De müllerrôt of Müllers rôt (wittenskiplike namme: Sundamys muelleri) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e Sûndareuzerotten (Sundamys). Dit bist komt foar yn it westen fan 'e Yndyske Arsjipel en op it skiereilân Malakka, dat ta it fêstelân fan Súdeast-Aazje heart.

müllerrôt
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai Sûndareuzerotten (Sundamys)
soarte
Sundamys muelleri
Jentink, 1879
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding

bewurkje seksje

De müllerrôt komt foar op it skiereilân Malakka, dat diel útmakket fan it fêstelân fan Súdeast-Aazje. Hy libbet dêr fan 'e súdpunt, by Singapoer, oant de Lâningte fan Kra, yn it suden fan Tailân en Birma. Fierders komt dizze soarte ek foar yn it westen fan 'e Yndyske Arsjipel, op Sumatra en Borneo en omlizzende eilannen, en yn 'e súdwestlike Filipinen op 'e eilannen Palawan, Balabac, Busuanga en Culion.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De müllerrôt is in mânsk kjifdier mei in lange sturt en rûch hier. De pels is op 'e rêch tsjok en hurd, en bûnt mei brune en swarte plakken, en op 'e bealch sêft en koart, en ljochtbrún oant bêzje fan kleur. Beide kleurpatroanen wurde faninoar skaat troch in skerpe demarkaasjeline. Müllerrotten hawwe trochinoar in kop-romplingte fan 18-37 sm, mei in sturtlingte fan 19-37 sm en in gewicht fan 200-450 g. Har earen binne lyts, rûn en dûnkerbrún. De suver keale sturt is altyd langer as it liif, dûnkerbrún fan kleur en oerdutsen mei grutte skobben, dy't elts trije hierren befetsje. De poaten fan 'e müllerrôt binne brún en ek suver keal. Wyfkes hawwe acht spiennen yn in dûbele formaasje 1+1+2.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

Müllerrotten komme algemien foar yn boskgebieten, mar mije ek minsklike bewenning net. Se frette behalven plantaardich guod ek slakken, ynsekten en oare lidpoatigen en ek lytse wringedieren, lykas hagedissen.

De müllerrôt hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Undersoarten

bewurkje seksje

Der binne twa erkende ûndersoarten fan 'e müllerrôt, te witten: de grutte müllerrôt of grutte Müllers rôt (Sundamys muelleri validus), dy't op Malakka libbet, en de lytse müllerrôt of lytse Müllers rôt (Sundamys muelleri muelleri), op Sumatra, Borneo, Palawan en omlizzende eilannen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.