Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen
Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen binne in kloft eilannen oan de râne fan de Skotiasee yn de súdlike Atlantyske Oseaan, hja foarmje in ûnderdiel fan de Skotiarêch.
Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen South Georgia and the South Sandwich Islands | |
---|---|
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
algemien | |
gebietsdiel fan | Feriene Keninkryk |
pol. status | oerseesk gebiet |
haadstêd | King Edward Point |
offisjele taal | Ingelsk |
sifers | |
ynwennertal | 30 (2006) |
befolkingstichtens | 0,005 / km² |
oerflak | 3.903 km² (ynkl. wetter) |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Pound sterling (GBP) (£) |
tiidsône | UTC-2 |
tillefoan | +500 |
ynternetekstinsje | .gs |
webside | www.sgisland.gs |
De eilannekloft is in oerseesk gebietsdiel fan it Feriene Keninkryk en wurdt fanút de Falklâneilannen bestjoerd (ôfstân: 1455 km). De eilannen wurde ek klaimd troch Argentynje en wiene ynset ûnder de Falklânoarloch. Oarspronklik wiene de eilannen yndield by de Falklâneilannen, mar yn 1985 waarden Súd-Georgje en de Súdlike Sandwich eilannen as in apart territoarium foarme.
Skiednis
bewurkje seksjeAlhoewol't de eilannen op it heden gjin permaninte befolking hawwe, waard Súd-Georgje yn de 19e iuw as útfalsbasis brûkt foar de walfiskfeart. Sûnt 1908 binne de eilannen yn Britske hannen en oant 2001 hiene de Britten dêr in lytse basis fêstige. Dy basis wurdt tsjintwurdich brûkt foar permanint wittenskiplik ûndersyk. Ek is der in biologysk ûndersyksstasjon fêstige op Fûgeleilân.
Geografyske yndieling
bewurkje seksjeGeografysk wurde de eilannen sa yndield:
- Súd-Georgje:
- Súdlike Sandwicheilannen:
- Traversayeilannen
- Saunderseilân
- Montagu-eilân (grutste)
- Bristoleilân
- Súdlike Tule-eilannen
- Bellingshauseneilân
- Cookeilân (moat net betize wurde mei de Cookeilannen, yn de Grutte Oseaan)
- Tule-eilân
Keppeling(s) om utens: |