De Sarsy Naasje (Ingelsk: Tsuu T'ina Nation, foarhinne Sarcee Nation; Sarsy: Tsúùtʾínà) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei in eigen reservaat yn it suden fan 'e provinsje Alberta. De Sarsy Naasje waard as offisjele stamme-organisaasje oprjochte yn 1877, en hat 1.300 leden. It haadkertier is fêstige yn Tsuu T'ina, yn it eigen reservaat, dat ûnder de reek fan 'e stêd Calgary leit.

Sarsy Naasje
Ingelsk Tsuu T'ina Nation
   (foarhinne Sarcee Nation)
lânseigen Tsúùtʾínà
flagge
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Alberta
haadkertier Tsuu T'ina (Alberta)
etnisiteit Sarsy
ledetal 1.300 (2011)
oprjochting 1877
status erkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaat Sarsy Naasje Reservaat 145
lokaasje súdlik Alberta
oerflak 283,1 km²
ynwennertal 2.052 (2011)
offisjele webside
www.tsuutinanation.ca
kaart
Sarsy Naasje (Alberta)
Sarsy Naasje
Lokaasje yn Alberta.

De leden fan 'e Sarsy Naasje binne etnyske Sarsy (Ingelsk: Sarcee of Tsuu T'ina). Hja sprekke fan oarsprong Sarsy, in Atapaskyske taal, en binne besibbe oan û.m. de Tsjippewaien (Chipewyan) en de Kûtsjin (Kutchin of Gwich'in) fan noardlik Kanada en Alaska, en ek oan 'e Navaho (Navajo) en de Apachen fan it Súdwesten fan 'e Feriene Steaten, mar net mei de om harren hinne wenjende folken fan 'e Noardlike Flakten. Yn 2011 hie de Sarsy Naasje sa'n 1.300 leden.

 
De lizzing fan it Sarsy Naasje Reservaat 145 (it ljochtblauwe fjouwerkant) yn ferhâlding ta de stêd Calgary (ljochtoranje).

It reservaat fan 'e Sarsy Naasje is it Sarsy Naasje Reservaat 145 (Tsuu T'ina Nation 145 Reserve), dat yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta leit, ûnder de reek fan Calgary, oan 'e súdwestrâne fan 'e stêd. It beslacht in oerflak fan goed 283 km², en yn 2011 wennen der 2.052 minsken.

De Sarsy wiene ien fan 'e groepen dy't yn 1877 it Ferdrach Nû. 7 tekenen, ien fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken en de Kanadeeske autoriteiten. It Ferdrach Nû. 7 besloech súdlik Alberta, en bewurkmastere û.m. de oprjochting fan 'e Sarsy Naasje as formele stamme-organisaasje en de stifting fan it eigen Sarsy-reservaat. Al yn 1910 stiene de Sarsy bekend om harren súksesfolle buorkjen, net inkeld as bouboeren, mar ek as feehâlders. Ek hjoed de dei noch binne de measten fan harren yn 'e agraryske sektor wurksum.

Der waard in grutskalige ferwoastging yn it Sarsy-reservaat oanrjochte doe't yn 1930 de keardaam fan 'e Glenmore-opslachmar trochbriek, dat ien fan 'e wichtichste drinkwetterreservoirs fan 'e stêd Calgary wie (en noch is). De ynadekwate kompinsaasje dy't de stamme neitiid fan it Kanadeeske regear krige, waard yn 2013 goedmakke doe't de federale oerheid mei K$20 miljoen oer de brêge kaam. Dat jild waard ferdield yn $5.500 foar elts lid fan 'e stamme, en in restbedrach dat yn 'e mienskipskas ferdwûn.

Yn 2007 iepene de Sarsy Naasje in eigen kasino, it Grey Eagle Casino, op in diel fan it reservaat dat krekt bûten de stedsgrins fan Calgary leit. De neite fan it reservaat ta de stêd hat oanlieding west ta ferskate swierrichheden, lykas resint noch it plan fan it stedsbestjoer om in ringwei oan te lizzen dy't foar in part oer it lân fan 'e Sarsy komme moast om natoergebieten te mijen. Yn 2009 stimde de mearderheid fan 'e Sarsy by in referindum tsjin it foarstel om foar dat doel reservaatlân mei de provinsje Alberta út te ruiljen tsjin oar lân. Nei nije ûnderhannelings waard in geunstiger oerienkomst sletten, dy't yn oktober 2013 by in nije folksriedplachting troch de stammeleden goedkard waard.

 
Sarsy-bern yn tradisjonele dracht by de optocht fan 'e Calgary Stampede-rodeo.

Boargemaster Naheed Nenshi oerlei ûnder syn boargemasterskip fan Calgary op geregelde basis mei Roy Whitney, it opperhaad fan 'e Sarsy Naasje. Dêrtroch waard de ûnderlinge relaasje tusken stamme en stêd sterk ferbettere. Yn 2011 waard der in akkoart sletten oer frije tagong fan plysje-, brânwacht- en ambulânsetsjinsten op inoars grûngebiet. En yn 2013 giene de Sarsy-reservaatsplysje en de gemeentlike plysje fan Calgary in gearwurkingsferbân oan om mei-inoar de mienskippen en buerten op 'e grins fan stêd en reservaat better te befeiligjen, û.m. troch it útwikseljen fan ekspertize en it ferbetterjen fan 'e ûnderlinge kommunikaasje.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.