Haadmenu iepenje

Sasha Rionda (folút: Sasha Sybille Rionda Hogger; Meksiko-Stêd, 29 septimber 1977) is in Meksikaansk presintatrise, nijslêzeresse en ferslachjouster fan mingd Meksikaansk en Switserdútsk etnysk komôf. Hja waard bekend as presintatrise fan Detalles con Sasha, op 'e Spaansktalige nijsstjoerder CNN Español en fan The Music Room op 'e Ingelsktalige nijsstjoerder CNN International. Rionda wennet op 't heden yn Atlanta, yn 'e Amerikaanske steat Georgia.

Sasha Rionda
Mikrofono.svg tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Sasha Rionda.png
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sasha Sybille Rionda Hogger
nasjonaliteit Flag of Mexico.svg Meksikaansk
berne 29 septimber 1977
berteplak Meksiko-Stêd (Meksiko)
etnisiteit Flag of Mexico.svg Meksikaansk
Flag of Switzerland.svg   Switserdútsk
wurkpaad
wurksum as presintatrise, nijslêzeresse,
ferslachjouster
medium tillefyzje
wurksum by CNN
bekend fan The Music Room
Detalles con Sasha
jierren aktyf 1990 – no
offisjele webside
sasharionda.com
1rightarrow.png N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Sasha Sybille. De earste efternamme (fan heitekant) is Rionda, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Hogger. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm Rionda of oars Rionda Hogger brûkt wurde.

Libben en karriêreBewurkje

JonkheidBewurkje

Rionda waard yn 1977 berne yn 'e Meksikaanske haadstêd Meksiko-Stêd. Mei fanwegen in mingde etnyske eftergrûn (Meksikaansk en Switserdútsk) sprekt hja floeiend Spaansk en Ingelsk en kin hja in petear fiere yn it Frânsk en it Dútsk. Se begûn har karriêre mei 8 jier, doe't se yn 1985 har earste reklamespotsje die foar de Meksikaanske tillefyzje. Yn 1989 hie se in lyts roltsje yn 'e film Old Gringo, en yn 1990 wie se te sjen as mutantebern yn in sêne mei akteur Arnold Schwarzenegger yn 'e film Total Recall, fan regisseur Paul Verhoeven. Neitiid presintearre Rionda op 'e Meksikaanske tillefyzje in programma foar tiners en jongere bern oer sûnens en iten.

KarriêreBewurkje

Nei't se yn 1997 mei tweintich jier emigrearre wie nei de Feriene Steaten, waard Rionda presintatrise fan it programma Zoom, op 'e tillefyzjestjoerder Cinecanal, wêryn't se kommende bioskoopfilms bespriek. Fan New York oant Los Angeles makke se efter-de-skermenreportaazjes op filmsets en hold se fraachpetearen mei filmstjerren as Halle Berry, Pierce Brosnan, Nicholas Cage, Susan Sarandon en Robin Williams. Yn dyselde snuorje wurke Rionda ek as gastpresintatrise fan in ôflevering fan 'e searje Wild on E!, fan 'e tillefyzjestjoerder E! Entertainment Network. Dêrby gie hja yn Austraalje te swimmen mei haaien, spile se cricket en ferkende se it pleatslike nachtlibben.

Yn 2001 waard Rionda fanwegen har tanimmende bekendheid frege om The Music Room op 'e Amerikaanske nijsstjoerder CNN International te presintearjen. Dat wie in programma wêryn't djipdollende reportaazjes te sjen wiene oer stjerren en oanstoarmjend talint yn 'e muzykyndustry fan oer de hiele wrâld. Yn dy tiid fierde Rionda fraachpetearen mei û.o. Moby, Usher en Britney Spears. Underwilens wist se yn dyselde snuorje in stúdzje binnenhûsarsjitektuer ôf te rûnjen mei in bachelortitel, en teffens hie se yn 2002 in rol as aktrise yn 'e ûnôfhinklike film The Devil to Pay.

Rionda gie yn 2002 by CNN wei, en fêstige har yn Cincinnati, yn Ohio, dêr't se oant 2008 op 'e pleatslike tillefyzjestjoerder WKRC-TV as nijslêzeresse en ferslachjouster wurke by it Spaansktalige programma Nuestro Rincón, dat rjochte wie op 'e grutte Latino-mienskip yn dy omkriten. Hja wûn dêrmei grutte populariteit, en waard frege om yn regio fan Cincinnati letterlik hûnderten eveneminten te lieden. Foar Nuestro Rincón hold Rionda ek in fraachpetear mei de doetiidske presidint fan har heitelân Meksiko, Vicente Fox.

Yn 2006 kearde Rionda werom by CNN, dêr't se op 'e Spaansktalige stjoerder CNN Español it programma Detalles con Sasha ("Details [fan it Nijs] mei Sasha") begûn te presintearjen. Dat is in aktualiteiterubryk dy't ienris yn 'e moanne útstjoerd wurdt en in breed ferskaat oan ûnderwerpen út Latynsk-Amearika en de Feriene Steaten beljochtet, lykas keunst, arsjitektuer, iten en moade. Dêrnjonken makke Rionda ek noch oare programma's, lykas Stay, Eat, Play – Louisiana, in dokumintêre fan in oere oer de stêd New Orleans, en Atlanta Mom, in dokumintêre oer nije memmen yn Atlanta, ta gelegenheid fan it feit dat se sels krekt in poppe krigen hie.

Keppelings om utensBewurkje