Sûndareuzerotten
De Sûndareuzerotten (wittenskiplike namme: Sundamys) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e mûzen en jerboä's (Myomorpha), de boppefamylje fan 'e mûzen en rotten (Muroidea), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en de ûnderfamylje fan 'e mûzen en rotten fan 'e Alde Wrâld (Murinae).
Sûndareuzerotten | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | kjifdieren (Rodentia) | |
ûnderskift: | mûzen en jerboä's (Myomorpha) | |
boppefamylje: | mûzen en rotten (Muroidea) | |
famylje: | mûseftigen (Muridae) | |
ûnderfamylje | mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae) | |
skaai: | Sûndareuzerotten (Sundamys) | |
Musser & Newcomb, 1983 | ||
Der binne trije soarten yn dit skaai, wêrfan't ien fierder opdield wurde kin yn twa fan uterlik frij sterk ferskillende ûndersoarten. Sûndareuzerotten komme foar yn it westlike part fan 'e Yndyske Arsjipel, op Borneo, Sumatra, Palawan, it westen fan Java en ferskate lytsere eilannen, en ek op it skiereilân Malakka, dat diel útmakket fan it fêstelân fan Súdeast-Aazje. Dizze bisten wiene histoarysk oan it skaai fan 'e echte rotten (Rattus) tafoege, dêr't de brune rôt en de swarte rôt ek ta hearre, mar Sûndareuzerotten binne folle grutter. Yn 'e 1980-er jierren binne se neffens nije ynsichten yn in selsstannich skaai pleatst.
Skaai-opbou
bewurkje seksje
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|