Sûkereikeninginne

De Sûkereikeninginne is de ambassadrise fan Damwâld by de spesjale aktiviteiten yn en om it Kultuerhistoaryske sûkereimuseum oan de Trekwei yn Damwâld. Yn en om Dokkum en Damwâld waard eartiids in soad sûkerei ferboud. De woartel waard brûkt om in soarte kofje fan te meitsjen, yn de tiid dat oare kofje te djoer wie.

Femke Taekema, 2011
Ria Aartsma, 2010
Hilda Buursma, 2009

Yn 2009 hat de aktiviteitekommisje fan De Sûkerei de persoanlikheid 'De Sûkereikeninginne' yn it libben roppen. Froulju fan 18 jier ôf en wenjend yn Dantumadiel, Dongeradiel, Kollumerlân, Ferwerderadiel kinne har middels in ynskriuwformulier opjaan foar dizze ferkiezing. Se wurde allegear útnûge foar in petear, dêr't se harren ynskriuwing yn taljochtsje kinne. Ek wurde harren fragen steld dy't fan belang binne en wurdt dúdlik makke wêr't se oan foldwaan moatte. Hja moatte se it hiele seizoen beskikber wêze as der aktiviteiten of bysûndere dagen binne, en sil se by tiden de parse te wurd stean. Fansels stiet der in beleanning foaroer.

De ferkiezing wurdt hâlden de twadde sneon yn maaie. Fanâlds wie dit de tiid dat arbeiders fan boer of oar wurk feroaren. De nije sûkereikeninginne wurdt dy sneon by museum De Sûkerei op in spesjale wize wolkom hjitten en yntrodusearret se har as gastfrou by de besikers. De skiedende keninginne wurdt bedankt foar har ynset, en beide keninginnen wurde efkes yn de blommen setten.

Sûkereikeninginnen wienen oant no ta:.

Jier Keninginne Aldens
2011 Femke Taekema 18
2010 Ria Aartsma
2009 Hilda Buursma

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: