear mei Peter Wilhelm Jansen. Sa kaam er yn konflikt mei de SDAP. Fan 1895-1897 wie er lid fan de Fryske Steaten en letter haadbestjoerslid fan it Griene Krús en fan it Nut (1900). Bakker wie meiwurker fan it Sociaal Weekblad, it Fries Volksblad en it Tijdschrift voor Armenzorg.
Bakker as skriuwer
bewurkje seksjeYn syn mear radikale perioade wie Bakker in produktyf skriuwer fan striidlieten. Syn lieten waarden op tal fan gearkomsten songen. Sa skreau er ûnder oare Ik ben rebel, Het nut van de soldatenstand (as protest tsjin it optreden fan de militêren by it Palingoproer), De advocaat, Broeders laat ons de kazerne slopen, Heb je wel gehoord van die arbeidersbond, Wat zijn de vrouwen nog in tel en De wapens neêr. Ek skreau er ferskate toanielstikken. Yn 2019 ferskynde by de útjouwer Noordboek op De Gordyk Aantekeningen uit mijn levensloop.
Wurk
bewurkje seksje- Veroordeeld? Oer de finzenskip fan Domela Nieuwenhuis (toaniel)
- Een soldaat in huis? (toaniel)
- Wenken en wensen (1894)
- Oud en nieuw, een tuiltje verzen (1924)
- Koarn en tsjef (ferzen, 1923) mei ynlieding J. v.d. Tol
- Gedenkboek ter gelegenheid van den 70sten verjaardag van F. Domela Nieuwenhuis, tegearre mei W. Beek (1916)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|