Shadowbox Studios

De Shadowbox Studios, ek bekend as de Shadowbox Studios Atlanta, binne in studiokompleks yn 'e Amerikaanske stêd Atlanta, súdeastlik fan it sintrum fan 'e stêdekloft, yn Dekalb County, yn 'e Amerikaanske steat Georgia. It kompleks waard yn 2017 oprjochte ûnder de namme Blackhall Studios en krige nei in oername yn 2022 syn hjoeddeistige namme. Yn 'e Shadowbox Studios fine de opnamen foar gâns films en tillefyzjeprogramma's plak. Shadowbox hat ek studiokompleksen yn Santa Clarita (Kalifornje) (de Shadowbox Studios Los Angeles) en by it Ingelske Shinfield, yn Berkshire (de Shinfield Studios).

Shadowbox Studios
algemien
hist. namme Blackhall Studios
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Atlanta (Georgia)
oprjochte 2017
offisjele webside
shadowboxstudios.com
kaart
Shadowbox Studios (Atlanta)
Shadowbox Studios
Lokaasje yn 'e stêdekloft fan Atlanta.

Skiednis bewurkje seksje

De Shadowbox Studios Atlanta waarden yn 2017 oprjochte ûnder de namme Blackhall Studios. De earste film dy't der opnommen waard, wie de meunsterfilm Godzilla: King of Monsters, dy't yn 2019 útkaam, fan filmstudio's Warner Bros. en Legendary Entertainment. Yn 2018 rjochten de Blackhall Studios in eigen filmstudio op, Blackhall Entertainment, mei it doel om sels fjouwer films yn 't jier te produsearjen, dy't foar in part finansierd wurde soene út 'e opbringst fan 'e ferhier fan it studiokompleks oan oare filmstudio's. It earste projekt fan Blackhall Entertainment wie de horrorskriller Schoolhouse.

Yn febrewaris 2020 makke Blackhall bekend dat it fan doel wie om in nij studiokompleks te bouwen yn 'e neite fan it doarp Shinfield, by Reading, yn it Ingelske greefskip Berkshire. Dêrmei wie in ynvestearring fan $195 miljoen muoid (omrekkene £150 miljoen). It wie foar Blackhall de earste stap om utens. Yn maart 2021 waarden fierders plannen bekend makke om 'e Blackhall Studios by Atlanta sterk út te wreidzjen. Dêrfoar waard in begrutting frijmakke fan $250 miljoen. Miljeu-aktivisten hiene krityk op dy plannen om't der foar de útwreiding 3.000 beammen kappe wurde moasten. Blackhall bewissige harren derfan dat it bedriuw dat op oare plakken kompinsearje soe, mar it slagge net om 'e aktivisten te oertsjûgjen.

Yn april 2021 waarden de Blackhall Studios oankocht troch de Commonwealth Group, in ynvestearringsbedriuw út Los Angeles, dat foar it bedriuw $120 miljoen op 'e tafel lei. Yn 2022 joech Silver Lake, in oare grutte ynvestearringsfirma, him derby mei in kaptaalynjeksje ter wearde fan $500 miljoen. Neitiid waarden de Blackhall Studios omneamd ta de Shadowbox Studios.

Fasiliteiten bewurkje seksje

De Shadowbox Studios Atlanta lizze binnen de Interstate 285-ringwei fan Atlanta, op in koarte ôfstân fan it stedssintrum (dêr't akteurs en crewleden yn hotels ferbliuwe kinne) en fan 'e Ynternasjonale Lofthaven Hartsfield Jackson.

De Shadowbox Studios besteane anno 2023 út 9 soundstages, dy't yn oerflak útinoar rinne fan 1.800  oant 3.600 m². Ien dêrfan is mei 16.75 m it heechste fan hiele Georgia. De njoggen soundstages mei-inoar hawwe in oerflak fan 18.600 m². Mei kantoarromte, opslachromte, wurkplakken (foar de produksje fan dekôrstikken), klaaikeamers, romten foar fisazjy en hierstilearring en fasiliteiten foar preproduksje, postproduksje en special effects beslacht it kompleks in totaal wurkber oerflak fan 79.000 m² (oftewol 7,9 ha). Dêropta is der in backlot fan 12 ha foar bûtendoaropnamen. It kompleks is ferdield oer trije net oaninoar fêstsittende perselen, dy't Haadkampus (Main Campus), Eastkampus (East Campus) en Boskkampus (Grove Campus) hjitte.

Anno 2023 wurdt der wurke oan 'e bou fan 18 bykommende soundstages mei in oerflak fan yn totaal 112.000 m². Dat komt op in perseel fan 62 ha, lyk besuden de Haadkampus, dêr't it nei foltôging ien gehiel mei foarmje sil. As de bou fan dizze "Faze II", sa't de útwreiding neamd wurdt, klear is, sille de Shadowbox Studios it grutste studiokompleks fan Georgia wêze.

Produksjes bewurkje seksje

Films bewurkje seksje

In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Shadowbox Studios Atlanta opnommen binne:

Tillefyzje bewurkje seksje

In seleksje fan tillefyzjesearjes dy't alteast foar in diel yn 'e Shadowbox Studios Atlanta opnommen binne:

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: