Roy Whitney
Roy Whitney (eins: Roy Whitney jr.; Tsuu T'ina (Alberta), 1955) is in Kanadeesk boer, politikus en bestjoerder fan Yndiaansk komôf. Hy wie fan 1984 oant 2001 en op 'e nij fan 2012 oant 2016 it opperhaad fan 'e Sarsy Naasje. Whitney hat in protte dien om 'e ekonomyske foarútgong fan syn folk te befoarderjen, mar is dêrnjonken ek in hertstochtlik pleitbesoarger fan 'e lânseigen kultuer fan 'e Sarsy.
Roy Whitney | ||
politikus | ||
echte namme | Roy Whitney jr. | |
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
bertedatum | 1955 | |
berteplak | Tsuu T'ina (Alberta) | |
etnisiteit | Dútsk Sarsy | |
opperhaad fan 'e Sarsy Naasje | ||
amtsperioade | 1984 – 2001 2012 – 2016 | |
lid fan 'e Stammeried fan 'e Sarsy Naasje | ||
amtsperioade | 1976 – 1984 |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en riedslidskip
bewurkje seksjeWhitney waard yn 1955 berne yn Tsuu T'ina, yn it Sarsy Yndianereservaat yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta, ûnder de reek fan 'e grutte stêd Calgary. Hy is fan mingd etnysk komôf, mei sawol Sarsy-Yndianen as Dútsers as foarâlden. Whitney groeide op op 'e feehâlderij fan syn âlden, dêr't er as jonge meiholp mei it wurk. Letter naam er de pleats oer en waard er boer.
Yn jannewaris 1976 waard Whitney mei 21 jier keazen yn 'e stammeried fan 'e Sarsy Naasje, wêrnei't er acht jier lang de funksje fan riedslid beklaaide. Yn dy snuorje droech er by oan 'e ferbettering fan it sosjaal en ekonomysk wolwêzen yn it Yndianereservaat. Sels beskôge er de oprjochting fan it Sarcee People's Museum, yn 1981, as de wichtichste prestaasje út syn tiid as riedslid.
Earste perioade as opperhaad
bewurkje seksjeYn jannewaris 1984, doe't er trictich jier wie, waard Whitney foar de earste kear keazen ta opperhaad fan 'e Sarsy Naasje. Hy waard ferskate kearen werkeazen en bleau santjin jier opperhaad, oant jannewaris 2001. Yn syn nije funksje hold er oan mei syn krewearjen foar de maatskiplike en ekonomyske foarútgong fan syn folk fuort, mar tagelyk sette er him tige by tige yn foar it behâld fan 'e kultuer en taal fan 'e Sarsy. Der binne noch mar 170 minsken dy't de Sarsy-taal machtich binne, en it hat Whitney altyd muoid dat hysels dêr net ta heart. As opperhaad fertsjintwurdige er syn stamme yn 'e omgong mei it gemeentebestjoer fan it oanbuorjende Calgary, mei it provinsjale regear fan Alberta, mei it federale Kanadeeske oerheid en mei oare Yndiaanske stamme-organisaasjes.
Nei't ferskate leden fan 'e stamme ferwûne rekke wiene troch ûnûntplofte munysje en eksplosiven dy't fan it oanbuorjende legersjitterrein op iepen reservaatlân telâne kommen wiene, rjochte de Sarsy Naasje yn 1986 ûnder lieding fan Whitney de Wolf's Flat Ordnance Disposal Corporation op, in ûntminingsbedriuw. Mei dat bedriuw wiene de Sarsy yngeand belutsen by it opromjen fan lizzen bleaune munysje op 'e legerterreinen dy't se ein njoggentiger jierren út millitêre pacht weromkrigen, om't it Kanadeeske Leger ynkrimpe moast en sadwaande syn operaasjes yn Alberta ferlei nei in basis by Edmonton. Ek dêrnei gie it mei it ûntminingsbedriuw noch dat it slydjage, om't yn dy snuorje, oan 'e ein fan 'e Kâlde Oarloch, oeral yn Noard-Amearika legerbases opdoekt waarden, mei as gefolch dat der grutte fraach nei ûntmining fan sjitterreinen ûntstie.
Njonken syn opperhaadskip siet Whitney fan 1988 oant 1991 ek yn it bestjoer fan 'e Treaty 7 Tribal Association, in feriening fan stammen út súdlik Alberta dy't yn 'e njoggentjinde iuw mei de Kanadeeske oerheid it Ferdrach Nû. 7 ûndertekene hiene. Fierders siet er yn it bestjoer fan 'e Kanadeeske National Parole Board (1990-1993), de Calgary Economic Development Authority (1994), de Calgary Stampede (1996), en de First Nations Bank of Canada (1997). Ek wied er lange tiid foarsitter fan 'e National Aboriginal Economic Development Board (1996-2005). Fierders died er yn 2003 ûnsúksesfol in goai nei in ferkiezing as Kanadeesk federaal parlemintslid foar de Liberale Partij.
Lettere jierren
bewurkje seksjeNei't er yn 2001 opperhaad-ôf wurden wie, wurke Whitney fan 2003 oant 2005 as direkteur fan 'e ôfdieling Relaasjes mei de Lânseigen Befolking foar de oaljemaatskippij BP ûnder it oanlizzen fan 'e Alaska-Kanada Oaljepiiplieding. Teffens wied er fan 2001 oant 2011 as foarsittend direkteur ferbûn oan it advysburo Advisory Services Wynterose Consulting, en fan 2007 oant 2011 siet er yn 'e ried fan tafersjoch fan it Grey Eagle Casino.
Yn novimber 2012 waard Whitney op 'e nij keazen as opperhaad fan 'e Sarsy Naasje, en yn 2014 waard er yn dy funksje werkeazen. Nei eigen sizzen hat er in protte leard fan sawol syn heit, Roy Whitney sr., as fan oan syn soan, dy't yn 1999 ûntidich kaam te ferstjerren. Yn 2000 waard oan Roy Whitney yn Vancouver de National Aboriginal Achievement Award útrikt, in priis foar leden fan 'e lânseigen befolking fan Kanada (Yndianen, Mety of Inûyt) dy't har ûnderskaat hawwe op it mêd fan hannel en it sakelibben.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |