Sarsy Naasje Reservaat 145

(Trochferwiisd fan Sarsy Yndianereservaat)

It Sarsy Naasje Reservaat 145 (Ingelsk: Tsuu T'ina Nation 145 Reserve) is it reservaat fan 'e Sarsy Naasje (Tsuu T'ina Nation), in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada. It reservaat leit yn it suden fan 'e provinsje Alberta, ûnder de reek fan 'e stêd Calgary. It waard yn 1877 stifte foar de Sarsy ûnder de betingsten fan it Ferdrach Nû. 7. It haadplak fan it reservaat is Tsuu T'ina.

Sarsy Naasje Reservaat 145
Tsuu T'ina Nation 145 Reserve
polityk
haadplak Tsuu T'ina (Alberta)
stamme Sarsy Naasje
lân Kanada
provinsje Alberta
regio Regio Calgary
sifers
ynwenners 2.052 (2011)
oerflak 283,1 km²
bef.tichth. 7,2 / km²
oar
stifting 1877
tiidsône UTC –7
simmertiid UTC –6
webside www.tsuutinanation.ca
kaart
Sarsy Naasje Reservaat 145 (Alberta)
Sarsy Naasje Reservaat 145
Lizzing fan it reservaat yn Alberta.

It Sarsy Naasje Reservaat hat in oerflak fan 283,1 km², en leit yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta, fuort súdwestlik fan 'e grutte stêd Calgary. It wurdt yn it noardeasten, easten en súdeasten begrinzge troch de gemeente Calgary, yn it suden troch it Gemeentlik Distrikt Foothills Nû. 31 en yn it westen en noarden troch Rocky View County. 37th Street Southwest rint eastlik fan it reservaat; 146th Avenue Southwest oan 'e súdkant, en Alberta Highway 22 en Wintergreen Road oan 'e westkant. Alberta Highway 8 rint binnen in ôfstân fan 800 m oan 'e noardkant fan it reervaat. It Sarsy Naasje Reservaat hat in likernôch fjouwerkantige foarm; de útbuorren Bragg Creek leit der oan 'e súdwestlike punt tsjin oan, oare kant Highway 8. It haadplak fan it reservaat is Tsuu T'ina.

De befolking fan it Sarsy Naasje Reservaat is sûnt de midden fan 'e njoggentiger jierren stadichoan groeid, fan 1.509 yn 1996, fia 1.982 yn 2000 nei 2.052 yn 2011. Neffens de Kanadeeske folkstelling fan dat lêste jier wennen dy minsken yn 630 fan 'e yn totaal 655 wenten fan it reservaat. De befolkingstichtens bedroech yn 2011 7,2 minsken de km². Mei't de Sarsy Naasje mar 1.300 leden hat, dy't net allegear yn it eigen reservaat wenje, bestiet in oansjenlik part fan 'e befolking fan it reservaat út oare etnyske groepen, foar it meastepart blanke Kanadezen.

 
De lizzing fan it Sarsy Naasje Reservaat 148 (it ljochtblauwe fjouwerkant) yn ferhâlding ta de stêd Calgary (ljochtoranje).

It Sarsy Naasje Reservaat waard yn 1877 stifte ûnder de kêsten fan it Ferdrach Nû. 7, ien fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken en de Kanadeeske autoriteiten. Tusken 1901 en 1996 waard in 152 ha grut perseel yn it noarden fan it reservaat pachte troch it Kanadeeske Ministearje fan Definsje, dat dêr it sjitterrein Camp Harvey oanlei. De noardeastlike hoeke fan it reservaat, mei in oerflak fan 4.650 ha, waard fan 1910 oant 1998 ek ferpachte oan Definsje; dêr wie de Legerbasis Calgary fêstige.

Der waard in grutskalige ferwoastging yn it Sarsy-reservaat oanrjochte doe't yn 1930 de keardaam fan 'e Glenmore-opslachmar trochbriek, dat ien fan 'e wichtichste drinkwetterreservoirs fan 'e stêd Calgary wie (en noch is). De ynadekwate kompinsaasje dy't de stamme neitiid fan it Kanadeeske regear krige, waard yn 2013 goedmakke doe't de federale oerheid mei K$20 miljoen oer de brêge kaam. Dat jild waard ferdield yn $5.500 foar elts lid fan 'e stamme, en in restbedrach dat yn 'e mienskipskas ferdwûn.

Nei't ferskate leden fan 'e stamme ferwûne rekke wiene troch ûnûntplofte munysje en eksplosiven dy't fan it legersjitterrein op iepen reservaatlân telâne kommen wiene, rjochte de Sarsy Naasje yn 1986 ûnder lieding fan opperhaad Roy Whitney de Wolf's Flat Ordnance Disposal Corporation op, in ûntminingsbedriuw. Mei dat bedriuw wiene de Sarsy yngeand belutsen by it opromjen fan lizzen bleaune munysje op 'e legerterreinen dy't se ein njoggentiger jierren werom krigen, om't it Ministearje fan Definsje ynkrimpe moast en sadwaande syn operaasjes yn Alberta ferlei nei in basis by Edmonton. Ek dêrnei gie it mei it ûntminingsbedriuw noch dat it slydjage, om't yn dy snuorje oeral yn Noard-Amearika legerbases opdoekt waarden, mei as gefolch dat der grutte fraach nei ûntmining fan sjitterreinen ûntstie.

 
It segel fan 'e Sarsy Naasje op in wolkomsboerd fan it reservaat.

De gebouwen fan 'e eardere Legerbasis Calgary, dy't bekend stiene as de Currie Barracks, waarden, nei't se leech kamen te stean, kreake troch stammeleden dy't om in wente ferlegen sieten. Noch de Sarsy Naasje, noch it Ministearje fan Definsje wie dêr gelokkich mei, mar beide organisaasjes akseptearren de ûntstiene sitewaasje úteinlik. De gebouwen kamen bekend te stean as Black Bear Crossing, en ûntjoegen har ta ien fan 'e wenkearnen fan it reservaat. Yn 2006 ferklearre it Kanadeeske Ministearje fan Sûnens de gebouwen lykwols ûnbewenber, fanwegen asbest dat as boumateriaal brûkt wie. De stammeried liet de gebouwen dêrnei ûntromje, sadat se sloopt wurde koene.

Yn 2007 iepene de Sarsy Naasje in eigen kasino, it Grey Eagle Casino, op it plak dêr't earder Camp Harvey lein hie, krekt bûten de stedsgrins fan Calgary. De neite fan it reservaat ta de stêd hat oanlieding west ta ferskate swierrichheden, lykas resint noch it plan fan it stedsbestjoer om in ringwei oan te lizzen dy't foar in part oer it lân fan 'e Sarsy komme moast om natoergebieten te sparjen. Yn 2009 stimde de mearderheid fan 'e Sarsy by in referindum tsjin it foarstel om foar dat doel reservaatlân mei de provinsje Alberta út te ruiljen tsjin oar lân. Nei nije ûnderhannelings waard in geunstiger oerienkomst sletten, dy't yn oktober 2013 by in nije folksriedplachting troch de stammeleden goedkard waard.

Boargemaster Naheed Nenshi oerlei ûnder syn boargemasterskip fan Calgary op geregelde basis mei opperhaad Roy Whitney. Dêrtroch waard de ûnderlinge relaasje tusken stamme en stêd sterk ferbettere. Yn 2011 waard der in akkoart sletten oer frije tagong fan plysje-, brânwacht- en ambulânsetsjinsten op inoars grûngebiet. En yn 2013 giene de Sarsy-reservaatsplysje en de gemeentlike plysje fan Calgary in gearwurkingsferbân oan om mei-inoar de mienskippen en buerten op 'e grins fan stêd en reservaat better te befeiligjen, û.m. troch it útwikseljen fan ekspertize en it ferbetterjen fan 'e ûnderlinge kommunikaasje.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.