San Vitale (Ravenna)
De San Vitale (Italjaansk: Basilica di San Vitale) is in achthoekige basilyk yn 'e Noard-Italjaanske stêd Ravenna. De tsjerke waard tusken 526 en 547 boud en nei alle gedachten oan 'e ierkristlike martler Vitalis fan Milaan wijd. De San Vitale is ien fan 'e belangrykste fertsjintwurdigers fan 'e Byzantynske keunst en arsjitektuer fan West-Europa. Fral de mozaïken yn 'e tsjerke binne oer de hiele wrâld ferneamd. De basilyk stiet tegearre mei oare monuminten út dy tiid ûnder de namme 'Ierkristlike Monuminten fan Ravenna' sûnt 1996 op 'e list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.
San Vitale | ||
Lokaasje | ||
lân | Itaalje | |
plak | Ravenna | |
koördinaten | 44° 25' N 12° 11' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
patroanhillige | Vitalis fan Milaan (?) | |
status | basilica minor | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 526-547 | |
monumintale status | UNESCO-wrâlderfgoed | |
Webside | ||
www.ravennamosaici.it | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeBy opgravings yn 1911 die bliken dat al yn 'e 5e iuw in lytse, krúsfoarmige tsjerke op it plak fan 'e hjoeddeiske tsjerke stie. Neffens de 9e-iuwske kronykskriuwer Agnellus wie de katolike biskop Ecclesius de stifter fan 'e hjoeddeiske tsjerke. Dat wurdt mei in mozayk fan 'e biskop yn 'e apsis fan 'e tsjerke ûnderstreke, dêr't Ecclesius útbylde wurdt. Yn dy tiid wie Ravenna noch de haadstêd fan it Oastgoatyske keninkryk, werfan de Germaanske boppelaach him ta it ariaanske kristendom rekkene. De befolking fan 'e stêd bestie sadwaande út in ariaanske en in katolike mienskip mei elts in eigen biskop. Agnellus skriuwt fierder dat in bankier mei de namme Iulianus argentarius de bou fan 'e tsjerke betelle. Ek dêr is yn 'e tsjerke bewiis fan te finen op plakken dêr't it monogram fan Iulianus te sjen is. Syn namme wurdt ek neamd yn ferbân mei de bou fan oare tsjerken yn Ravenna, lykas bygelyks de Sant’Apollinare in Classe. De rol fan Ecclesius' opfolger Ursicinus (534–536) by de bou fan San Vitale is ûnbekend.
It wurk oan 'e bou sette nei alle gedachten earst fierder útein nei de folgjende biskop Fiktor (537/38–544/45). Syn monogram is op de ymposten yn 'e tsjerke werom te finen. Yn 'e tiid fan syn episkopaat kaam ek in ein oan it Oastgoatyske bewâld oer Ravenna. Yn 540 waard de stêd fan Byzantynske troepen fan 'e Byzantynske keizer Justinianus ûnder generaal Belisarius ynnommen. De tsjerke waard neffens Agnellus lang om let yn it jier 547 ûnder biskop Maksimianus (546-556) ynwijd. Ek Maksimianus wurdt op in mozayk oan 'e muorre fan 'e apsis ôfbylde.
Yn 'e 10e iuw hiene Benediktinen de tsjerke yn harren besit. Yn 'e midsiuwen waarden in pear feroarings oan 'e tsjerke oanbrocht. Sa waarden bygelyks krúsgraatferwulften yn 'e omgong en de galerij ynbrocht. Om de druk op te fangen waarden bûten ferskillende steunbearen mei loftbôgen boud. Yn 'e 16e iuw krige de tsjerke in nij eastlik portaal.
Paus Jehannes XXIII ferliende de tsjerke yn 1960 de titel basilica minor.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe fan natoerstien en bakstien boude tsjerke is mei in plattegrûn fan in achthoekige sintraalbou mei dêrop in koepel boud. Dy koepel hat in trochsnit fan 16 m en is allinne oan 'e binnenkant te sjen. Oan 'e bûtenkant sit de koepel efter in achthoekige dakkonstruksje weiwurke. It tsjerkegebou hat styleleminten fan 'e Romeinske arsjitektuer en de Byzantynske arsjitektuer. It meast bekend is de tsjerke fanwegen de mozaïken, it grutste en bêste bewarre oerflak bûten Konstantinopel.
De basilyk wie it foarbyld fan 'e Paltskapel yn 'e domtsjerke fan Aken.
Mozaïken
bewurkje seksjeDe mozaïken binne op de muorren en flier oanbrocht. De fliermozaïken fan ferskillende patroanen leine eartiids oer de hiele tsjerkeflier en binne yn 'e omgong foar it grutste part bewarre bleaun. Yn 'e sintrale koepelromte is de oarspronklike flier foar it grutste part troch in lettere opus-sectileflier ferfongen.
De mozaïken út de boutiid fan 'e tsjerke oerdekke hast de hiele alterromte en apsis en binne yn krêftige kleuren mei fral blau, grien en goud as eftergrûnkleuren útfierd. Oars as oare mozaïken, dy't yn 'e rin fan 'e tiid kleur ferlearen, hawwe de mozaïken fan de San Vital harren kleur kleur holden. De mozaïken besteane út kleurechte healedelstiennen. By de gouden tesserae waard echt bledgoud tusken twa laachjes glês brûkt.
Al by de tagong ta it alter is de triomfbôge hielendal mei mozayk belein. Dêr binne medaillons mei Kristus, de tolve apostels en de hilligen Gervasius en Protasius te sjen, dy't oarspronklik ek yn ien fan de beide sydkapellen fan 'e tsjerke fereare waarden en soannen wiene fan de hillige Vitalis. De measte mozaïken fan 'e alterromte hawwe in relaasje mei it Alde Testamint. Te sjen binne Abraham en Sara (lofts) mei yn 'e midden de trije ingels en rjocht Abraham dy't syn soan Izaäk offeret. Oan de oare kant binne Abel en Melchisédek dy't offerje oan God te sjen. Beide mozaïken ferwize nei de eucharisty, dy't ûnder oan it alter fan 'e tsjerke fierd wurdt. Fierder omheech binne profeten en evangelisten te sjen. Hielendal boppe wurdt it Laam Gods fan ingelen droegen.
De meast bekend mozaïken binne nei alle gedachten de portretten fan Justinianus en Theodora mei harren hôfhâlding yn 'e apsis. Justinianus yn it noarden is der fuort út te heljen mei in kroan fan trije rigen, dy't mei ealstiennen beset binne. Hy stiet yn 'e midden en draacht in skaal nei Kristus, dy't yn 'e koepel fan 'e apsis ôfbylde wurdt. By de keizer is ek biskop Maksimianus te sjen yn in wite tunyk.
Yn it súdlike mozaykfjild is Theodora de meast opfallende ferskining. Ek hja is oan 'e klean en har juwelen en de halo om har holle der fuort út te heljen. Theodora draacht in eucharityske wyntsjelk. Njonken har steane in pear weardichheidsdragers en in groep fan hôfdames. Bûten Justinianus, Theodora en Maksimianus binne de oaren net mei wissichheid te identifisearjen. It belang fan 'e mozaïken is fral dat hjir sûnder mis it keizerpear wurdt foarsteld en dan ek noch tige krekt en boppedat biede de mozaïken ek weardefolle ynformaasje oer de ierbyzantynske klaaiïng oan it hôf.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard yn 1967 troch de oargelboufirma Mascioni boud. It ynstrumint hat 53 registers op trije manualen en pedaal.
Keizer Justinianus | Keizerin Theodoara | Maksimianus | Belisarius (?) | Hôfdame |
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:San Vitale
|