Venom (film út 2018)

film út 2018 fan Ruben Fleischer

Venom is in Amerikaansk-Sineeske superheldefilm út 2018 ûnder rezjy fan Ruben Fleischer, mei yn 'e haadrollen Tom Hardy en Michelle Williams. De titel betsjut "Gif" (spesifyk: gif dat troch bisten produsearre wurdt). It ferhaal giet oer de oan legerwâl rekke ferslachjouwer Eddie Brock, dy't de 'gasthear' wurdt foar de bûtenierdske symbiont Venom en sa boppeminsklike krêften kriget. Dy set er yn om 'e psychopatyske miljardêr Carlton Drake en syn healwize ideeën oer de takomst fan 'e minskheid tsjin te hâlden, dy't de ein fan 'e Ierde betsjutte sille. Tuskentroch besiket Brock ek noch de leafde fan syn eks-freondinne Annie werom te winnen. Venom krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar woeks yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses. In ferfolch, Venom: Let There Be Carnage, kaam út yn 2021 en in trêde Venom-film in pland foar 2024.

Venom
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Ruben Fleischer
produsint Avi Arad
Matt Tolmach
Amy Pascal
senario Jeff Pinkner
Scott Rosenberg
Kelly Marcel
basearre op Venom fan Marvel Comics
kamerarezjy Matthew Libatique
muzyk Ludwig Göransson
filmstudio Columbia Pictures
Marvel Entertainment
Tencent Pictures
Arad Productions
Matt Tolmach Productions
Pascal Pictures
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Tom Hardy
Michelle Williams
byrollen Riz Ahmed
Jenny Slate
Scott Haze
Reid Scott
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Sina
premiêre 1 oktober 2018
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm
taal Ingelsk
spyltiid 112 minuten
budget en resultaten
budget $100–116 miljoen
opbringst $856,1 miljoen
filmsearje
filmsearje Venom
● folgjend diel Venom: Let There Be Carnage

Wylst se de romte ferkenne op 'e siik nei bewenbere planeten, ûntdekke astronauten fan in misje fan 'e partikuliere Life Foundation fan miljardêr Carlton Drake in komeet mei miljoenen yntelliginte bûtenierdske libbensfoarmen. De astronauten fange fjouwer fan 'e wêzens, wêrmei't se weromkeare nei de Ierde. By oankomst ûntsnapt lykwols ien fan 'e wêzens en feroarsaket it delstoarten fan it romteskip yn it Maleizyske diel fan Borneo. De Life Foundation wit de trije noch fêstsittende bûtenierdske wêzens te bergjen, wêrnei't dy nei it haadkertier fan 'e organisaasje yn San Francisco stjoerd wurde. Yn it laboratoarium dêre komt men ta de ûntdekking dat de wêzens op 'e Ierde net oerlibje kinne sûnder in soerstofsykheljende 'gasthear'. Drake neamt de wêzens dêrom "symbionten", mei't symbioaze in gearwurkingsfoarm tusken twa ferskillende organismen is dy't dêr beide baat by hawwe. Mar eins binne de bûtenierdske wêzens dy't er nei de Ierde helle hat mear parasiten, dy't fan harren gasthear profitearje sûnder dêrfoar wat werom te dwaan.

De fjirde symbiont hat it delstoarten ek oerlibbe en springt nei de bergingsoperaasje fan in astronaut nei in ferpleechster en letter fia in âldwyfke nei in jong famke. Al syn 'gasthearen' binne dea as er mei harren klear is. Geandewei reizget er yn 'e rjochting fan syn soartgenoaten yn San Francisco.

Yn San Francisco kriget ferslachjouwer Eddie Brock fan syn baas opdracht om in ynterview te dwaan mei Carlton Drake. Brock hat dêr net folle sin oan, mei't er Drake as in superrike krimineel beskôget, dy't mient dat er boppe de wet stiet. Under druk giet er dochs mei de opdracht akkoart. Nachts, as er net sliepe kin, giet er derôf om wat te drinken en sjocht er dat de laptop fan syn ferloofde Anne Weying noch oan stiet en dat se in e-mailtsje krige hat dat fertroulik is. Om't Anne yn 'e tsjinst is by in abbekatekantoar dat foar de Life Foundation wurket, kin Brock syn nijsgjirrigens net betwinge en lêst er it mailtsje. Hy ûntdekt dat de taheakken geheime dokuminten binne, wêryn't de nammen neamd wurde fan trije proefpersoanen dy't omkommen binne by tests fan nije anty-kankermedisinen fan 'e Life Foundation. De oare deis, wannear't Brock syn fraachpetear hat, ûnderstiet er Drake dêroer. Dyselde wurdt dêrop poerlulk en brekt it ynterview ôf. Mei't Brock net sizze kin wa't syn boarne is, wurdt er by syn tillefyzjenetwurk ûntslein. Om't it foar de Life Foundation net dreech is om it lyntsje fia Anne nei Brock te folgjen, ferliest Anne ek har baan. Se fielt har ferret troch Brock en ferbrekt harren relaasje.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens set de Life Foundation ûnder it persoanlik tafersjoch fan Drake útein mei it útfieren fan eksperiminten mei de symbionten. It docht bliken dat it hiel nau lústeret mei de 'gasthear', mei't inkeld in folsleine match resultearret yn in súksesfolle 'symbioaze' (eins mear in parasitêre relaasje), wylst it proefdier alle oare kearen mei gauwens dea rekket as der gjin 'symbioaze' berikt wurde kin. Nettsjinsteande dat jout Drake fuortendaliks nei de earste súksesfolle symbioaze mei in nuete knyn opdracht om oer te gean op it ynsetten fan minsklike proefpersoanen, wêrfoar't de Life Foundation mei dakleazen fan 'e strjitte lokket. Dat de measten fan harren omkomme, docht Drake neat, mei't er folslein rjochte is op syn obsesje om 'e minskheid fan in stjerrende Ierde te rêden. Hy is derfan oertsjûge rekke dat soks inkeld kin troch minsken en symbionten te kombinearjen, sadat minsken yn it fakuum fan 'e romte oerlibje kinne.

Dora Skirth, de wittenskipster dy't oan it haad stiet fan 'e eksperiminten fan 'e Life Foundation, hat wroeging oer de oantallen proefpersoanen dy't by de eksperiminten it libben litte, mar tagelyk is hja benaud om dêr roftberens oan te jaan fanwegen de bedutsen drigeminten dy't Drake oan it adres fan har bern utere hat. Lang om let beslút se dat se wat dwaan moat om Drake te stopjen en nimt se kontakt op mei Brock. Dyselde is tsjin dy tiid, likernôch in healjier nei syn ûntslach, oan legerwâl rekke en stegeret har ôf. Nei't er syn eks-ferloofde Anne weromsjoen hat, dy't har eigen libben al lang wer op 'e rails hat mei in nije freon en in nije baan, betinkt er him. Skirth smokkelet him it haadkertier fan 'e Life Foundation binnen sadat er de oangeande eksperiminten mei eigen eagen sjen kin. Dêre rekket Brock by har wei wannear't sy in erchtinkende befeiligingsman gerêststelle moat. Fan gefolgen doarmet Brock op eigen manneboet troch it laboratoarium as er yn ien fan 'e sellen Maria werkent, de dakleaze frou dy't altyd by de yngong fan 'e buertsupermerk siet dêr't hy hinne gie te boadskipjen. Wannear't Maria him om help smeket, brekt Brock har út, mar sadree't se frijkomt, springt de symbiont dy't har beset oer nei him en bliuwt sy dea efter.

Brock, dy't earst net foar it ferstân hat wat der bard is, makket dat er fuortkomt, mei't troch de útbraak fan Maria it alaarm yn it gebou ôfgiet. Op syn flecht foar de befeiligingsmeiwurkers fan 'e Life Foundation begjint er nuvere symptomen te fertoanen, lykas boppeminsklike krêft en faasje en in stim yn syn holle dy't tsjin him praat. Nei't er ûntsnapt is oan syn efterfolgers, siket er sadwaande kontakt mei Anne en har nije freon, dokter Dan Lewis. Dyselde nimt Brock mei nei it sikehûs foar ûndersyk en ûntdekt dat er in parasyt hat. Underwilens fermoardet Drake dr. Skirth foar har ferrie. De beide oare symbionten yn it laboratoarium fan 'e Life Foundation komme om trochdat der mar gjin gaadlike gasthearen foar harren fûn wurde kinne. Mar de fjirde symbiont berikt einlings op eigen gelegenheid San Francisco, dêr't er it haadkertier fan 'e Life Foundation binnenkringt en in symbioatysk/parasitêre relaasje mei Drake sels oangiet.

Mei't Skirth foar har dea tajûn hat dat se Brock it gebou binnensmokkele hie, stjoert Drake in team fan swierbewapene hierlingen û.l.f. Roland Treece om him en – wichtiger – de symbiont te fangen. Mar by de dêropfolgjende konfrontaasje manifestearret de symbiont, dy't Venom hjit, himsels om Brock syn lichem hinne as in meunstereftich wêzen dat de oanfallers in wan bruien jout en dêrnei Brock helpt om te ûntkommen. Letter leit Venom oan Brock út dat de astronauten him en syn trije maten net fongen hawwe, mar dat sy har fange litten hawwe, om't de bûtenierdske wêzens op 'e komeet in bewenne planeet sykje dêr't se alle libben besette en fan binnenút fersline kinne. Venom biedt oan om Brock te sparjen as er de symbionten helpt om dat doel te berikken, mar Brock hâldt de boat ôf, mei't er dat begryplikerwize net dwaan wol en tagelyk Venom ek net tsjin him yn it harnas jeie wol.

Mei de foto's fan 'e eksperiminten dy't geande binne yn it laboratoarium fan 'e Life Foundation giet Brock jûns nei it haadkertier fan syn âlde tillefyzjenetwurk. Hy wol it bewiismateriaal oan syn eardere baas oerdrage, mar in befeiligingsman hâldt him tsjin. Dêrop beklimt Venom de bûtenkant fan 'e wolkekliuwer en brekt er yn yn it kantoar fan syn âlde baas om it bewiismateriaal dêr efter te litten. Op 'e weromweis nimt er de lift nei ûnderen, wat in flater is om't er yn 'e lobby fan it gebou besingele wurdt troch de swierbewapene leden fan in arrestaasjeteam fan it San Francisco Police Department, dat ynseind is troch de befeiligingsman. Venom weeft lykwols handich mei harren ôf.

Anne, dy't troch dokter Lewis opskille is oer de útkomst fan it medysk ûndersyk, sit yn oer Brock en siket him. Se folget it spoar nei it gebou fan syn âlde wurkjouwer, dêr't se tsjûge is fan it sturtsje fan it gefjocht tusken Venom en it arrestaasjeteam. Ek sjocht se de transformaasje fan Venom nei Brock. Anne beseft dat der wat goed mis mei har eks is en riidt him werom nei it sikehûs. Underweis fertelt Brock har wat der mei him oan 'e hân is en leit er út dat Venom frijwol ûnkwetsber is, útsein foar fjoer en foar lûden yn 'e frekwinsjes tusken 4.000 en 6.000 hertz. Yn it sikehûs arrivearre, leit Lewis oan Brock út dat de parasyt dêr't er mei oanhelle rekke is, syn organen oan it fertarren is. Hoewol't Venom beweart dat er de orgaanskea maklik wer genêze kin, brûkt Anne it heechtoanige lûd fan in MRI-apparaat om him fan Brock te skieden. Venom komt fêst te sitten efter in glêswand, mar ûntsnapt fia in fentilaasjekanaal en beset in lyts hûntsje dat in pasjinte tsjin 'e regels yn nei it sikehûs meinommen hat.

Wannear't Brock it sikehûs ferlit, rint er Treece en syn hierlingen tsjin it liif, dy't him sûnder swierrichheden finzen nimme kinne no't Venom der net is om dat tsjin te kearen. As Anne dat sjocht, wit se net wat se dwaan kin om Brock te helpen, oant se it troch Venom besette hûntsje sjocht. Treece-en-dy nimme Brock mei in bosk yn om him op in stil plakje út 'e ljochten te helpen, mar se wurde ûnderbrutsen troch Venom dy't himsels diskear om Anne har lichem hinne foarme hat. Nei't se mei de hierlingen ôfweefd en Brock befrijd hat, jout Anne him in ynlike tongtút, wêrby't Venom wer oerspringt fan har nei Brock. Venom stelt syn gasthear foar om diskear in echte symbioatyske relaasje oan te gean, dêr't se allebeide baat by hawwe sille. De symbiont is nammentlik ta de konklúzje kommen dat er net werom wol nei syn eigen folk, dêr't er frijwol ûnderoan de pikoarder stie. Want op 'e Ierde, in planeet dy't eins sa gek noch net is, stiet er yn ien kear boppe-oan de pikoarder. Hy fertelt Brock dat Riot, de lieder fan 'e fjouwer symbionten dy't harsels troch de astronauten fange litten hawwe, fan doel is om alle oare symbionten fan 'e komeet nei de Ierde te heljen, sadat se dêr alle libben fan binnenút fersline kinne.

Sadwaande sette Brock en Venom ôf nei de romtefeartbasis fan 'e Life Foundation, dêr't Drake de lansearring fan in nij romteskip om 'e oare symbionten op te heljen al oan it tarieden is. Se besykje Anne efter te litten om't it te gefaarlik foar har wêze soe, mar sy lit har sa maklik net ôfskodzje. Op 'e romtefeartbasis jaget Riot alle wittenskippers fuort nei't de ôftellingssyklus foar de lansearring begûn is. By it lansearringsplatfoarm besykje Brock en Venom om Drake en Riot tsjin te kearen, mar yn in wapene konfrontaasje kin Riot Venom wol oer. Op in stuit yn it gefjocht ferslynt Riot syn lytsere fijân folslein, mar yn 'e kontrôlekeamer wit Anne in heechtoanich lûd te feroarsaakjen dat de beide symbionten wer útinoar hellet. Op 't langelêst slagget it Riot lykwols om Venom en Brock te skieden, wêrnei't er Brock in ôfskuord en ferbûgd stik izer dwers troch de lea stekt. Riot en Drake geane it romteskip yn en stiigje op, mar Venom wit Brock te berikken en te genêzen ear't er stjert, wêrnei't er de raket beklimt. Skaat troch in rútsje winsket er Riot in goede flecht, wêrnei't er himsels it skerprânige stik izer út 'e lea skuort en dêrmei in ûnbidige skuor yn ien fan 'e brânstoftanks makket. De raket mei it romteskip ûntploft yn in reuseftige fjoerbal en Riot en Drake komme om. Venom falt werom nei de Ierde en liket troch it fjoer fan 'e útlaten fan 'e raket hielendal om Brock hinne wei te brânen. Brock oerlibbet de fal trochdat er yn see telâne komt.

Neitiid bringt Brock syn âlde netwurk, op basis fan 'e bewizen dy't Brock oanlevere hat, de wierheid oer Carlton Drake en de Life Foundation oan it ljocht. Brock kin syn âlde baan as ferslachjouwer weromkrije, mar hy kiest derfoar om sjoernalist by in krante te wurden. Anne freget him om harren tongtút geheim te hâlden foar Dan Lewis, en Brock stimt dêrmei yn. It docht bliken dat Venom it fjoer oerlibbe hat, want hy is noch altyd yn Brock oanwêzich en hy is wisberet om Brock te helpen en win Anne werom. Anne ferkeart ûnder de yndruk dat Venom omkommen is, hoewol't se fynt dat Brock him nuver hâldt en draacht. Nei harren moeting mei Anne komme Brock en Venom oerien dat Venom net samar minsken deadzje en fersline sil, mar inkeld as it kweadaardige lju binne dy't dat fertsjinje. In bindelid dat de eigneresse fan Brock syn fêste buertsupermerk besiket ôf te parsen foldocht as earste oan dy omskriuwing.

Yn in sêne dy't middenmank de ôftiteling folget, besiket Brock it tichthûs foar in fraachpetear mei de feroardiele searjemoardner Cletus Kasady, dy't foarseit dat er yn 'e neie takomst ûntsnappe sil en dat er dan in bloedbad oanrjochtsje sil.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Tom Hardy.
 
Michelle Williams.
haadrollen
personaazje                 akteur/aktrise
Eddie Brock / Venom Tom Hardy
Anne Weying Michelle Williams


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Carlton Drake / Riot Riz Ahmed
dr. Dora Skirth Jenny Slate
Roland Treece Scott Haze
dokter Dan Lewis Reid Scott
Maria Melora Walters
frou Chen Peggy Lu
Maleizyske ferpleechster Michelle Lee
lûdsoerlêst fersoargjende buorman Scott Deckert
befeiligingsman op Brock syn wurk Emilio Rivera
Brock syn baas Ron Cephas Jones
ôfparser Sam Medina
Cletus Kasady Woody Harrelson (cameo)
man dy't hûn útlit Stan Lee (cameo)
wittenskipper by Life Foundation #1 Sope Aluko
wittenskipper by Life Foundation #2 Wayne Péré
astronaut John Jameson Chris O'Hara

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Foarskiednis

bewurkje seksje

Yn 1997 wie der foar it earst sprake fan in ferfilming fan 'e strip fan Marvel Comics oer de superheld Venom. David S. Goyer skreau in senario dat produsearre wurde soe troch New Line Cinema mei Dolph Lundgren yn 'e rol fan 'e antagonist. It projekt rûn lykwols op 'e non en de rjochten op it personaazje Venom kamen letter yn 'e hannen fan Sony Pictures, yn 'e mande mei de rjochten op Spider-Man, fan wa't Venom yn 'e strips in tsjinstanner is. Sa koe it dat Venom/Eddie Brock foar it earst op it wite doek ferskynde yn 'e superheldefilm Spider-Man 3, út 2007, wêryn't Topher Grace de rol fertolke. Tsjin july 2007 hie filmprodusint Avi Arad fan Sony Pictures plannen foar in spin-off-film oer Venom, njonken in direkt ferfolch op Spider-Man 3.

Yn jannewaris 2010 waard lykwols dúdlik dat sa'n direkt ferfolch der net mear komme soe, mei't de filmsearje oer Spider-Man reboote wurde soe yn 'e foarm fan The Amazing Spider-Man (2012). Mei kaam ek de spin-off-film foar Venom op losse skroeven te stean. Tsjin maart 2012 hie Sony Pictures noch altyd belangstelling foar in film oer Venom, mar wie dúdlik dat dy net mear fuortbouwe koe op 'e ferskining fan it personaazje yn Spider-Man 3. Filmmakkers Josh Trank en Robert Siegel kamen oan mei it idee oer Venom in film foar boppe de achttjin te meitsjen, sadat der mear geweld en bluodderigens yn ferwurke wurde koe. Produsint Matt Tolmach hie dêr wol earen nei, mar mocht net oer de kladferzje fan in senario dat se skreaun hiene.

 
Regisseur Ruben Fleischer by de promoasje fan Venom op 'e San Diego Comic-Con fan 2018.

Yn juny 2012 besleaten Arad en Tolmach om in rige films te meitsjen oer de superhelden fan Marvel dêr't Sony de rjochten op hie, wêrby't de ferhalen ûnderling ferbûn wêze soene om't se yn ien-en-deselde wrâld spylje soene. Se seagen dat idee ôf fan 'e Marvel Cinematic Universe-searje fan 'e Marvel Studios (in dochterûndernimming fan Disney). Yn desimber 2013 waarden dy plannen bekendmakke. The Amazing Spider-Man 2 (2014) soe de earste film yn 'e searje wêze. In film oer Venom waard ferskate kearen op 'e lange baan skood, oant it projekt yn maart 2016 nij libben ynblaasd waard troch Sony, yn 'e foarm fan in oarsprongsferhaal.

Venom waard úteinlik regissearre troch Ruben Fleischer nei in senario fan Jeff Pinkner, Scott Rosenberg en Kelly Marcel. As produsinten wiene Arad, Tolmach en Amy Pascal by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures, Marvel Entertainment, (it Sineeske) Tencent Pictures, Arad Productions, Matt Tolmach Productions en Pascal Pictures. Dêrmei wie Venom in Amerikaansk-Sineeske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $100 oant 116 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Matthew Libatique, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Ludwig Göransson.

 
De buert North Beach yn San Francisco wie ien fan 'e filmlokaasjes foar Venom.

De opnamen foar Venom setten op 23 oktober 2017 útein en duorren oant en mei 27 jannewaris 2018. De film waard foar it meastepart opnommen yn New York en yn 'e Blackhall Studios yn Atlanta, mar guon sênes waarden op lokaasje yn San Francisco filme, yn 'e buerten Russian Hill, North Beach, Chinatown en it Finansjeel Distrikt.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Venom waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing. De film gie op 1 oktober 2018 yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 5 oktober yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde deis by platemaatskippij Sony Classical Records. Venom kaam op 11 desimber 2018 beskikber as digitale download en waard op 18 desimber útbrocht op dvd en blu-ray. Nei't Sony Pictures yn april 2021 in oerienkomst sletten yn mei Disney dy't dat lêste bedriuw tagong joech ta de fûnskatalogus fan Sony, wie Venom fan 12 maaie 2023 ôf ek te sjen op 'e streamingtsjinst Disney+.

Fan 'e filmkritisy krige Venom oer it algemien negative resinsjes. Owen Gleiberman fan it tydskrift Variety helle de film oan as in "skoalfoarbyld fan in stripferfilming dy't net spannend is yn syn adekwate feardichheid, en sels net yn syn special effects-bravoere". Hy utere krityk op it aktearjen fan Tom Hardy yn 'e haadrol en fûn dat de film tefolle tiid ynvestearre yn it oarsprongsferhaal fan Venom wylst men better de striid mei Riot/Drake wat mear omtinken jaan kinnen hie. Dêr heakke Gleiberman oan ta dat er wolris in minder begjin fan in filmsearje oer in dield universum sjoen hie (ntl.: The Mummy út 2017), mar "it soe wolris in selde gefal wêze kinne fan 'e lansearring fan in mediafranchise dy't net de start fan 'e mediafranchise wit te berikken".

Yn The Boston Globe parte Ty Burr oan Venom 11/2 fan 4 stjerren ta. Hy skreau dat de film "de libbenskrêft út eltsenien sûcht dy't deryn spilet", Tom Hardy, Michelle Williams en Riz Ahmed ynbegrepen. Hy hie krityk op it aktearjen fan 'e hiele cast, de rezjy fan Ruben Fleischer (dy't neffens him "sûnder fokus" wie) en de kamerarezjy fan Matthew Libatique. Wol fûn er de sênes wêryn't Eddie Brock en Venom mei-inoar redendiele wylst se ien en itselde lichem besette "ridlik fermaaklik". Peter Howell fan 'e Toronto Star, in Kanadeeske krante, joech Venom 2 fan 4 stjerren en skreau dat inkeld de aktearprestaasje fan Hardy foarkaam dat de film "in ûnoansjochbere ramp" waard. Likegoed fûn er dat it mar in soadsje wie mei in ynkonsistinte toan, weardeleaze special effects en "útwosken kleuren dy't wol lykje op dy fan in science fiction-film út 1998 op in VHS-fideobân dy't te lang yn 'e sinne lein hat."

Jake Coyle fan 'e Associated Press fûn Venom "wol grappich", nettsjinsteande it feit dat it neffens him "in ûngearhingjend soadsje fan toanen, aktearstilen en special effects" wie. Hy wie bysûnder goed te sprekken oer it ferskil tusken Venom en oare Marvel-stripferfilmings en hoe't Hardy (neffens him) de film in mear komyske ynslach joech ek al gie dat skynber yn tsjin 'e bedoelings fan regisseur Fleischer. Hy konkludearre: "rampen lykas dizze hearre eins net sa fermaaklik te wêzen." Yn it blêd Time omskreau Stephanie Zacharek Venom as "noch de supergeweldichste Marvel-film, noch de minste". Se hie krityk op 'e aksjesênes en de neffens har te lytse rollen fan Michelle Williams en Jenny Slate, mar priizge it ûntwerp fan 'e symbionten as "bêst aardich om te sjen" en it aktearjen fan Hardy as "leuk om te folgjen".

 
Chinatown yn San Francisco wie ien fan 'e filmlokaasjes foar Venom.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Venom in goedkarringspersintaazje fan 30%, basearre op 364 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De earste op himsels steande film oer Venom blykt op alle ferkearde manearen op it stripfiguer te lykjen: gaoatysk, lûdroftich en tige ferlegen om in sterkere konneksje mei Spider-Man." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Venom in goedkarringspersintaazje fan 35%, basearre op 46 resinsjes. Nettsjinsteande dat joech it bioskooppublyk dat Venom sjoen hie de film yn in opinypeiling troch CinemaScore in 9 op in skaal fan 1 oant 10.

Venom brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $213,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $642,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $856,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $100 oant 116 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $740,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei waarden de negative resinsjes fan 'e filmkritisy ligen hjitten en wie Venom de op seis nei meast opbringende film fan 2018 (nei Avengers: Infinty War, Black Panther, Jurassic World: Fallen Kingdom, Incredibles 2, Aquaman, en Bohemian Rhapsody).

Tom Hardy en Michelle Williams waarden foar harren wurk yn Venom nominearre foar de MTV Movie Award foar bêste tút.

Ferfolchfilms

bewurkje seksje

It daverjende súkses fan Venom late ta de makkelei fan in ferfolchfilm, dêr't de produsinten oan 'e ein fan Venom al risselwaasje foar makken mei in sêne middenmank de ôftiteling. Venom: Let There Be Carnage, regissearre troch Andy Serkis, kaam yn oktober 2021 út. Tom Hardy en Michelle Williams kearden werom yn 'e haadrollen en Woody Harrelson spile de antagonist Cletus Kasady. In trêde film, anno 2023 noch sûnder (bekendmakke) titel, stiet pland om yn july 2024 yn 'e bioskoop te kommen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.