Sibrandus Leo
Sibrandus Leo (wierskynlik berne as: Sibrand Liuwes; Ljouwert,[1] 1528 of 1529 – proasdij Kuzemer by Oldekerk (Grinslân), 1583) wie in Frysk skiedskriuwer en geograaf.
Sibrandus Leo | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sibrand Liuwes | |
nasjonaliteit | Roomsk-Dútsk | |
berne | 1528 of 1529 | |
berteplak | Ljouwert (Fryslân) | |
stoarn | 1583 | |
stjerplak | Oldekerk (Grinslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | pastoar | |
aktyf as | skiedskriuwer, geograaf | |
jierren aktyf | ±1560 – 1583 | |
bekendste wurk(en) |
Chronica Abbatum Lidlumensium et Orte Sancti Marie |
Libben
bewurkje seksjeSibrandus Leo waard yn 1528 of 1529 berne yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert, wierskynlik as Sibrand Liuwes. Hy krige syn foarming (mei û.o. Suffridus Petrus) op 'e Latynske skoalle yn syn berteplak, en dêrnei op in kleasterskoalle. Yn 1545 died er mei sechstjin of santjin jier nammentlik as kanunnik syn yntree yn it premonstratinzer Kleaster Mariëndal (by it hjoeddeiske Kleaster-Lidlum, dat dernei ferneamd is). Nei't er dêr ta preester wijd wie, stied er as pastoar yn 'e doarpen Menaam en Berltsum.
Under de Reformaasje bleau Sibrandus Leo it roomske leauwe trou, ek al ferkearde er in grut diel fan syn libben yn humanistyske fermiddens, dêr't syn skiedkundige belangstelling foar 't neist oanfitere waard. Yn 1580, doe't de kalvinisten Fryslân ûnderwilens stevich yn 'e besnijing krigen hiene, teach Sibrandus Leo fanwegen syn leauwe nei de Grinzer Ommelannen, dy't foar in part noch yn Spaanske (roomske) hannen ferkearden. Neffens syn freon Suffridus Petrus soed er dêr yn 'e proasdij Kuzemer, by Oldekerk, yn 1583 ferstoarn wêze.
Wurk
bewurkje seksjeSibrandus Leo is benammen bekend om syn saneamde 'Pauwekaart', in lânkaart dy't tanksij it bykaartsje fan Joachim Hopper jildt as de earste histoarysk-geografyske kaart fan Fryslân. Dy lânkaart waard yn 1579 publisearre as ûnderdiel fan 'e Orteliusatlas.
Fierders skreau Sibrandus Leo ek (yn it Latyn) de Chronica Abbatum Lidlumensium et Orti Sancte Marie ("Kronyk fan 'e Abten fan Lidlum en Mariëngaarde"). Dêryn sammele er yn opdracht fan syn eigen abt Joannes Geelmuiden troch him oerskreaune kopyen fan eardere hilligelibbens fan abten fan 'e Fryske kleasters Mariëndal, by Kleaster-Lidlum, en Mariëngaarde, by Hallum (wêrunder de Vita Fretherici, oer Freark fan Hallum). Dit wurk foltôge Sibrandus Leo yn 1575. Hoewol't yn it Fryslân fan 'e Reformaasje sokke wurken yn 'e 1580-er jierren hast allegearre ferneatige waarden as 'paapske ôfgoaderij', bleau de Chronica Abbatum Lidlumensium et Orti Sancte Marie bewarre trochdat dizze kodeks yn 'e Keninklike Bibleteek yn Brussel bedarre.[2]
Dit wurk waard yn 1929 foar it lêst yn syn gehiel útjûn troch G.A. Wumkes. Yn 2001 kaam it diel fan 'e kodeks dat de abten fan it Kleaster Mariëngaarde oanbelange op 'e nij út yn 'e oarspronklike Latynske tekst ûnder redaksje fan H.Th.M. Lambooij e.o. as Vitae Abbatum Orti Sancte Marie.[3] Fierders ferskynde yn 2018 fan 'e hân fan Klaas Bruinsma in Fryske oersetting fan 'e ien fan 'e hilligelibbens, It Libben fan Freark fan Hallum. It wie Bruinsma syn bedoeling dat teminsten noch trije oare hilligelibbens út 'e kodeks apart ferskine soene.[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|