Ruprecht-Karls-Universiteit Heidelberch
(Trochferwiisd fan Ruprecht-Karls-Universiteit Heidelberg)
De Ruprecht-Karls-Universiteit (Ruprecht-Karls-Universität) yn Heidelberch, Baden-Wuertemberch, is de âldste universiteit yn it Dútslân fan no en ien fan de âldsten fan Jeropa.
Ruprecht-Karls-Universität | ||
Log fan universiteit | ||
Namme | ||
Ofkoarting | Uni HD | |
Ynternasjonale namme | Ruprecht-Karls-Universität Heidelberg | |
Latynske namme | Ruperto Carola Heidelbergensis | |
Biedwurd | Semper apertus ('Altyd iepen') | |
Lokaasje | ||
Lân | Dútslân | |
Plak | Heidelberch | |
Oare bysûnderheden | ||
Oprjochting | 1386 | |
Rektor | Bernhard Eitel (2007-no) | |
Tal studinten | 30.880 (2013/14) | |
Netwurken | League of European Research Universities (LERU) en Coimbra Groep | |
Offisjele webside | ||
www.uni-heidelberg.de |
Hy wie de tredde universiteit dy't stifte waard yn it Hillige Roomske Ryk, nei dy fan Praach en Wenen. Op 23 oktober 1385 krige Heidelberch fan Paus Urbanus VI it rjocht om in universiteit te stichtsjen. Sûnt de iepening yn 1386 troch de Paltsyske keurfoarst hie hja iuwenlang fjouwer fakulteiten: Genêskunde, Teology, Rjochten en Filosofy. Pas yn 1890 kamen Natuerwittenskippen derby as fyfde fakulteit. Hjoedendei hat de universiteit 12 fakulteiten.
Fakulteiten
bewurkje seksje- Teology
- Rjochten
- Filosofy
- Nije Filology
- Ekonomyske en Sosjale Wittenskippen
- Kultuerwittenskippen
- Wiskunde en Informatika
- Fysika en Astronomy
- Gemy en Geology
- Biology
- Genêskunde
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Universität Heidelberg fan Wikimedia Commons. |